Springe nei ynhâld

Ierlân (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eilân Ierlân)
Dizze side giet oer it eilân Ierlân. Foar de republyk, sjoch: Ierlân.
De geografyske lizzing fan it eilân Ierlân.

Ierlân (Iersk: Éire; Ingelsk: Ireland; Ulsterskotsk: Airlann) is in tige grut eilân dat ta Jeropa heart. It leit yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, en foarmet mei Grut-Brittanje en hûnderten lytsere eilannen de arsjipel fan 'e Britske Eilannen. Fan dy eilannegroep is Ierlân it op ien nei grutste eilân, nei Grut-Brittanje. Ierlân wurdt wol 'it Griene Eilân' neamd, fanwegen syn wielderige plantegroei. Steatkundich omfiemet Ierlân de ûnôfhinklike Republyk Ierlân en it ta it Feriene Keninkryk hearrende Noard-Ierlân.

Ierlân is in eilân yn it noardeasten fan 'e Atlantyske Oseaan, dat mei de rest fan 'e Britske Eilannen foar de kust fan Noardwest-Jeropa leit. De term 'Britske Eilannen' is trouwens kontroversjeel yn 'e Republyk Ierlân om't it wurd 'Britsk' assosjearre wurdt mei de Britske oerhearsking fan Ierlân. Dêrom sprekke guon Ieren leaver fan de Noardatlantyske Arsjipel. Ierlân is it op ien nei grutste eilân fan dy eilannegroep, nei Grut-Brittanje, dat mear nei it easten ta en deuner by it Jeropeeske fêstelân leit. Ierlân hat in oerflak fan 84.421 km², en is dêrmei it op twa nei grutste eilân fan Jeropa (nei Grut-Brittanje en Iislân), wylst it wrâldwiid it tweintichste plak ynnimt op 'e ranglist fan grutste eilannen.

In satellytfoto fan Ierlân.

Yn it noarden en westen wurdt Ierlân begrinzge troch de iepen Atlantyske Oseaan en yn it suden troch de Keltyske See. Yn it easten foarmje (fan noard nei súd) it Noarderkanaal, de Ierske See en it Kanaal fan Sint Joaris de skieding mei Grut-Brittanje. Op it smelste punt is it Noarderkanaal mar 23 km breed. Polityk is Ierlân sûnt 1922 ferdield yn in ûnôfhinklik súdlik diel, dat sûnt 1949 de Republyk Ierlân hjit, en in ta it Feriene Keninkryk hearrend noardlik diel, Noard-Ierlân.

In bân fan berchtmen folget de kusten fan Ierlân en omslút dêrmei in leechleine flakte yn 'e midden fan it eilân. De heechste berch fan it eilân is de Carrauntoohil yn it greefskip Kerry, dy't in hichte hat fan 1.038 m boppe seenivo. It westen en noardwesten fan it eilân is rotsich, en it bêste boulân leit yn 'e provinsje Leinster, yn it súdwesten fan 'e Republyk Ierlân. Oant yn 'e Midsiuwen waarden grutte parten fan it eilân oerdutsen troch wâlden, mar yn 2013 makken bosken noch mar 11% fan it grûngebiet út (foar hiel Jeropa lei dat persintaazje op 35%). De langste rivier fan Ierlân is de Shannon, mei in lingte fan 386 km. It klimaat fan it eilân is in tige tuskenbeiden seeklimaat mei in soad rein. Dêrtroch ken Ierlân in wielderige plantegroei, dêr't it de bynamme 'it Griene Eilân' oan te tankjen hat.

Greiden yn 'e neite fan Ballyieragh, yn it greefskip Cork.

Under de lêste iistiid, doe't der sa'n soad seewetter fêstholden waard yn lâniis dat it seenivo folle leger wie, bestiene der lânbrêgen tusken Ierlân en Grut-Brittanje en tusken Grut-Brittanje en it Jeropeeske fêstelân. Sa'n tsientûzen jier lyn, dus om 8000 f.Kr. hinne, gie de lânferbining tusken Ierlân en Grut-Brittanje ferlern troch it stigende seenivo. De ierste bewizen fan minsklike bewenning fan it eilân Ierlân datearje fan omtrint 10.500 f.Kr., hoewol't der pas tusken 8000 en 7000 f.Kr. gruttere oantallen mesolityske lânferhuzers arrivearren, dy't Ierlân mei boaten berikten. Fan likernôch 4500 f.Kr. ôf kamen der nije, neolityske bewenners yn Ierlân, dy't dêr lânbougewaaksen (benammen weet en koarn) fan it Jeropeeske fêstelân yntrodusearren en grutte stiennene monuminten oprjochten.

