Theo de Jong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Theo de Jong, 1972

Theodorus ("Theo") de Jong (Ljouwert, 11 augustus 1947) is in eardere Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener. De Jong kaam fyftjin kear (trije doelpunten) út foar it Nederlânsk fuotbalalvetal yn syn karriêre.

Hy spile fan 1970 oant 1972 foar NEC, dêrnei oant 1977 foar Feyenoord. Dêrnei noch oant 1981 foar Roda JC en twa jier foar Seiko Hongkong. De Jong sluet syn rinbaan ôf by FC Den Bosch.

De Jong wie ien fan de spilers yn it Feyenoordteam dat yn 1974 de UEFA Cup wûn troch yn de finale Tottenham Hotspur te ferslaan. Yn april 2010 waard De Jong trener by Willem II as opfolger fan Arno Pijpers neidat er fan it Sineeske Tianjin Teda kaam dêr't er assistint-trener wie ûnder Arie Haan.

Fan 2010 - 2011 is hy scout by Willem II en docht tsjinstanneranalyzes. Hy rjochtet him dêrnei op syn net-fuotbalaktiviteiten yn it bûtenlân.

Earelist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nederlânsk Kampioen 1974 mei Feyenoord
  • UEFA Cup 1974 mei Feyenoord

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: