Springe nei ynhâld

Ferkearsboerd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferkearsbuorden)
Dizze side giet oer ferkearsbuorden yn it algemien. Foar paadwizers, sjoch: bebuording.
Ferkearsbuorden yn Nederlân
Ferkearsboerd yn Dútslân

In ferkearsboerd wurdt brûkt troch de dykbehearder en regelje it ferkear. It ferkearsboerd is ien fan de trije ferkearstekens, dêr't de oaren it ferkearsljocht en de dykmarkearring fan binne. De earste ferkearsbuorden waarden yn 1686 yn de Portegeeske haadstêd Lissabon pleatst, yn ferbân mei foarrangsregels yn 'e tige nauwe strjitten yn 'e binnenstêd.

Ferkearsbuorden binne der yn ferskate kategoryen. Dy kategoryen besteane ûnder oaren út ferbodsbuorden, gebodsbuorden, warskôgingsbuorden en ynformaasjebuorden. It oansjen fan de buorden waard foar it lêst op ynternasjonaal mêd fêstlein yn 1968 neffens it Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens.

Njonken it dykferkear binne der ek ferkearsbuorden foar oar ferkear, sa as yn de skipfeart, op it spoar of op in lofthaven.

De Wikipedy hat ek in side Ferkearsbuorden yn Nederlân.

Yn Nederlân binne de ferkearsbuorden definiearre yn it Reglemint Ferkearsregels en ferkearstekens (RVV) fan 1990. De RVV ferpartet de ferkearsbuorden yn de folgjende searjes:

De regels foar it pleatsen en fuortheljen fan ferkearsbuorden steane yn it Beslút administrative bepalings oangeande it dykferkear (BABW) fan 26 july 1990. Foar it pleatsen fan in ferkearsboerd dêr't in ferbod of gebod mei ynsteld of feroare wurde moat, moat de dykbehearder yn de measte gefallen earst in ferkearsbeslút nimme.

By de Nederlânske diken del steane likernôch 3 miljoen ferkearsbuorden. Dy binne troch in 360-graden kamera en byldweromkenning yn kaart brocht as digital twin [1] Dêrby blykt dat boerd B6 "Jou foarrang oan bestjoerders op de krusende wei" mei likernôch 10% it meast foarkommende boerd is. Noch sa'n 10% jout (net)ferplichte fytspaden oan (G11-G14).

Foar it farwetter jilde ek in tal ferkearsregels en dêrfoar wurde de buorden bepaald yn it Binnenfeartplysjereglemint:

  • Ferbodstekens
  • Gebodstekens
  • Beheiningstekens
  • Oanrekommandearringstekens
  • Oanwizingstekens
  • Bykommende tekens
  • Tekens oan keunstwurken
  • Oare oantsjuttings
De earste ferkearsbuorden fan Tsjechoslowakije út 1935. De blauwe buorden waarden letter ferfongen troch swart op wyt mei in reade râne deromhinne.
"Rjochts oanhâlde" yn Portegal
Paadwizers yn Finlân
In komboerd yn Beussent, Frankryk, dêr't in maksimumfaasje fan 50 km/o jildt.
Twatalige paadwizer yn Ierlân
Sweedsk warskôgingsboerd mei in symboal fan in eland
De Wikipedy hat ek in side Ferliking fan de Jeropeeske ferkearsbuorden.

De ferkearsbuorden dy't yn oare Jeropeeske lannen brûkt wurde, binne frij gelyk mei dy fan Nederlân. De standerdisaasje fan ferkearsbuorden yn Jeropa sette útein mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Genêve oangeande unifoarme ferkearsbuorden troch ferskate lannen yn 1931. De regels neffens dat ferdrach waarden yn 1949 ûntwurpen.

Yn 1968 tekenen Jeropeeske lannen it Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens. De bedoeling dêrfan wie betizing en ûnfeiligens te ferminderjen foar ynternasjonaal ferkear yn de lannen dy't by it ferdrach oansletten wiene. Part fan it ferdrach wie it Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearsbuorden en -tekens, dy't ferkearsbuorden en -tekens ûnderskate. Sadwaande waarden de ferkearsbuorden yn West-Jeropa goed standerdisearre, hoewol't der guon útsûnderings binne yn guon lannen, mar dy't almeast fan foar 1968 datearje.

De bedoeling fan it Jeropeeske standerttype ferkearsboerd wie dat guon foarmen en kleuren oerienkomme moasten:

  • Trijehoekige warskôgingsbuorden mei swarte symboalen op in wite of giele eftergrûn. It Ferdrach fan Wenen stimt lykwols ta mei in alternative foarm sa as yn in rjochthoekige diamantfoarm, dy't lykwols yn Ierlân wol brûkt wurdt, mar net yn de rêst fan Jeropa.
  • Ferbods- en gebodsbuorden binne rûn. Ferbodsbuorden binne swart op in wite of giele eftergrûn mei in reade râne deromhinne. Gebodsbuorden binne wite tekens op in blauwe eftergrûn.
  • Ynformaasje- en ferskate sekundêre buorden hawwe in rjochthoekige foarm.
  • Bisten dy't op in warskôgingsboerd ferskine meie, binne ûnder oaren: apen (Gibraltar), einen, fee, hynders, iisbearen (Spitsbergen), kikkerts, (rea)harten, en skiep. Elts bist mei neffens it Ferdrach op in boerd stean.

Buorden foar bebuording (paadwizers) binne noch net lykskeakele ûnder it Ferdrach, alteast net op gewoane diken. Dêrtroch is der noch wol in grut ferkil yn bebuording yn Jeropa. Ferskillen sitte ûnder oaren yn de lettertypen, pylken en kleuren. It Ferdrach jout lykwols al oan dat bebuording foar elts lân de autodiken ûnderskiede fan oare diken.

Bebuording op autodiken:

It ferskil is grutter op net-autodiken:

  • Wyt op in blauwe eftergrûn: Bulgarije, Estlân, Finlân, Grikelân, Itaalje, Letlân, Nederlân (gelyk as op de autodiken), Roemeenje, Syprus, Slowakije, Sweden, Switserlân, Tsjechje en Turkije.
  • Wyt op in griene eftergrûn: Feriene Keninkryk, Frankryk, Hongarije, Ierlân, Poalen en Portegal (allinnich op de pear diken dy't noch net omboud binne as autodyk).
  • Swart op in giele eftergrûn: Bosnje-Hertsegovina, Dútslân, Kroaasje, Lúksemboarch, Noarwegen, Servje en Sloveenje.
  • Read op in wite eftergrûn: Denemark (wylst wyt op blau op ôfritten op autodiken en autowegen brûkt wurdt).
  • Swart op in wite eftergrûn: Eastenryk en Spanje.

De swart-op-wite buorden, dy't op sekundêre diken brûkt wurde dêr't se mei de primêre diken fan ûnderskaat wurde, wurde brûkt yn it Feriene Keninkryk, Finlân, Frankryk, Ierlân, Portegal en Switserlân. Yn Dútslân, Hongarije, Itaalje, Roemeenje en Sweden swart-op-wyt tsjut allinnich bysûndere buorden yn in plak oan.

Ek de dyknûmeringsbuorden ferskille it lân, útsein dy fan Jeropeeske wegen. Sokke buorden brûke wite letters op in griene eftergrûn. Yn it Feriene Keninkryk wurde de Jeropeeske rûten net oanjûn.

It Ferdrach rekommandearret dat guon tekens, lykas it stopboerd, of "ZONE" yn it Ingelsk oanjûn wurdt, mar it brûken fan de eigen taal wurdt ek wol goedkard. As der in taal dy't net it Latynsk alfabet brûkt, moat de nammen fan stêden en oare wichtige plakken yn it Latynsk alfabet derby oanjûn stean.

Op ferskate plakken binne twatalige ferkearsbuorden te finen, sa as yn Kataloanje (Katalaansk en Spaansk), Baskelân (Baskysk en Spaansk), Súd-Tiroal (Dútsk en Italjaansk), Ierlân (Iersk-Gaelysk en Ingelsk), Wales (Welsk en Ingelsk), guon plakken yn Skotlân (Skotsk-Gaelysk en Ingelsk), guon plakken yn Finlân (Finsk en Sweedsk en Brussel (Nederlânsk en Frânsk. Yn Belgje wurde buorden yn it Nederlânsk, Frânsk en Dútsk oanjûn ôfhinklik fan de regio. Yn Switserlân wurde ferkearsbuorden yn it Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Retoromaansk oanjûn ôfhinklik fan de kanton. Yn Fryslân, dat offisjeel ek in twatalich gebiet is, wurde de ferkearsbuorden almeast yn it Nederlânsk oanjûn, of it moat wêze dat de Fryske namme de offisjele is.

Yn de Jeropeeske lannen, wurde mei útsûndering fan it Feriene Keninkryk, de ôfstannen en lingtes yn it metrike systeem oanjûn.

Foar lannen dêr't oan de lofterkant riden wurdt, sa as it Feriene Keninkryk, Ierlân, Malta en Syprys, moatte de ferkearsbuorden in spegelbyld wêze fan de ferkearsbuorden yn de lannen dêr't oan de rjochterkant riden wurdt.