De Brûnstiid, doe't der foar it earst metaal brûkt waard, briek yn Ierlân om 2500 f.Kr. oan, doe't der him op it eilân in nije weach lânferhuzers nei wenjen sette. Dat wiene Kelten fan 'e Hallstatt-kultuer fan Midden-Jeropa, dy't de eardere bewenners neitiid stadichoan assimilearren. Der bestiet ûnder histoarisy gjin oerienstimming oer de fraach hoe't de Keltyske ynbesitname fan Ierlân krekt ferrûn is. Tradisjoneel waard derfan útgien dat der ferskate weagen Keltyske lânferhuzers (mooglik fjouwer) wiene, ntl.: de Priteny, wêrfan't ûndúdlik is wêr't se weikamen (of oft se wol wier bestien hawwe), folge troch de Belgae út noardlik Galje en Grut-Brittanje, dêrnei de Laigin út Armoarika en ta einbeslút de Mileezjers út it noarden fan it Ibearysk Skiereilân of it suden fan Galje. In twadde weach fan 'e Belgae soe yn 'e sechsde iuw f.Kr. út noardlik Galje oerkommen wêze; dy lju neamden harsels de Euerni, en dêr soe de namme 'Ierlân' op weromgean. Om't argeologen gjin bewizen fine kinnen hawwe foar grutskalige migraasjeweagen, binne de measte moderne histoarisy fan betinken dat de Kelten folle stadiger en mear ferspraat troch de tiid yn Ierlân kommen binne.

De Stiennerûnte fan Uragh, in neolitysk monumint yn it greefskip Kerry.

Aldheid en Midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinen, dy't fan 43 ôf it grutste part fan Grut-Brittanje oerhearsken, wiene har goed bewust fan it bestean fan Ierlân, dat se Hibernia neamden, mar besochten nea om it eilân te feroverjen. Ierlân wie yn dy tiid in grimelgrammel fan rivalisearjende keninkrykjes, en dat bleau sa oant de ein fan 'e Midsiuwen. Hoewol't de Midsiuwske Ierske literatuer in ûnûnderbrutsen rige fan hege keningen (de saneamde ard rí) beskriuwt dy't sûnt minskewitten (alteast yn namme) oer it hiele eilân regearre hawwe soene, binne hjoeddeistige histoarisy fan miening dat soks in betinksel wie út 'e achtste iuw, dat bedoeld wie om 'e doetiidske status fan beskate machtige politike klibers te rjochtfeardigjen troch te bearen dat dy sitewaasje altyd al bestien hie. It hege-keningskip waard sadwaande pas histoaryske wurklikheid yn 'e tiid fan 'e Wytsingen en bestie sels fan dy tiid ôf net oan ien tried troch. De wichtichste keninkriken út dizze perioade wiene Munster, Leinster, Konnacht (Ingelsk: Connaught) en Ulster, mei as fyfde it troch de hege keningen regearre keninkryk Mide (Ingelsk: Meathe) mei syn seremoniële haadstêd op 'e Heuvel fan Tara.

Yn 432 arrivearre de hillige Patrick, in Welsman fan berte en komôf, yn Ierlân om dêr it kristendom te bringen. Hy soe him letter ûntjaan ta de beskermhillige fan Ierlân. Histoarisy binne it noch altyd net alhiel iens oer hoe't de bekearing fan 'e Ieren krekt yn syn wurk gie, mar it liket der sterk op dat de âldere druïdyske tradysjes frij gau belies joegen doe't se konfontearre waarden mei de nije kristlike godstsjinst. Fan 'e njoggende iuw ôf laten ynfallen fan de Wytsingen yn Ierlân ta oanhâldende striid. De Wytsingen wiene lykwols net inkeld plonderders, mar ek kolonisten, dy't plakken lykas Dublin, Limerick, Cork, Wexford en Waterford stiften.

It Gallarus-oratoarium, ien fan 'e âldste tsjerken fan Ierlân.

Yn 1169 fûn op útnûging fan Dermot Mac Murrough (of Diarmait Mac Murchada), de kening fan Leinster, de Normandyske Ynfaazje fan Ierlân plak, wêrby't in leger fan seishûndert Kambro-Normandyske ridders ûnder lieding fan Richard fan Clare, 2e greve fan Pembroke, byneamd Sterkbôge, op 'e Ierske súdeastkust lânen. Yn 1172 naam kening Hindrik II fan Ingelân út 'e hannen fan paus Aleksander III de titel 'hear fan Ierlân' oan. Dêrtroch rekke de Hearlikheid Ierlân ûnder Ingelske hearskippij, it begjin fan in bân dy't mear as 850 jier bestean bliuwe soe. Iere Normandyske en Ingelske kolonisten yn Ierlân rekken lykwols meitiid alhiel ferierske trochdat se mei de lânseigen Ierske befolking yninoar omtrouden yn in tiid dat der noch gjin religieuze tsjinstellings tusken dy groepen bestiene. Sadwaande wie it Ingelske gesach yn Ierlân tsjin 'e ein fan 'e fyftjinde iuw frijwol hielendal ferdwûn, útsein yn in krite om Dublin hinne dy't bekendstie as The Pale (dêrfandinne it Ingelske sprekwurd That is beyond The Pale, "Dat leit bûten The Pale", mei de betsjutting 'dêr haw ik gjin ynfloed op').

Britske oerhearsking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1542 rôp kening Hindrik VIII fan Ingelân himsels út ta kening fan Ierlân, wêrmei't er it Keninkryk Ierlân stifte. Teffens sterke Hindrik it Ingelske gesach yn Ierlân fuort en wreide it út, wat ûnder it regear fan syn dochter Elizabeth I late ta de Ingelske Ferovering fan Ierlân. Tsjin 1600 waard de oermastering fan Ierlân foltôge mei de Ierske Njoggenjierrige Oarloch (1593-1603), dy't resultearre de Flecht fan de Greven (1607), wêrby't in grut diel fan 'e opstannige lânseigen adel fan Ierlân de wyk naam nei Spanje.

It Áras an Uachtaráin, de offisjele residinsje fan 'e presidint fan 'e Republyk Ierlân.

Geandewei de santjinde iuw waard de Ingelske hearskippij oer Ierlân fierder fuortsterke troch de Plantaazjes fan Ierlân, wêrby't in protte protestanten út Ingelân en Skotlân wei har benammen yn noardlike en eastlike dielen fan it roomsk bleaune Ierlân nei wenjen setten. Dy lju wiene de foarâlden fan 'e hjoeddeiske Ulsterske folksgroep (de protestantske Noardieren). Yn 'e santjinde iuw fûnen ek de Oarloggen fan de Trije Kenikriken (1639-1651), de Ferovering fan Ierlân troch Oliver Cromwell (1649-1653) en de Willemityske Oarloch yn Ierlân (1688-1691) plak. Sa'n 20.000 Ieren kamen yn dy tiden fan striid en noed om op it slachfjild, 200.000 boargers stoaren de hongerdea troch de krapte dy't de oanhâldende oarlochssitewaasje feroarsake, en nochris 50.000 lju waarden ûnder twang as kontraktarbeiders nei West-Ynje stjoerd.

Yn 'e achttjinde iuw waard Ierlân nei in desennium fan mylde winters yn 1739 troffen troch de saneamde Grutte Froast, dy't resultearre yn 'e Ierske Hongersneed fan 1740, wêrby't sa'n 250.000 minsken (oftewol in achtste part fan 'e befolking) omkaam. Nei't de Ierske Opstân fan 1798 troch it Britske leger delslein wie, waard it Keninkryk Ierlân per 1 jannewaris 1801 mei it Keninkryk Grut-Brittanje (dat sels yn 1707 ûntstien wie troch in fúzje fan it Keninkryk Ingelân mei it Keninkryk Skotlân) gearfoege ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân. De Ierske Opstân fan 1803 brocht dêr gjin feroaring yn.

Ruïnes yn Dublin nei de Peaske-opstân fan 1916.

Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw waard Ierlân teheistere troch de Grutte Ierske Hongersneed, dy't duorre fan 1845 oant 1852. Nei skatting kamen dêrby 1 miljoen Ieren om troch ferhongering en sykten, wylst nochris 2 miljoen oaren it lân ûntflechten troch te emigrearjen, benammen nei de Feriene Steaten en Kanada. Mei troch it brekme oan help fan 'e Britske autoriteiten foar de hongerjende befolking kaam yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it Ierske nasjonalisme sterk op. In langjierrige kampanje foar selsbestjoer, dy't plakfûn ûnder lieding fan Charles Stewart Parnell, late yn 1914 ta in healslachtige foarm fan beheinde autonomy. Yn 1916 fûn de Peaske-opstân plak, in nij besykjen fan in lytse groep ekstremisten om ta in folslein ûnôfhinklik Ierlân te kommen. Britske reäksje wie om, nei't de rebûlje yn bloed smoard wie, fyftjin lieders fan 'e opstân te eksekutearjen en mear as tûzen oaren yn it tichthûs te smiten.

