Springe nei ynhâld

Freddie Mercury

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Freddy Mercury)
Freddie Mercury
sjonger en/of muzikant
Freddie Mercury yn 1977
Freddie Mercury yn 1977
persoanlike bysûnderheden
echte namme Farrokh Bulsara
nasjonaliteit Britsk
berne 5 septimber 1946
berteplak Stone Town, Sansibar
stoarn 24 novimber 1991
stjerplak Londen
wurkpaad
sjenre Rock,
Hardrock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Piano
grutste hit(s) Bohemian Rhapsody,
Somebody to Love,
We Will Rock You,
We Are the Champions,
Crazy Little Thing Called Love,
Under Pressure,
Radio Ga Ga,
I Want to Break Free
jierren aktyf 1969 - 1991

Freddie Mercury, berne as Farrokh Bulsara (Stone Town, Sansibar, 5 septimber 1946 - Londen, 24 novimber 1991) wie in Britsk popmusikus. Hy waard ferneamd as sjonger fan de groep Queen en waard ien fan de meast populêre popartysten ea.

Earst allinnich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freddie Mercury waard yn 1946 berne op it Eastafrikaanske eilân Sansibar, dat tsjintwurdich ta Tanzania heart. Syn âldelju wiene (soroästriaanske) Parsy út Gûdjarat, yn westlik Yndia. Mercury brocht syn bernetiid foar it grutste part troch yn Yndia. Dêr hat er syn earste band oprjochte mei de namme: The Hectics. Yn dy tiid hat er syn namme feroare fan Farrokh nei Freddy omdat syn namme min út te sprekken wie foar minsken út Yndia. Yn 1964 ferfear de famylje nei Middlesex yn Ingelân. Freddy studearret dêr Grafyske foarmjouwing en set er út ein mei in nije muzykgroep. Dy hjit fan Wreckage. Wilens in optreden mei de Wrechage brekt Freddy syn mikrofoanstanderd en yn plak fan him te ferfangen, draacht er de brutsen standert de rest fan it optreden mei. De brutsen standert heart tenei standert by Freddy.

Brian May in bandlid fan Queen

It begjin fan Queen.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch in kollega studint komt er yn 'e kunde mei Roger Taylor en Brian May dy’t beide yn de band Smile spylje. Smile rekket út elkoar meidat Tim de sjonger it net iens is mei de styl dêr't de muzyk hinne giet. Freddy stapt ek út syn groep wei. Hy begjint in nije band mei Roger en Brian. Letter komt John Deacon der noch by. Dêrmei is ien fan de grutste rockgroepen fan de skiednis berne. Krekt foardat Queen yn 1973 debutearret komt Freddey mei in solo single. Dat ûnder it pseudonym Larry Lurex.

Ferneamd sjonger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De single hjit fan: I can Hear music going back. Yn 1974 hat Queen in hit mei it nûmer Killer Queen. Mar yn 1975 wurde se echt ferneamd mei Bohemian Rhapsody. Dat ferske mei de opera ynfloeden wurdt wrâldwiid nûmer ien en wurdt troch kenners beskôge as it bêste ferske út de pop-rock skiednis. Freddy jout Queen in prachtige útstrieling en wilens de live optredens wit er altyd wat te dwaan dêr't er mei opfalt. Hy makket him hjirmei wrâldferneamd. Der komme in rige hits yn in koarte rite: Somebody to Love, We Are the Champions, Don't Stop Me Now, Another One Bites the Dust en Crazy Little Thing Called Love.

In optreden fan Queen

Syn driuw om solo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de jierren tachtich begjint Freddy wer nei te tinken om allinnich fierder te gean. Yn 1985 bringt hy it album Mr Bad Guy mei de grutte hit Living om my own út. Dêrnei hat er ek in hit mei The Great Pretender. Yn 1987 wurket er mei oan de musikal Time en noch it selde jier smyt de gearwurking mei de operastjer Montserrat Caballe it album Barcelona op. It nûmer Barcalona wurdt de melody fan de Olympyske spullen fan 1992.

Sykte en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rabberijen dat Freddy Mercury Aids hawwe soe, wurde mei it ferrin fan tiid hieltyd sterker. Hy kaam net in soad bûten. Yn de simmer fan 1991 ferskynde de fideoklip fan I'm going slightly mad, dêr't de sjonger wol yn te sjen wie. Mar hy hie in soad make-up op en in prúk. Dôchs wie wol te sjen dat er bot fermeagere wie. Doe kaam These are the days of our lives út. Dat soe de lêste klip wêze dêr't Freddy yn te sjen wie. It wie dúdlik te sjen dat Freddy slim siik wie. De klip einiget mei de wurden I still love you, wat in oade wie oan de fans fan Queen.

Dêrnei waard bekend dat it meitsjen fan de klip in hiel soad enerzjy koste hat, want Freddy hie yndie aids. Op 23 novimber 1991, ien dei foar syn ferstjerren waard dat offisjeel bekend makke.

Freddy Mercury stoar op 24 novimber 1991 om 19.00 hinne yn Londen oan in longûntstekking, as komplikaasje fan aids. Hy waard 45 jier âld. Yn de lêste moannen fan syn libben hat er noch in stikmannich ferskes opnaam foar de leste Queen kompaktskiif, Made in heaven. Dy kompaktskiif kaam fjouwer jier nei syn ferstjerren út, yn novimber 1995.

It stânbyld yn Montreux

Op peaskemoandei 20 april 1992 organisearje de trije oare leden fan Queen in betinkingskonsert as neitins oan Freddy Mercury yn it Londenske Wembly stadion. Mei dat konsert is der jild samle foar it Mercury Phoenix Trust, in fûns dat oprjochte is om de sjonger te betinken mei as doel om aids te bestriden troch medysk ûndersyk en publike foarljochting. Der wiene in soad bands sa as: Metallica, Guns n' Roses en Extreme . De neikommende minsken songen in ferske fan Queen: Robert Plant, Liza Minnelli, Elton John, Roger Daltrey, Annie Lennox, George Michael en Seal.

Op 25 novimber 1996, fiif jier nei syn dea, waard in stânbyld fan Freddy Mercury delset yn Montreux.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Queen 13 july 1973 Queen Keep Yourself Alive,
Liar
Queen II 8 maart 1974 Seven Seas of Rhye
Sheer Heart Attack 8 novimber 1974 Killer Queen,
Now I'm Here
A Night at the Opera 21 novimber 1975 Bohemian Rhapsody,
You're My Best Friend
A Day at the Races 10 desimber 1976 Somebody to Love,
Tie Your Mother Down,
Teo Torriatte (Let Us Cling Together),
Good Old-Fashioned Lover Boy,
Long Away
News of the World 28 oktober 1977 We Are the Champions,
Spread Your Wings,
It's Late
Jazz 10 novimber 1978 Bicycle Race,
Don't Stop Me Now,
Mustapha,
Jealousy
The Game 30 juny 1980 Crazy Little Thing Called Love,
Save Me,
Play the Game,
Another One Bites the Dust,
Need Your Loving Tonight
Flash Gordon 8 desimber 1980 Flash
Hot Space 21 maaie 1982 Under Pressure,
Body Language,
Las Palabras de Amor,
Calling All Girls,
Staying Power,
Back Chat
The Works 27 febrewaris 1984 Radio Ga Ga,
I Want to Break Free,
It's a Hard Life,
Hammer to Fall
Mr. Bad Guy 29 april 1985 Freddie Mercury I Was Born to Love You,
Made in Heaven,
Living on My Own,
Love Me Like There's No Tomorrow
A Kind of Magic 2 juny 1986 Queen One Vision,
Princes of the Universe,
A Kind of Magic,
One Year of Love,
Friends Will Be Friends,
Pain Is So Close to Pleasure,
Who Wants to Live Forever
Barcelona 10 oktober 1988 Freddie Mercury &
Montserrat Caballé
Barcelona
The Golden Boy,
How Can I Go On,
Guide Me Home
The Miracle 22 maaie 1989 Queen I Want It All,
Breakthru,
The Invisible Man,
Scandal,
The Miracle
Innuendo 4 febrewaris 1991 Innuendo,
I'm Going Slightly Mad,
Headlong,
These Are the Days of Our Lives,
The Show Must Go On
Made in Heaven 6 novimber 1995 Heaven for Everyone,
A Winter's Tale,
Too Much Love Will Kill You,
I Was Born to Love You,
Let Me Live,
You Don't Fool Me

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]