Springe nei ynhâld

Headlong (liet fan Queen)

Ut Wikipedy
Headlong
algemiene ynformaasje
B-kantAll God's People
artystQueen
albumInnuendo
taalIngelsk
sjenreHardrock
útbrocht13 maaie 1991
opnommenMountain studios,
1989/1990
doer6:30
labelParlophone
skriuwerBrian May
produsintQueen en David Richards
fideoclip
Queen - Headlong (Official Video)
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 4,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 43

Headlong is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1989 en 1990 en útbrocht op it album Innuendo fan Queen út 1991. Headlong wie it tredde nûmer op it album en waard op 13 maaie 1991 útbrocht as tredde single fan it album.

Headlong waard skreaun troch Brian May dy't fan doel wie it op te nimmen foar syn oansteande soloalbum Back to the Light út 1992, mar doe't er Queen-sjonger Freddie Mercury it nûmer sjongen hearde, liet er it in Queen-nûmer wurde.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoclip foar Headlong wie ien fan de lêste Queen-fideo's dy 't mei sjonger Freddie Mercury opnommen waarden, ûngefear in jier foar syn ferstjerren, hoewol 't dizze fideo eins opnaam waard foar de single I'm Going Slightly Mad. De fideo toand de band yn de studio dy't it nûmer útfierde, lykas opnamen fan de band dy't yn de studio oan it wurk wie.