Yn Aazje en Afrika wurdt it Jeropeeske systeem foar it grutste part brûkt.

Noard-Amearika en Oseaanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In paadwizer yn Kebek
"Ferbean lofts ôf te slaan" yn Michigan
In trijetalich stopboerd yn Mistissini (Kebek) ynit Kreesk, Ingelsk en Frânsk.

Yn de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje en Nij-Seelân wurdt in oar systeem (Amerikaanske systeem) as dy fan Jeropa brûkt. Ta tsjinstelling fan Jeropa wurde der mear teksten brûkt ynstee fan symboalen.

De Noardamerikaanske, Australyske en Nijseelânske kleuren hawwe ornaris bepaalde betsjuttings. De folgjende binne de standert, mei hjir en dêr in útsûndering bûten de Feriene Steaten:

  • read mei wyt foar stopbuorden, foar it jaan fan foarrang, en ferbodsbuorden (bygelyks "Ferbean te parkearjen")
  • wyt op grien foar bebuording (paadwizers).
  • wyt op brún foar ferwizings nei toeristyske doelen, lykas parken, histoaryske plakken, skyplakken, bosken, kampearplakken.
  • blau mei wite symboalen (of logo's fan saken) foar ferwizings nei rêstplakken, restaurants, tankstasjons, sikehûzen, hotels, en oare tsjinsten.
  • wyt mei swarte of reade letters foar gebodsbuorden, lykas maksimumfaasje.
  • warskôgingsbuorden; giel mei swarte letters en symboalen.
  • tydlike buorden sa as warskôgings foar en omliedings troch dykkonstruksje; oranje mei swarte letters en symboalen.
  • pears foar rydstripen dy't ornearre binne as toldiken.
  • swart mei wite letters foar rydstripe-oantsjutting.

In soad Amerikaanske steaten en Kanadeeske provinsjes brûke hjoed-de-dei fluoressearre oranje buorden foar dykkonstruksje.

Yn Nij-Seelân wurde guon buorden brûkt fan it Jeropeeske systeem. Dus dêr wurdt suver in mjuks fan it Amerikaanske en Jeropeeske systeem brûkt. De dyksymboalen binne foar federale diken itselde, wylst de dyksymboalen foar oare diken yn eltse steat of provinsje ferkille kin.

Yn de Feriene Steaten wurde de ôfstannen yn milen oanjûn, wylst it metrike systeem yn Kanada, Austraalje en Nij-Seelân brûkt wurdt.

De taal dy't brûkt wurdt is almeast Ingelsk. Yn Kebek wurdt it Frânsk brûkt. Yn Nij-Breunswyk en op guon plakken yn Ontario, Vermont en de stêd Montreal wurde twatalige (Ingelsk en Frânsk) buorden brûkt. Yn Puerto Riko, dat in Amerikaansk oerseesk gebiet is, wurde alle buorden yn it Spaansk oanjûn. Yn it gebiet oan de grins mei Meksiko binne ek wol in soad twatalige (Ingelsk en Spaansk) buorden. Ek binne der wol twatalige (Ingelsk en lânseigen talen) of trijetalige buorden (Ingelsk, Frânsk en lânseigen talen) yn guon parten fan de Feriene Steaten en Kanada.

Latynsk-Amearika en Karibysk gebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stopboerd yn Meksiko

Ferkearsbuorden yn Latynsk-Amearika en it Karibysk gebiet ferskilt it lân. De measte lannen brûke in systeem dy't mear op it Amerikaanske systeem as op it Jeropeeske systeem liket. Sa binne bygelyks warskôgingsbuorden yn in diamantefoarm en giel ynstee fan in trijehoekige foarm en wyt. Guon fariaasjes brûke it "Parkearjen" of it "Ferbean te parkearjen" mei de letter E of P, ôfhinklik fan hokker wurd pleatslik brûkt wurdt foar "parkearjen" (Spaansk: estacionamiento of parqueo, Portegeesk: estacionamento). Op it stopboerd wurdt "PARE" yn Súd-Amearika, of "ALTO" yn Meksiko en Midden-Amearika brûkt. Lykwols foar gebodsbuorden, dy't de maksimumfaasje oanjouwe, wurdt de Jeropeeske foarm brûkt.

Yn Suriname en yn de eardere Nederlânske Antillen wurde it Nederlânske buordesysteem brûkt. Yn Haïty wurdt in systeem te ferlykjen mei de Frânske brûkt en wurde de buorden yn it Frânsk en it Haisiaansk Kreoalsk oantsjutten. Ek yn gebieten dy't part fan in oar lân binne, wurdt it systeem fan it memmelân brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.