Andries Noppert

Ut Wikipedy
Andries Noppert
Noppert (2023)
Noppert (2023)
persoanlike bysûnderheden
namme Andries Noppert
bynamme Tower fan De Jouwer
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 april 1994
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje Doelman
jeugdteams
-2005
2005-2014
SC Joure
SC It Hearrenfean
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2013-2014
2014-2018
2018-2019
2019-2020
2021-2022
2022-
SC It Hearrenfean
NAC Breda
Foggia
FC Dordrecht
Go Ahead Eagles
SC It Hearrenfean
0(0)
6(0)
8(0)
2(0)
15(0)
13(0)
nasjonaal team
2022- Nederlân 5(0)

Andries Noppert (It Hearrenfean, 7 april 1994) is in Frysk proffuotballer dy't spilet by SC It Hearrenfean.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noppert debutearre op 22 april 2016 yn it betelle fuotbal, doe't hy it mei NAC Breda thús opnaam tsjin Almere City FC (1-1). Hy krige dy gelegenheid omdat de reguliere earste doelman Jelle ten Rouwelaar fanwegen famylje-omstannichheden ôfwêzich wie. Syn debút folge in moanne nei't NAC him witte liet dat it syn kontrakt net ferlinge en hy nei it seizoen fuort moast. Noppert krige yn juny 2016 dochs noch in nij kontrakt oant mids 2018. Dit nei't Ten Rouwelaar ophold mei fuotbaljen en keeperstrainer waard by NAC. Ten Rouwelaar fersocht de klup Noppert bliuwe te litten. In trochbraak bleau likegoed út. NAC liet Noppert yn jannewaris 2018 dêrom transferfrij fuort gean nei de Italjaanske fuotbalklup Foggia. Yn septimber 2019 sleat hy oan by de seleksje fan FC Dordrecht. Op 1 july 2020 einige it kontrakt by FC Dordrecht en siet Noppert sûnder klup. Op 22 jannewaris 2021 tekene hy in kontrakt oant ein seizoen 2021-2022 by Go Ahead Eagles. Noppert gie dernei transverfrij nei It Hearrenfean. Ek op It Hearrenfean is Noppert de fêste man ûnder de latte.

Op 11 novimber 2022 waard Noppert troch bûnscoach Louis van Gaal definityf taheakke oan de seleksje fan it Nederlânske alvetal foar it WK fuotbal 2022 yn Katar. Op 21 novimber makke Noppert syn debút as doelman fan it Nederlânske alvetal.