Haggai (bibelboek)
Haggai | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | חגי ("Ḥagay") | |
auteur | Haggai | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±520 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Sefanja | |
● folgjend diel | Sacharja | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Haggai | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Haggai, yn it oarspronklike Hebriuwsk: חגי, Ḥagay, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Haggai in bibelboek op himsels, it 37ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).
It koarte, út mar twa haadstikken besteande boek Haggai omfettet de profesijen fan 'e profeet Haggai, oer wa't fierders net folle bekend is, al wurde hy en syn boadskip neamd yn Ezra 5:1 en 6:14. Syn namme komt fuort út 'e Hebriuwske woartel hgg, mei de betsjutting "op pylgertocht gean", wat miskien wat oer de man seit. It bibelboek dat nei him neamd is, is troch saakkundigen datearre om 520 f.Kr. hinne, wêrmei't it nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., falt, mar foàr de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim. De earste folsleine Fryske oersetting fan Haggai stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek Haggai hat grutdiels mei de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim te krijen, nei't de Joaden weromkeard wiene út 'e Babyloanyske Ballingskip. Doe't it wurk dêroan troch de ûnmoed fan it folk en de tsjinwurking fan harren fijannen stilfoel, profetearre Haggai fjouwer kear, de earste kear om 'e bou wer op gong te krijen, en de oare trije kearen om 'e bouwers oan te trúnjen en meitsje oan. Dêrby wurke er (neffens Ezra) nau gear mei de profeet Sacharja.
Haggai syn boadskip is ien en al oantrún om fierder te gean mei de werbou fan 'e Timpel. Hy leit in resinte drûchte út as it gefolch fan it omlanterfantsjen fan 'e bouwers. Yn syn eagen is de Timpel de kaai ta de nije gloarje fan Jeruzalim en it symboal foar de trou fan 'e Joaden oan har ferbûn mei God. Hy beslút syn profesijen mei it ûnthjit dat God de troanen fan 'e buorfolken omreagje en it Joadske keninkryk op 'e nij ferheffe sil.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Hag. 2:2-10 út. De earste folsleine útjefte fan Haggai stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Haggai waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |