Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens

Ut Wikipedy
Lannen dy't it ferdrach oangeande ferkearstekens brûke.

██ Lannen dy't it ferdrach offisjeel bekrêftige hawwe

██ Lannen dy't it ferdrach ûndertekene hawwe, dochs noch net offisjeel bekrêftige hawwe

██ Lannen fan de Untwikkelingsmienskip fan Súdlikk Afrika (SADC) dy't de SADC-RTSM brûke (dy't justjes ferskilt fan it Ferdrach fan Wenen)

██ Lannen fan it Sintraalamerikaansk Yntegraasjesysteem (SICA)

It Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens (Convention on Road Signs and Signals) is in ynternasjonaal ferdrach dy't yn Wenen op 8 novimber 1968 ûndertekene waard mei de bedoeling ferkearsfeiligens fuort te sterkjen en ynternasjonaal dykferkear te helpen troch it standerdisearjen fan ferkearstekens, sa as ferkearsbuorden, ferkearsljochten en dykmarkearring.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ferdrach waard oerienkommen ûnder tafersjoch fan de Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes. It Ferdrach waard bekrêftige op 6 juny 1978. Ut it Ferdrach kaam it Ferdrach fan Wenen oangeande dykferkear fuort, dy't ynternasjonale ferkearsregels standerdisearre.

It Ferdrach fan Wenen ferfong it eardere Ferdrach fan Genêve oangeande ferkearstekens fan 1949, dy't wer it Ferdrach fan Genêve oangeande it standerdisearjen fan ferkearsbuorden fan 1931 ferfong. Wizigings fan it Ferdrach fan Wenen, sa as foarrang by rotonden en nije buorden oangeande feiligens yn tunnels, waarden yn 2003 oannommen.

It grûnwurk foar de ferdraggen fan Genêve en Wenen lei benammen op de ûntwikkelings yn de tweintichste iuw fan ferkearstekens yn it festelân fan West-Jeropa. Om it sa ynternasjonaal mooglik te meitsjen lit it Ferdrach guon fariaasjes ta, sa as bygelyks dat warskôgingsbuorden trijehoekich of yn in rjochthoekige diamantefoarm wêze kin en dat ferkearsbuorden in wite of giele eftergrûn hawwe kinne. Alhoewol't de measte lannen it Ferdrach noch net offisjeel bekrêftige hawwe, jilde ferkearswetten yn gelikense foarm yn de measte lannen.

In gelikens ferdrach, de SADC-RTSM dy't ûnder tafersjoch fan de Untwikkelingsmienskip fan Súdlik Afrika falt, wurdt troch tsien lannen yn súdlik Afrika brûkt. Dat ferdrach komt in soad oerien mei it Ferdrach fan Wenen.

Yn de Feriene Steaten binne de ferkearstekens basearre op de Amerikaanske Federal Highway Administration's Manual on Uniform Traffic Control Devices (MUTCD). Tekens fan de MUTCD hawwe njonken symboalen ek in soad tekst. Yn Kanada en Austraalje binne de ferkearstekens basearre op dy fan de MUTCD. Yn Súd-Amearika binne de ferkearstekens beynfloede troch beide it Ferdrach fan Wenen en de MUTCD. Yn Sintraal-Amearika binne ferkearstekens benammen beynfloede troch de MUTCD en basearre op de Manual Centroamericano de Dispositivos Uniformes para el Control del Trafico, dy't de fariant fan de MUTCD fan de lannen fan de Sintraalamerikaansk Yntegraasjesysteem (SICA) is.

Regels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferkearsbuorden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn artikel 2 fan it ferdrach stiet dat alle ferkearsbuorden ûnder in tal kategoryen (A-H) falle:

  • A: Warskôgingsbuorden
  • B: Foarrangsbuorden
  • C: Ferbodsbuorden
  • D: Gebodsbuorden
  • E: Ferkear
  • F: Ynformaasjebuorden
  • G: Paadwizers
  • H: Ekstra buorden

It Ferdrach hat de presize kleuren, foarmen en maten foar elts fan de buorden:

Soarte boerd Foarm Eftergrûn Râne Maat Symboal Foarbylden
warskôgingsbuorden trijehoeke wyt of giel read 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) swart of dûnkerblau
diamant giel swart 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) swart of dûnkerblau
foarrangsbuorden
foarrang jaan trijehoeke
oer de kop
wyt of giel read 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) gjint
stopboerd achthoeke read wyt 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) Stop wite letters
rûn wyt of giel read 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) Stop swarte of dûnkerblauwe letters yn in trijehoeke oer de kop
foarrangsdyk diamant wyt swart 0.5 m (grut), 0.35 m (lyts) giel of oranje fjouwerkant
ein foarrangsdyk diamant wyt swart 0.5 m (grut), 0.35 m (lyts) gielof oranje fjouwerkant mei swarte of grize streken diagonaal oer it boerd hinne
foarrang foar tsjinlizzers rûn wyt of giel read net regele swarte pylk dy't de foarrangsrjochting oanjout, reade pylk dy't foarrang jaan moat
foarrang oer tsjinlizzers rjochthoekich blau gjint net regele wite pylk dy't foarrang oanjout, reade pylk dy't foarrang jaan moat
ferbodsbuorden
standert ferbod rûn wyt of giel read 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) swart of dûnkerblau
ferbean te parkearjen rûn blau read 0.6 m (grut), 0.2 m (lyts) gjint
rûn wyt of giel read 0.6 m (grut), 0.2 m (lyts) earste letter, almeast "P";
swart of dûnkerblau
ferbean te stopjen rûn blau read 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) gjint
ein ferbod rûn wyt of giel gjint 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) swarte of grize diagonale streek
gebodsbuorden
standert gebod rûn blau gjint, wyt 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts), 0.3 m (lytser) wyt
rûn wyt of giel read 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts), 0.3 m (lytser) swart of dûnkerblau
Ferkear
alle buorden rjochthoekich blau net regele net regele wyt
ljocht net regele net regele swart
ynformaasjebuorden
alle buorden net regele blau of grien net regele net regele op wite of giele rjochthoeke
paadwizers
ynformative buorden rjochthoekich, punthoekich ljocht net regele net regele dûnker
dûnker net regele net regele ljocht
autodiken rjochthoekich blau of grien net regele net regele wyt
tydlik rjochthoekich giel of oranje net regele net regele swart
ekstra buorden
alle buorden net regele wyt, blau of giel swart, blau of read net regele swart of dûnkerblau
swart, read of dûnkerblau wyt, blau of giel net regele wyt, blauof giel
Soarte boerd Foarm Eftergrûn Râne Maat Symboal Foarbylden

Meast yn it Ingelsk of de nasjonale taal

It Ferdrach giet lykwols amper yn op de bebuording (paadwizers), en dêrom hat elts lân syn eigen ûntwerp en kleurkoaden. Der binne lykwols al in pear rjochtlinen dêroer sa as lêsberens (Latynsk skrift of njonken it eigen skrift) en bepaalde kleuren (allinnich grien of blau foar autodiken). Elts lân hat wol syn eigen doelekar en de kleuren ornearre foar de ferskillende doelen. Ek giel of oranje binne allinnich tydlik tastein foar omliedings of dykkonstruksje.

Dykmarkearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ferdrach hat ek bepalings foar dykmarkearrings. Sokke markearringsmeie net heger as 6 mm wêze en katte-each-reflektors meie net mear as 15 mm boppe de weidek útstekke. De streken dy't de begrinzging fan de rydstripen oanjouwe moatte wyt of giel wêze.

De lingte en breedte fan de markearrings hingje ôf fan harren doel, alhoewol't der gjin presize maten foar binne. De measte diken hawwe in ûnderbrutsen streek yn it midden fan de dyk, dy't de rydstripen fan eltse rydrjochting skiede, wylst ûnderbrutsen streken yn bysûndere gefallen brûkt wurde moatte, sa as by in behindere sicht of nauwere rydbanen

Alle wurden dy't op de weidek ferve binne, moatte in plaknamme of maklik werom te kennen wurden, lykas "STOP" of "TAXI", befetsje.

Ferkearsljochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ferdrach bepaalt de kleuren fan ferkearsljochten en harren betsjuttings, plakken en doelen:

Type Foarm Kleur Plak Betsjutting
net-knipperljochten fol grien krusing trochride
giel of oranje krusing, brêge, lofthaven, brânwachtstasjon, fearferfarplak stopje as it mooglik is
read krusing stopje
read en giel/oranje krusing ljocht sil hast grien wurde
pylk nei lofts grien krusing allinnich ferkear nei lofts mei trochride
pylk nei rjochts grien krusing allinnich ferkear nei rjochts mei trochride
pylk omheech grien krusing allinnich ferkear rjochttroch mei trochride
pylk nei ûnderen grien boppe rydstripe ferkear mei yn dy bepaalde rydstripe trochride
krús (×) read boppe rydstripe ferkear mei dy bepaalde rydstripe net opride
pylk skean nei ûnderen giel/oranje of wyt boppe rydstripe rydstripe is sletten fierderop, wikselje fan stripe
knipperljochten fol dûbeld read(hinne en wer) krusing, brêge, lofthaven, brânwachtstasjon of fearferfarplak stopje
moannewyt krusing trochride
giel/oranje (knipperjend) oeral útsein krusing foarsichtich trochride
giel/oranje (knipperjend) krusing foarrang wurdt bepaald troch foarrangsdyk of foarrang jaan of as gjint fan de normale regels fan tapassing binne.

Lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferdrachssteaten dy't op dit stuit oansletten binne:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.