Springe nei ynhâld

Tie Your Mother Down

Ut Wikipedy
Tie Your Mother Down
algemiene ynformaasje
B-kant You and I
artyst Queen
album A Day at the Races
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 4 maart 1977
opnommen 1976
doer 4:48 album
3:45 single
label EMI
skriuwer Brian May
produsint Queen
fideoclip
Queen - Tie Your Mother Down (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 14,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 10
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 18

Tie Your Mother Down is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1976 en útbrocht op it album A Day at the Races fan Queen út 1976. Tie Your Mother Down wie it earste nûmer op it album en waard op 4 maart 1977 útbrocht as twadde single fan it album.

Brian May begûn it nûmer te skriuwen op Teneryf, wylst er wurke oan syn proefskrift foar de stúdzje stjerrekunde. Hy komponearre de riff op in Spaanske gitaar en waard op in moarn wekker en spile it wylst er Tie Your Mother Down song, in sin dy 't er as grap beskôge. Sjonger Freddie Mercury moedige him oan om de tekst oan te hâlden.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoclip foar it nûmer is regissearre troch Bruce Gowers en toant bylden dy 't opnommen waarden yn it Nassau Coliseum yn Long Island, New York, yn febrewaris 1977 by de Amerikaanske stadion-toernee fan de band.