Springe nei ynhâld

Guys and Dolls (film)

Ut Wikipedy
Guys and Dolls
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joseph L. Mankiewicz
produsint Samuel Goodwyn
senario Joseph L. Mankiewicz
basearre op de ferhalebondel fan
    Damon Runyon
de toanielmusical fan
    Abe Burrows, Jo Swerling
    en Frank Loesser
kamerarezjy Harry Stradling
muzyk Frank Loesser (lieten)
Jay Blackton (filmmuzyk)
Cyril J. Mockridge (filmmuzyk)
filmstudio Samuel Goldwyn Productions
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Marlon Brando
Jean Simmons
Frank Sinatra
Vivian Blaine
byrollen Stubby Kaye
Johnny Silver
B.S. Pully
Robert Keith
Sheldon Leonard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 novimber 1955
foarm lange filmmusical
sjenre romantyske misdiekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 150 minuten
budget en resultaten
budget $5,5 miljoen
opbringst $9,1 miljoen
prizen 2 × Golden Globe

Guys and Dolls is in Amerikaanske romantyske misdiekomeedzje, yn 'e foarm fan in filmmusical, út 1955 ûnder rezjy fan Joseph L. Mankiewicz. De haadrollen yn dizze Technicolor-film waarden fertolke troch Marlon Brando, Jean Simmons, Frank Sinatra en Vivian Blaine. De titel betsjut "Jonges en Fammen", mar dan yn sprektaal, dus mear as "Knapen en Wiven". De film waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1950, dy't sels wer basearre wie op in pear koarte ferhalen út in ferhalebondel fan Damon Runyon. It ferhaal giet oer in pear lytse kriminelen, Nathan Detroit en Sky Masterson, dy't belutsen binne by yllegaal gokken. Se geane ûnderling in weddenskip oan dat it Sky net slagje sil om in frou fan Nathan syn kar mei út te nimmen op in ôfspraakje yn Havana. Nathan kiest dêrfoar sersjant Sarah Brown út, in sindelinge fan in Leger des Heils-eftige organisaasje dy't him bot oankantet tsjin gokken. It slagget Sky wol deeglik om har mei te krijen, mar syn snoade plantsjes rinne averij op as er fereale op har rekket. Guys en Dolls krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol. Guys en Dolls waard nominearre foar fjouwer Oscars en wûn twa Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.

De gokker Nathan Detroit besiket yn New York in yllegaal potsje dobbeljen om hege ynset te organisearjen, mar de plysje sit him dwers. Alle gebrûklike lokaasjes foar sa'n evenemint wize Nathan de doar ûnder druk fan 'e yntimidearjende ynspekteur Brannigan. De Biltmore-garaazje wol Nathan-en-dy dêr wol dobbelje litte, mar de eigner wol foarôf in oanbetelling fan $1.000 hawwe, en safolle jild hat Nathan net. Syn swierrichheden wurde noch grutter as de frou mei wa't er omslacht, nachtklubsjongster Miss Adelaide, nei in ferloving fan fjirtjin jier wolris trouwe wol. Se wol ek dat Nathan op it rjochte paad bliuwt, mar it iennichste dat er goed kin is it organisearjen fan yllegaal gokken.

Nathan hâldt it houliksboatsje mei Adelaide op 'e nij ôf en leit him ta op it besetten fan jild sadat it dobbeljen yn 'e Biltmore-garaazje plakfine kin. It sit him einlings ris mei as er in âlde kunde fan sines treft, Sky Masterson, in gokker dy't frijwol oeral wol om wedzje wol en altyd tsjin in hege ynset. Om 'e $1.000 te winnen dêr't er ferlet fan hat, weddet Nathan dat Sky net in fanke fan Nathan syn kar mei krije kin op in ôfspraakje nei Havana yn Kuba. Sky nimt dy weddenskip oan en leit $1.000 yn. Dêrop kiest Nathan sersjant Sarah Brown út, in suster fan 'e kristlike, op militêre least skoeide Rêd in Siel-misje (dúdlik basearre op it Leger des Heils), dy't him bot oankantet tsjin gokken om't dat in sûnde is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sky beart dat er in beroufolle gokker is om mei Sarah yn kontakt te kommen. As se wat better mei-inoar yn 'e kunde kommen binne, stelt er op in stuit in útruil foar: hy sil derfoar soargje dat der op 'e tongersdeitejûnstsjinst yn 'e Rêd in Siel-misje mear as tsien sûnders delkomme fan wa't Sarah-en-dy de sielen rêde kinne, as Sarah mei him nei Havana reizget foar in itentsje. No is it sa gelegen dat it net sa goed giet mei Sarah har misjepost op Broadway, dêr't frijwol nimmen de tsjinsten bywennet. Generaal Matilda Cartwright, it haad fan 'e Rêd in Siel-misje, risselwearret dêrom om dy ôfdieling te sluten. Sarah sjocht yn it ûnthjit fan Sky in manear om dat foar te kommen en giet dêrom akkoart mei syn foarstel.

Underwilens is Nathan fol selsfertrouwen dat er syn weddenskip mei Sky winne sil. Dêrom ropt er alfêst alle gokkers byinoar, ûnder wa in besiker dy't meikomt op útnûging fan Harry the Horse: in lid fan 'e maffia dy't Big Jule hjit. Wannear't ynspekteur Brannigan ferskynt, makket Benny Southstreet him wiis dat se gearkommen binne by wize fan in frijfeintefeest, foarútrinnend op Nathan syn oansteande trouwerij mei Adelaide. Nathan is skokt oer dy leagen, mar tagelyk is er twongen om mei te spyljen. Hy beseft dat it spul út wêze sil as er no net echt mei Adelaide trout. Wannear't Sky mei Sarah ôfreizget nei Havana, begrypt Nathan dat er ta oermjitte fan ramp ek noch syn weddenskip ferlern hat.

Yn Havana brekt Sky de sosjale remmings fan Sarah ôf troch har te boarnen mei "milkshakes" dy't oanlinge binne mei rum. Se reitsje behelle yn in grutte fjochtpartij yn in bar en ûntkomme mar op it nipperke oan arrestaasje troch de Kubaanske plysje. Tsjin 'e tiid dat se weromreizgje nei New York is Sarah heal fereale rekke op Sky; sy is net de earste frou dy't dat oerkomt, dat dat is net ûnferwachts. Mar wêr't Sky net op rekkene hie, is dat hysels ek fereale rekket op Sarah.

Werom op Broadway hat it muzykkorps fan 'e Rêd in Siel-misje, op goerie fan Sky, de hiele jûn op 'e strjitte dwaande west om sieltsjes te winnen. Underwilens is de lege misjepost troch de gokkers ûnder lieding fan Nathan brûkt as plak om te dobbeljen. As plysje-auto's mei âljende sirenes dy kant út komme, pike de smychten gau út fia de efterdoar. De plysje arrivearret te let om arrestaasjes te ferrjochtsjen, mar ynspekteur Brannigan fynt de ôfwêzigens fan Sarah en de oare misjeleden fertocht en fermoedet dat Sky dat mei opsetsin sa regele hie. Sarah is al like erchtinkend. Hja wegeret him te leauwen as er úthâldt dat hy neat mei de organisaasje fan dit yllegale gokspul te krijen hie en rint lulk by him wei.

Likegoed moat Sky him noch oan syn ûnthjit hâlde om in tsiental gokkers mei te nimmen nei de tongersdeitejûnstsjinst yn 'e misjepost. Sarah soe de hiele boel it leafst ferjitte en sa fluch mooglik efter har litte wolle. Mar omke Arvide Abernathy, dy't is soarte fan heitefiguer foar har is, warskôget Sky dat er derfoar soargje sil dat eltsenien yn New York wit dat er in ûnoprjochte liger en bedrager is as er him net oan syn wurd hâldt.

Yn it rioel hawwe Nathan-en-dy ûnderwilens harren dobbeljen fuortset. Mei syn revolver sichtber yn syn skouderholster, twingt Big Jule, dy't al syn jild al ferlern hat, Nathan om tsjin him te spyljen wylst er dobbelet mei syn eigen dobbelstiennen. Dy hawwe gjin stippen, mei't Big Jule dy der ôfhelje litten hat "foar lok", mar hy wit noch krekt hokker stippen op hokker kant sitten hawwe. It docht nimmen nij dat Big Jule mei dizze dobbelstiennen hieltyd heger goait as Nathan, dy't sa al syn jild kwytrekket. Sky komt it rioel binnen mei in aaklik sin om't Sarah har ôfwizing him op it sear kommen is. Hy slacht fuort Big Jule del, wêrnei't er him syn revolver ôfpakt. Tsjin Nathan liicht er dat er harren weddenskip ferlern hat en hy betellet him de $1.000 dy't se ynset hiene.

Nathan seit tsjin Big Jule dat er no wer jild hat om nochris tsjin him te spyljen, diskear mei dobbelstiennen mei stippen derop, mar Harry the Horse merkt op dat Big Jule net spylje kin sûnder falskspyljen "al koed er syn siel dermei rêde". As Sky dat heart, kriget er in idee. Hy sil mei alle oaren tagelyk dobbelje troch ienris de dobbelstiennen te rôljen. As er ferliest, sil er alle oanwêzigen $1.000 betelje, mar as er wint, moatte se allegearre mei nei de misjepost om in gebedstsjinst by te wenjen. Dat liket de oaren skoan ta, dat se stimme dermei yn.

De misjepost stiet op it punt om foar de nacht ticht te gean en generaal Cartwright is fan doel om him de oare moarns net wer te iepenjen. Ynienen streamt de romte fol mei gokkers: Sky hat syn weddenskip wûn. Mei tsjinnichheid bychtsje de mannen har sûnden op, en it is dúdlik dat se der net folle berou oer fiele. Mar Nicely-Nicely Johnson komt in dream tebinnen dy't er de nachts tefoaren hân hat, en hy liket in autentike bekearing troch te meitsjen, wêrmei't eltsenien tefreden is.

Wannear't Nathan tsjin Sarah seit dat Sky de weddenskip ferlern hat om har mei te nimmen op in ôfspraakje nei Havana, wêrfan't sy wit dat er dy wol deeglik wûn hat, hastiget se har efter him oan om it mei him goed te meitsjen. It einiget allegearre mei in dûbele trouwerij yn Times Square, wêrby't Sky mei Sarah trout en Nathan mei Adelaide.

Marlon Brando.
Jean Simmons.
Frank Sinatra.
Vivian Blaine.
  • Runyonlandorkest
  • Fugue for Tinhorns – Nicely-Nicely Johnson, Benny Southstreet, Rusty Charlie
  • Follow the Fold – Sarah Brown, Misjekorps
  • The Oldest Established – Nathan Detroit, Nicely-Nicely Johnson, Benny Southstreet, oare manlju
  • I'll Know – Sarah Brown, Sky Masterson
  • Pet Me, Poppa – Adelaide en The Hot Box Girls
  • Adelaide's Lament – Adelaide
  • Guys and Dolls – Nicely-Nicely Johnson, Benny Southstreet
  • Adelaide – Nathan Detroit
  • Havana – orkest
  • If I Were a Bell – Sarah Brown
  • (Your Eyes Are the Eyes of) A Woman in Love – Sky Masterson, Sarah Brown
  • Take Back Your Mink – Adelaide en The Hot Box Girls
  • Adelaide's Second Lament – Adelaide
  • The Crapshooters' Dance – orkest
  • Luck Be a Lady – Sky, Guys
  • Sue Me – Adelaide, Nathan Detroit
  • Sit Down, You're Rockin' the Boat – Nicely-Nicely Johnson en hiele cast
  • Guys and Dolls (Reprise) – hiele cast
haadrollen
personaazje                                 akteur/aktrise
Sky Masterson Marlon Brando
sersjant Sarah Brown Jean Simmons
Nathan Detroit Frank Sinatra
Miss Adelaide Vivian Blaine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nicely-Nicely Johnson Stubby Kaye
Benny Southstreet Johnny Silver
Big Jule B.S. Pully
ynspekteur Brannigan Robert Keith
Harry the Horse Sheldon Leonard
Rusty Charlie Danny Dayton
omke Arvide Abernathy Regis Toomey
generaal Matilda Cartwright Kathryn Givney
Society Max George E. Stone
Laverne Veda Ann Borg
Calvin Kay E. Kuter
Kubaanske sjongster Renée Renor
The Hot Box Girls The Goldwyn Girls*
ferliedlike dûnspartner fan Sky yn Havana Larri Thomas

*) wêrûnder June Kirby, Pat Sheehan en Larri Thomas.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guys and Dolls waard regissearre troch Joseph L. Mankiewicz nei in senario fan himsels. Dat wie basearre op 'e súksesfolle Broadway-toanielmusical Guys and Dols út 1950, fan tekstskriuwers Abe Burrows en Jo Swerling en komponist Frank Loesser. De toanielmusical wie wer basearre op 'e koarte ferhalen The Idyll of Miss Sarah Brown en Blood Pressure út 'e ferhalebondel Guys and Dolls fan Damon Runyon, út 1932.

As produsint wie Samuel Goodwyn by it projekt belutsen foar syn eigen filmstudio Samuel Goldwyn Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $5,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Harry Stradling. De filmmuzyk waard fersoarge troch Jay Blackton en Cyrill J. Mockridge, wylst de musicallieten fan Frank Loesser wiene. De opnamen foar Guys and Dolls fûnen begjin 1955 plak.

De rol fan Sky Masterson wie yn 'e toanielmusical op Broadway spile troch Robert Alda. Foar de ferfilming wie Gene Kelly de earste serieuze gadingmakker, mar úteinlik gie de rol nei Marlon Brando. Foar in part kaam dat trochdat Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dêr't Kelly ûnder kontrakt stie, de akteur net útliene woe (hoewol't MGM iroanysk genôch letter de filmdistribúsje fan Guys and Dolls bemachtige). Mar foar in oar part hie it dermei te krijen dat filmprodusint Samuel Goldwyn fan it begjin ôf oan Brando al caste woe, om't dy op dat stuit de populêrste akteur fan Hollywood wie.

Sjonger en akteur Frank Sinatra hie eins syn sinnen ek set op 'e rol fan Sky Masterson, mar hy moast genoegen nimme mei de (mindere) rol fan Nathan Detroit. Dat kaam him eins al wat op 't sear, temear om't er earder ek graach Terry Malloy yn On the Waterfront spylje wollen hie, in rol dy't ek nei Brando gien wie. Ien en oare late ta in beskate spanning tusken Sinatra en Brando op 'e filmset fan Guys and Dolls. Neffens de Amerikaanske filmhistoarikus James Bacon soe Sinatra tsjin regisseur Joe Mankiewicz sein hawwe: "Rop my mar as de mompeler klear is mei rippetearjen."

Om't Betty Grable net beskikber wie, caste Goldwyn Vivian Blaine as Miss Adelaide. Dat wie in rol dy't sy earder ek spile hie op Broadway. Marilyn Monroe hie graach de rol fan Adelaide spylje wollen, mar sels in persoanlik tillefoantsje fan 'e grutte filmdiva oan Mankiewicz sortearre datoangeande gjin effekt. Ek Stubby Kaye, B.S. Pully en Johnny Silver fertolken yn 'e film deselde rollen dy't se earder yn 'e toanielmusical spile hiene.

Goldwyn woe graach Grace Kelly hawwe om 'e Rêd in Siel-suster Sarah Brown te spyljen, mar dy wiisde de rol ôf om't se al oare ferplichtings oangien wie. Dêrop naam Goldwyn kontakt op mei de Skotske aktrise Deborah Kerr, syn twadde kar, dy't lykwols likemin beskikber wie. Syn trêde kar wie Jean Simmons, dy't earder de tsjinspylster fan Marlon Brando west hie yn Désirée. Goldwyn wie posityf ferrast oer de moaie sjongstim fan Simmons en har treflike aktearprestaasje, en sei letter: "Ik bin sa bliid dat ik Grace Kelly net krije koe." Regisseur Mankiewicz dielde dy miening en neamde Simmons "in fantastysk talintearre en ûnbidich ûnderskat fanke". Ek seid er oer har: "Jean Simmons stekt mei safolle koppen en skouders boppe de measten fan har tiidgenoaten út dat men jin ôffreget wêrom't se net de grutte filmstjer wurden is dy't se wêze kinnen hie."

Filmprodusint Samuel Goldwyn en regisseur Joseph L. Maniewicz besleaten fiif lieten út 'e toanielmusical net yn 'e film op te nimmen. Dêrby gie it om: A Bushel and a Peck, I've Never Been in Love Before, My Time of Day, Marry the Man Today en More I Cannot Wish You. Dêr foar yn it plak namen se trije nije lieten yn 'e ferfilming op, dy't spesjaal foar dat doel skreaun wiene troch Frank Loesser: Pet Me, Poppa, (Your Eyes Are the the Eyes of) A Woman in Love en Adelaide. It lêste liet waard spesjaal foar Frank Sinatra tafoege. It bekendste liet út 'e film is Luck Be a Lady. De lieten fan Jean Simmons en Marlon Brando, dy't eins gjin musicalakteurs wiene, waarden troch de akteurs sels songen, sûnder neitiid neisyngronisearre te wurden troch profesjonele sjongers, sa't yn 'e 1950-er jierren hiel gebrûklik wie.

De distribúsje fan Guys and Dolls waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 3 novimber 1955 yn New York yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Guys and Dolls oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Guys and Dolls in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film], dy't in eskapistysk en ynventyf bioskoopgenot is, strielet tanksij de sjarme fan 'e cast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Guys and Dolls in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 13 resinsjes.

Guys and Dolls brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $6,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $2,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $9,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5,5 miljoen betsjut dat in winst fan $3,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Guys and Dolls neffens it tydskrift Variety de meast opbringende film fan 1956.

Yn 1956 waard Guys and Dolls by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen: bêste kamerarezjy yn in kleurefilm, bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp yn in kleurefilm en bêste artdirection yn in kleurefilm. De film wûn twa Golden Globes: de priis foar bêste film (musical of komeedzje) en de priis foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Jean Simmons). Guys and Dolls waard ek nominearre foar twa BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, foar bêste film en bêste bûtenlânske aktrise (Jean Simmons).

Mooglike remake

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 2013 kocht 20th Century Fox de filmrjochten oan op it meitsjen fan in remake fan Guys and Dolls. Yn maart 2019 waarden dy rjochten trochferkocht oan TriStar Pictures, dat in jier letter in kontrakt ôfsleat mei Bill Condon om 'e remake te regissearjen. Anno 2023 waard fan dat projekt neat mear fernommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.