John Deacon

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
John Deacon
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
John Deacon yn 1977
John Deacon yn 1977
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Richard Deacon
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 19 augustus 1951
berteplak Leicester
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock,
Hardrock
ynstrumint Basgitaar
grutste hit(s) Bohemian Rhapsody,
Somebody to Love,
We Will Rock You,
We Are the Champions,
Crazy Little Thing Called Love,
Under Pressure,
Radio Ga Ga,
I Want to Break Free
jierren aktyf 19651997

John Richard Deacon (Leicester, 19 augustus 1951) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Queen. Deacon en syn mei-bandleden fan Queen waarden yn 2001 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deacon begûn as tolve jierrige mei gitaarspyljen. Deacon studearre elektroanika yn Londen. Hy hie fan syn fjirtjinde ôf al by in pear lytse bands sitten, lykas The Opposition en syn eigen bandsje Deacon. Hy spile earst gitaar, mar bespile úteinlik foaral de basgitaar om't de oarspronklike bassist út syn band set waard. Hoewol't er him fan 1969 oant 1970 in skoft fokust hat op syn stúdzje, woe er al gau wer diel wêze fan in band. Yn febrewaris 1971 moete hy Roger Taylor en Brian May yn in disko yn Londen fia in freon. Freddie Mercury, Taylor en May hiene yn 1970 al de band Queen foarme, en hja sieten destiids sûnder bassist. Deacon wie ynearsten net ynteressearre doe't er se live seach yn oktober 1970, mar besleat nei de moeting yn febrewaris 1971 dochs audysje by de band te dwaan en waard oannaam. John Deacon bleau nei it ferstjerren fan sjonger Freddie Mercury yn 1991 noch in skoft by Queen, tegearre mei Brian May en Roger Taylor. Mar yn 1997 hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deacon is sûnt 1975 boaske mei Veronica Tetzlaff, en tegearre hawwe sy seis bern.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Queen 13 july 1973 Queen Keep Yourself Alive,
Liar
Queen II 8 maart 1974 Seven Seas of Rhye
Sheer Heart Attack 8 novimber 1974 Killer Queen,
Now I'm Here
A Night at the Opera 21 novimber 1975 Bohemian Rhapsody,
You're My Best Friend
A Day at the Races 10 desimber 1976 Somebody to Love,
Tie Your Mother Down,
Teo Torriatte (Let Us Cling Together),
Good Old-Fashioned Lover Boy,
Long Away
News of the World 28 oktober 1977 We Are the Champions,
Spread Your Wings,
It's Late
Jazz 10 novimber 1978 Bicycle Race,
Don't Stop Me Now,
Mustapha,
Jealousy
The Game 30 juny 1980 Crazy Little Thing Called Love,
Save Me,
Play the Game,
Another One Bites the Dust,
Need Your Loving Tonight
Flash Gordon 8 desimber 1980 Flash
Hot Space 21 maaie 1982 Under Pressure,
Body Language,
Las Palabras de Amor,
Calling All Girls,
Staying Power,
Back Chat
The Works 27 febrewaris 1984 Radio Ga Ga,
I Want to Break Free,
It's a Hard Life,
Hammer to Fall
A Kind of Magic 2 juny 1986 One Vision,
Princes of the Universe,
A Kind of Magic,
One Year of Love,
Friends Will Be Friends,
Pain Is So Close to Pleasure,
Who Wants to Live Forever
The Miracle 22 maaie 1989 I Want It All,
Breakthru,
The Invisible Man,
Scandal,
The Miracle
Innuendo 4 febrewaris 1991 Innuendo,
I'm Going Slightly Mad,
Headlong,
These Are the Days of Our Lives,
The Show Must Go On
Made in Heaven 6 novimber 1995 Heaven for Everyone,
A Winter's Tale,
Too Much Love Will Kill You,
I Was Born to Love You,
Let Me Live,
You Don't Fool Me