Breakthru (liet fan Queen)
Breakthru | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Stealin | |
artyst | Queen | |
album | The Miracle | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 19 juny 1989 | |
opnommen | jannewaris 1988 - jannewaris 1989 | |
doer | 4:08 | |
label | Parlophone | |
skriuwer | Freddie Mercury en Roger Taylor | |
produsint | Queen en David Richards | |
fideoclip | ||
Queen - Breakthru (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 4, Single top 100 - 6, Ultratop 50 - 10 |
Breakthru is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen tusken jannewaris 1988 en jannewaris 1989 en útbrocht op it album The Miracle fan Queen út 1989. Breakthru wie it sechsde nûmer op it album en waard op 19 juny 1989 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breakthru waard skreaun troch Freddie Mercury en Roger Taylor. De yntro fan Breakthru wie yn earste ynstânsje bedoeld foar in oar nûmer, A New Life Is Born, dat lykwols nea útbrocht is. De fideoclip begjint mei bylden fan Debbie Leng de freondinne fan Brian May dy't op in spoarrails stiet te dûnsjen wêrnei't in trein dêr't de band op spilet troch in mei in pypskommen muorre sletten tunnel hinne brekt. De fideoklip is opnaam by de museumspoarline Nene Valley Railway, tichtby Peterborough.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas & Toetsen
- Roger Taylor – Drums