We Are the Champions (liet fan Queen)
We Are the Champions | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | We Will Rock You | |
artyst | Queen | |
album | News of the World | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock, Hardrock | |
útbrocht | 7 oktober 1977 | |
opnommen | 1977 | |
doer | 2:59 | |
label | EMI | |
skriuwer | Freddie Mercury | |
produsint | Queen, Mike Stone | |
fideoclip | ||
Queen - We Are The Champions (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 2, Single top 100 - 2 Ultratop 50 - 8 | |
sertifisearre | Denemark platina, Itaalje platina, Grut-Brittanje platina, Feriene Steaten 3x platina |
We Are the Champions is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1977 en útbrocht op it album News of the World fan Queen út 1977. We Are the Champions wie it twadde nûmer op it album en waard op 7 oktober 1977 útbrocht as earste single fan it album, mei it nûmer We Will Rock You as B-kânt.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De orizjinele útjefte fan it nûmer, yn 1977, wurdt ek wol sjoen as in dûbelde A-kant mei We Will Rock You. Beide nûmers binne populêr by grutte sporteveneminten. By it Jeropeesk kampioenskip fuotbal in 1992 en it WK fuotbal yn 1994 is yn Nederlân in live-ferzje fan We Will Rock You/We Are The Champions útbrocht. Yn 1992 waard it tolfte plak yn de Nederlânske Top 40 berikt, yn 1994 it 32e.
Oer de fideoclip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fideoclip foar We Are the Champions waard filme by in spesjale fideo-opname mei leden fan de fanklup yn it New London Theatre op 6 oktober 1977 en waard regissearre troch Derek Burbridge. Mercury treedt op yn in karakteristike harlekyn-outfit, in healswarte, healwite ferzje, foar in entûsjast publyk dat mei Queen-sjaals swaait op in wize dy 't fergelykber is mei hoe't Ingelske fuotbalfans dat dogge. In alternative ferzje dy't begjint yn swart-wyt foardat er yn kleur útbarst wylst de drums en gitaren begjinne, waard útstjoerd op BBC's Top of the Pops 2 en bestiet út alternative bylden dy 't op deselde dei opnommen binne.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas
- Roger Taylor – Drums