A Kind of Magic (liet)

Ut Wikipedy
A Kind of Magic
algemiene ynformaasje
B-kant A Dozen Red Roses for My Darling
artyst Queen
album A Kind of Magic
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 17 maart 1986
opnommen septimber 1985 – jannewaris 1986
doer 4:23
label EMI
skriuwer Roger Taylor
produsint Queen en Reinhold Mack
fideoclip
Queen - A Kind of Magic (Official Video Remastered)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 4
sertifisearre Brazylje platina

A Kind of Magic is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen tusken septimber 1985 en jannewaris 1986 en útbrocht op it album A Kind of Magic fan Queen út 1986. A Kind of Magic wie it twadde nûmer op it album en waard op 17 maart 1986 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Kind of Magic waard skreaun troch Roger Taylor as soundtrack foar de Britske film Highlander út 1986 en is yn dy film te hearen as ôfslutend nûmer.

Oer de fideoclip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoclip foar dit nûmer waard regissearre troch Russell Mulcahy, regisseur van Highlander. Yn de fideo is Freddie Mercury te sjen as in gûcheler. Hy giet it ferlitten Playhouse Theatre yn Londen binnen dêr't Brian May, Taylor en John Deacon yn de rol fan swalkers sliepe oant se wekker makke wurde troch Mercury's komst. Mercury transformearret de swalkers yn de Queen-leden, en wer werom yn swalkers as er fuortgiet. Troch de hiele fideo hinne dûnsje cartoons produsearre troch The Walt Disney Company op it ritme fan it nûmer.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas & Toetsen
  • Roger Taylor – Drums