Springe nei ynhâld

Bicycle Race (liet fan Queen)

Ut Wikipedy
Bicycle Race
algemiene ynformaasje
B-kantFat Bottomed Girls (dûbele A-kant)
artystQueen
albumJazz
taalIngelsk
sjenreRock,
Hardrock
útbrocht13 oktober 1978
opnommenjuny–july 1978
doer3:01
labelEMI
skriuwerFreddie Mercury
produsintQueen,
Roy Thomas Baker
fideoclip
Queen - Bicycle Race (Official Video)
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 7,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 5
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 15
sertifisearre Feriene Steaten platina

Bicycle Race is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn de simmer fan 1978 en útbrocht op it album Jazz fan Queen út 1978. Bicycle Race wie it fjirde nûmer op it album en waard op 13 oktober 1978 útbrocht as earste single fan it album, tegearre mei it nûmer Fat Bottomed Girls as dûbele A-kânt.

Bicycle Race is skreaun troch Freddie Mercury, hy waard ynspirearre troch it sjen nei de 18e etappe fan de Omgong fan Frankryk fan 1978 dy't Montreux passearre, dêr't de band jazz oan it opnimmen wie yn de Mountain Studios.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoclip waard filme troch Denis de Vallance, en befettet 65 neakene froulju, allegearre profesjonele modellen, dy't hurdfytse yn it Wimbledon Greyhound Stadium, yn it súdwesten fan Londen.