David Villa

Ut Wikipedy
David Villa

David Villa Sánchez (Langreo, 3 desimber 1981) is in Spaansk fuotballer. De oanfaller stiet yn 2009 ûnder kontrakt by Falensia CF oant en mei medio 2014.

Klupfuotbal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David Villa begûn syn karrière as proffuotballer yn 2001 by Sporting Gijón. Dêrfoar siet hy yn de jeugdoplieding (cantera) fan dy klup. Nei twa seizoenen by Gijón gie hy nei Real Zaragoza. Dy klup wûn mei Villa yn 2004 de Copa del Rey. Yn juny 2005 tekene de oanfaller by Falensia CF.

Doelpunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Falensia CF is Villa alle jierren topskoarer fan de klup. Villa skoarde yn 2001/02 achttjin kear, yn 2002/03 tweintich kear, yn 2003/04 achttjin kear en yn 2004/05 fyftjin kear. Yn it seizoen 2005/06 mei 25 doelpunten twadde yn de rangskikking foar de Trofeo Pichichi, de priis foar de topskoarer fan de Primera División. Hy hie mar ien treffer minder as winner Samuel Eto'o. Ek yn it seizoen 2006/07 waard Villa topskoarer fan syn klup, diskear mei fyftjin doelpunten, trije mear as Fernando Morientes. Nettsjinsteande in matich seizoen fan Falensia yn 2007/08, skoarde Villa dat seizoen yn 28 wedstriden achttjin doelpunten. It seizoen 2008/09 skoarde Villa 28 kear.

Foar it Spaansk nasjonaal alvetal hat David Villa út 48 wedstriden 31 kear skoard.