Wrâldkampioenskip fuotbal 1930
FIFA wrâldkampioenskip fuotbal 1930 | ||||
Poster Wrâldkampioenskip fuotbal 1930 | ||||
Ynformaasje | ||||
Gastlân | Oerûguay | |||
Kampioen | Oerûguay | |||
Iepeningswedstryd | 13 july 1930 | |||
Finale | 30 july 1930 | |||
Tiims | 13 | |||
Stadions | 3 | |||
Edysjes | ||||
Folgjende | 1934 | |||
Toernoaistatistiken | ||||
Wedstriden | 18 | |||
Doelpunten | 70 (3,89 de wedstriid) | |||
Besikers | 434.000 (24.111 de wedstriid) | |||
Topskoarder(s) | Guillermo Stábile (8 doelpunten) | |||
Beste spiler | José Nasazzi | |||
|
It wrâldkampioenskip fuotbal 1930 waard fan 13 july oant en mei 30 july 1930 yn Oerûguay holden. It wie de earste edysje fan it troch de FIFA organisearre wrâldkampioenskip.
Oerûguay wie gasthear fan it earste offisjele wrâldkampioenskip, lykas twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten waard. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.
De teams waarden útnûge troch de FIFA om oan it earste Wrâldkampioenskip mei te dwaan. Sadwaande waard dit it iennige Wrâldkampioenskip fuotbal dêr 't de lannen har net foar hoegden te kwalifisearjen. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind: op 28 febrewaris 1930, de eindatum fan ynskriuwing, hie him noch gjin inkeld lân oanmeld. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Dit wiene Belgje, Roemeenje, Joegoslaavje en Frankryk.
Alle duels waarden spile yn de haadstêd Montevideo, dat trije stadions ta beskikking hie: Estadio Parque Central, Estadio Pocitas en Estadio Centenario. It toernoai hat achttjin dagen duorre, fan snein 13 oant en mei woansdei 30 july.
It alderearste WK-duels yn de skiednis wiene Feriene Steaten - Belgje en Frankryk - Meksiko. De wedstriden einigen yn 3 -0 en 4 -3 oerwinning foar de Feriene Steaten en Frankryk. De Frânske fuotballer Lucien Laurent makke it alderearste doelpunt op in WK. De finale waard fluite troch de Belgyske skiedsrjochter John Langenus. De Oerûguayaanske trainer Alberto Suppici wie noch mar 31 jier en 240 dagen doe't syn team wrâldkampioen waard, hy is dêrmei oant no ta noch hieltyd de jongste trainer ea fan in wrâldkampioen fuotbal.
Stadions
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lokaasje | Stadion | Kapasiteit | |
---|---|---|---|
Montevideo | Estadio Centenario | 90.000 | |
Estadio Gran Parque Central | 20.000 | ||
Estadio Pocitos | 15.000 |
Groepen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teams mei tsjokke letters giene fierder nei de knock-outfaze fan 'e lêste 16.
Groepsfaze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Groep 1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lân | Lân | Utslach |
---|---|---|
Frankryk | Meksiko | 4 - 1 |
Argentynje | Frankryk | 1 - 0 |
Sily | Meksiko | 3 - 0 |
Sily | Frankryk | 1 - 0 |
Argentynje | Meksiko | 6 - 3 |
Argentynje | Sily | 3 - 1 |
Groep 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lân | Lân | Utslach |
---|---|---|
Joegoslaavje | Brazylje | 2 - 1 |
Joegoslaavje | Bolivia | 4 - 0 |
Brazylje | Bolivia | 4 - 0 |
Groep 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lân | Lân | Utslach |
---|---|---|
Roemeenje | Perû | 3 - 1 |
Oerûguay | Perû | 1 - 0 |
Oerûguay | Roemeenje | 4 - 0 |
Groep 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lân | Lân | Utslach |
---|---|---|
Feriene Steaten | Belgje | 3 - 0 |
Feriene Steaten | Paraguay | 3 - 0 |
Paraguay | Belgje | 1 - 0 |
Finales
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heale finale | Finale | |||||
26 july | ||||||
Argentynje | 6 | |||||
Feriene Steaten | 1 | |||||
30 july | ||||||
Oerûguay | 4 | |||||
Argentynje | 2 | |||||
Tredde plak | ||||||
27 july | ||||||
Oerûguay | 6 | |||||
Joegoslaavje | 1 |