Wrâldkampioenskip fuotbal
FIFA wrâldkampioenskip fuotbal | ||||
sport | Fuotbal | |||
organisator | FIFA | |||
earste edysje | Urûguay 1930 | |||
edysjes | ||||
foarige | Katar 2022 | |||
folgjende | Amearika's 2026 | |||
|
It FIFA wrâldkampioenskip fuotbal, meastal wrâldkampioenskip fuotbal of WK fuotbal neamd, is in toernoai dat alle fjouwer jier spile wurdt troch nasjonale tiims dy't lid binne fan de FIFA.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo der waard dat toernoai spile yn tije stadions. Dit wie twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.
De teams waarden foar it earste wrâldkampioenskip útnûge troch de FIFA om mei te dwaan. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Fanôf it twadde kampioenskip yn 1934 moatte de lannen har kwalifisearje foar it toernoai.
As trofee foar it winnende lân waard de "Victoire aux Ailes d'Or" ûntwurpen: in beker droegen troch Nikè, de Grykske goadinne fan de oerwinning. Dizze wikselbeker waard yn 1946 as earbetoan oan de inisjatyfnimmer fan it WK fuotbal omdoopt nei "Jules Rimet-beker". Yn 1970 gie dizze trofee definityf nei Brazylje: dat wie it tredde WK dat troch Brazylje wûn waard, en de regel wie doe noch dat as ien lân trije kear wrâldkampioen waard, it de trofee hâlde mocht. Yn 1983 waard de orizjinele beker stellen en nea wer weromfûn, wêrnei't it Braziliaanske fuotbalbûn in replika meitsje liet. De hjoeddeiske trofee, de "FIFA World Cup", bestiet út twa figueren op in sokkel dy't in ierdbol omheech hâlde, en is ek wer in wikseltrofee. Dizze beker waard foar it earst útrikt yn 1974 oan it doetiidske West-Dútslân.
Oan de toernoaien oant en mei 1978 diene 16 lannen mei, útsein yn 1930 (13 lannen), en yn 1938 (15 lannen, Eastenryk wie nei kwalifikaasje as gefolch fan de Anschluss opgien yn Dútslân) en 1950 (13 lannen, Yndia, Skotlân en Turkije lútsen har nei de lotting werom). It tal dielnimmers waard útwreide nei 24 lannen yn 1982 en dêrnei nei 32 yn 1998, wêrtroch't ek mear lannen út Afrika, Aazje en Noard-Amearika in kâns makken om diel te nimmen. Fan 2026 ôf sille der 48 lannen meidwaan oan it WK.
Edysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fryske fuotballers op it WK
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Theo de Jong wie yn 1974 de earste Fryske fuotballer op it wrâldkampioenskip fuotbal, hy kaam fjouwer kear yn aksje foar it Nederlânske alvetal op it wrâldkampioenskip.
Fuotballer | Jier | Funksje | Wedstr.(goals) |
---|---|---|---|
Theo de Jong | 1974 | Middenfjilder | 4 (1) |
Piet Wildschut | 1978 | Ferdigener | 3 (0) |
Jan Kromkamp | 2006 | Ferdigener | reserve |
Andries Noppert | 2022 | Doelman | 5 (0) |
Fryske Assistint-skiedsrjochters en skiedsrjochtes op it WK*
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Funksje | Jier |
---|---|---|
Erwin Zeinstra | Assistint-skiedsrjochter | 2014 2018 |
Hessel Steegstra | Assistint-skiedsrjochter | 2022 |
Jan de Vries | Assistint-skiedsrjochter | 2022 |
* opmerking: list is mooglik net folslein.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de Wrâldtitel wurde der ek noch in tal oare prizen útrikt
- De Golden Ball foar de bêste spiler fan it toernoai.
- De Golden Boot foar de spiler dy't de measte doelpunten makket
- De Golden Glove foar de bêste doelman fan it toernoai.
Bêste spiler
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Measte doelpunten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kin ek oan meardere fuotballers útrikt wurde as se likefolle doelpunten makke ha.
Bêste doelman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]