The Show Must Go On

Ut Wikipedy
The Show Must Go On
algemiene ynformaasje
B-kant Keep Yourself Alive
artyst Queen
album Innuendo
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 14 oktober 1991
opnommen Mountain studios,
1990
doer 4:31
label Parlophone
skriuwer Brian May
produsint Queen en David Richards
fideoclip
Queen - The Show Must Go On (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 7,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 6,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 22
sertifisearre Itaalje platina

The Show Must Go On is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1990 en útbrocht waard op it album Innuendo fan Queen út 1991. The Show Must Go On wie it tolfde nûmer op it album en waard yn Jeropa op 14 oktober 1991 útbrocht as fjirde single fan it album; goed oardel moanne foar it ferstjerren fan sjonger Freddie Mercury.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Show Must Go On waard skreaun troch Brian May. It nûmer beskriuwt de ynspanning fan frontman Freddie Mercury om optreden te bliuwen, nettsjinsteande dat er troch syn sykte hieltyd fierder efterút gie.

Oer de fideoclip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwege de sichtber fermindere sûnens fan Freddie Mercury waarden der gjin nije bylden fan de sjonger opnommen. De muzykfideo bestie yn stee dêrfan út in montaazje fan klips fan Queen's eardere muzykfideo's fan 1981 oant 1991, as in foarboade fan it útbringen fan it Greatest Hits I, it kompilaasje-album fan de band út dy perioade.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]