Springe nei ynhâld

Fazanteftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fazanteftige)
fazanteftigen
Ferskaat fan fazanteftigen.
Ferskaat fan fazanteftigen.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
Horsfield, 1821

De fazanteftigen (wittenskiplike namme: Phasianidae, syn. Gallidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes) en de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea). Ta dizze famylje hearre likernôch 185 soarten hineftigen, ferdield oer 54 skaaien, mei dêrûnder ferskate bekende soarten, lykas de hin (Gallus gallus domesticus), de kalkoen (Meleagris gallopavo), de blauwe pau (Pavo cristatus), de patriis (Perdix perdix) en de fazant (Phasianus colchicus).

Fazanteftigen binne foar it meastepart lânseigen yn Jeraazje en Australaazje, hoewol't in pear skaaien útslutend foarkomme yn Noard- en/of Midden-Amearika, lykas de kalkoenen (Meleagris), de kraachhinnen (Bonasa), de waaierhinnen (Centrocercus), de beamsniehinnen (Dendragapus) en de prêrjehinnen (Tympanuchus). In grutte groep hineftigen út Noard- en Súd-Amearika dy't sterk op fazanteftigen lykje, de toskkwartels (Odontophoridae), hearre feitliks net ta de famylje fan 'e fazanteftigen, mar foarmje in eigen, selsstannige famylje binnen de boppefamylje fan 'e fazantfûgels. Itselde jildt foar de pearelhinnen (Numididae) út Afrika.

Fazanteftigen binne fûgels dy't oer it algemien op 'e grûn libje. Yn gewicht rinne se útinoar fan 'e Sineeske dwerchkwartel (Synoicus chinensis), dy't mar 43 gram weaget, oant de kalkoen (Meleagris gallopavo), dy't in gewicht fan mear as 17 kg berikke kin. By de measte soarten komt in dúdlike seksuele dimorfy foar, wêrby't it mantsje felle, opfallende kleuren hat om yn 'e peartiid mei te pronkjen, wylst it wyfke saaie skutkleuren hat om net op te fallen as se op it nêst sit te brieden.

Wat lichemsbou oangiet, binne fazanteftigen ornaris it grouwe it neist, mei koarte wjukjes dêr't se faak mar mei muoite mei fan 'e grûn komme kinne. Guon soarten, lykas de hin (Gallus gallus domesticus) kinne hielendal net fleane, allinne mar fladderje en sweve. De snaffel is koart mar stevich en by in protte soarten hawwe alteast de mantsjes in skerpe spoar oan eltse poat, dy't it fierst ûntwikkele binne by kaamhinnen (Gallus), fazanten (Phasianus), kalkoenen (Meleagris) en paufûgels (Pavonini).

Fazanteftigen hawwe in dieet dat útinoar rinne kin fan poer herbivoar (sied, blêden, fruchten, woartels) oant omnivoar, wêrby't ek lyts dierte fretten wurdt, lykas ynsekten, larven en sels lytse reptilen. Ferskate soarten fazanteftigen binne domestisearre troch de minske, mei yn it foarste plak de hin en de nuete kalkoen.

Underskiftopbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de 1990-er jierren waard de famylje fan 'e fazanteftigen ornaris ferdield yn twa ûnderfamyljes: de echte fazanten (Phasianinae) en de patriisfûgels (Perdicinae). Lettere yndielings namen dêrnjonken ek de kalkoenfûgels (Meleagridinae) en de rûchpoathinnen (Tetraoninae) as ûnderfamylje op. Neier molekulêr ûndersyk fan mitogondriaal DNA hat lykwols útwiisd dat de echte fazanten en de patriisfûgels eins ien groep foarmje dy't ôfstammet fan deselde foarâlder. Boppedat blieken guon leden fan 'e patriisfûgels, lykas de patrizen (Perdix), nauwer besibbe te wêzen oan 'e fazanten (Phasianus) as oan oare skaaien fan 'e eigen ûnderfamylje, wylst de stienpatrizen (Alectoris) en de kwartels (Coturnix) nauwer besibbe wiene oan 'e kaamhinnen (Gallus). Sadwaande waard yn 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) formeel in nije yndieling akseptearre dy't ûntwikkele wie troch Kimball et al.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.