Unôfhinklikheid en boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de opstannelingen oarspronklik net in protte stipe hân hiene fan it meastepart fan 'e Ierske befolking, sloech de stimming yn it lân alhiel om troch dy ûnmeilydsume opstelling. By de Ierske ferkiezings fan 1918 wûn de pro-ûnôfhinklikheidspartij Sinn Féin in oerweldigjende mearderheid fan 'e stimmen, en yn 1919 rôp dy partij de ûnôfhinklikheid fan Ierlân út. De dêropfolgjende Ierske Unôfhinklikheidsoarloch einige yn july 1921 yn in wapenstilstân mei de Britten, wêrnei't ûnderhannelings ta it sluten fan it saneamde Anglo-Iersk Ferdrach laten. Neffens dat ferdrach waard it suden fan Ierlân yn 1922 ûnôfhinklik as de Ierske Frijsteat, dy't lid bleau fan it Britske Mienebêst en de Britske kening as steatshaad hold, wylst Noard-Ierlân, dêr't de measte protestanten konsintrearre wiene, ûnderdiel bleau fan it Feriene Keninkryk, dat no it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân kaam te hjitten.

In steatkundige lânkaart fan Ierlân mei de Republyk Ierlân yn it suden (ljochtgrien) en Noard-Ierlân yn it noarden (giel).

In diel fan 'e Ieren gie mei dy opspjalting fan harren lân net akkoart, en begûn ûnder lieding fan Éamon de Valera de Ierske Boargeroarloch tsjin it leger fan 'e Ierske Frijsteat, dat ûnder lieding stie fan Michael Collins. De boargeroarloch einige yn 1923, doe't de tsjinstanners fan it Anglo-Iersk Ferdrach de striid opjoegen. Yn 'e desennia dêrnei distansjearre de Ierske Frijsteat him almar fierder fan it Feriene Keninkryk, en bleau ûnder de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) sels neutraal. Yn 1949 waard de Ierske Frijsteat opheft en de Republyk Ierlân útroppen, wêrby't alle noch besteande bannen mei it Feriene Keninkryk trochsnien waarden.

Underwilens wie yn Noard-Ierlân in kliber protestanten oan 'e macht kommen dy't feriene wiene yn 'e Ulsterske Unionistyske Partij (UUP), en dy't alle middels brûkten om 'e roomsen ûnder de tomme te hâlden. Ein sechtiger jierren kamen de spannings ta útbarsting yn it Noardierske konflikt, wêrby't roomske ('republikeinske') en protestantske ('loyalistyske') paramilitêre organisaasjes (lykas de IRA en de UVF) terroristyske oanslaggen diene op inoar, ûnskuldige boargers en it Britske leger. Yn totaal foelen der yn it Noardierske konflikt mear as 3.600 deaden, oant yn 1998 it Goedfreedsakkoart sletten waard, wêrby't protestanten en roomsen besleaten om 'e macht yn Noard-Ierlân te dielen.

It Parlemintsgebou fan Noard-Ierlân op 'e Stormont Estate.

Yn 2017 hie it eilân Ierlân in befolking fan likernôch 6,7 miljoen minsken, wêrfan 4,8 miljoen yn 'e Republyk Ierlân en 1,9 miljoen yn Noard-Ierlân. De grutste stêd op it eilân wie Dublin, de haadstêd fan 'e Republyk, dy't oan 'e eastkust leit en in befolking fan mear as 1,1 miljoen minsken hat. Belfast, de haadstêd fan Noard-Ierlân, komt op it twadde plak mei yn 2005 333.000 ynwenners.

De oarspronklike lânseigen taal dy't op it eilân Ierlân sprutsen wurdt, is it Iersk, in Keltyske taal dy't lykwols tige yn 'e ferdrukking rekke is. As memmetaal wurdt it Iersk yn 'e Republyk Ierlân noch mar sprutsen troch 71.000 minsken (1,7% fan 'e befolking), en yn Noard-Ierlân troch likernôch 2.000 minsken. It Ingelsk, fan oarsprong in útlânske taal, is no foar fierwei it meastepart fan 'e ynwenners fan sawol de Republyk as Noard-Ierlân de memmetaal en deistige omgongstaal. Fierders is der noch it Ulsterskotsk, in dialekt fan it Skotsk dat yn Noard-Ierlân troch sa'n 30.000 en yn Donegal, yn it noarden fan 'e Republyk, troch nochris in 10.000 minsken sprutsen wurdt.

Op it mêd fan religy hinget it meastepart fan 'e befolking fan Ierlân it kristendom oan, hoewol't der in oanwaaksende groep ateïsten en agnosten bestiet (9,8% yn 'e Republyk en 14% yn Noard-Ierlân). De Roomsk-Katolike Tsjerke hat oer it hiele eilân in oanhing fan 73% fan 'e befolking; as men allinnich de Republyk nimt, leit dat persintaazje noch heger, op 87%. Dêrnjonken besteane der ferskate protestantske denominaasjes, dy't yn Noard-Ierlân mei-inoar 48% fan 'e befolking útmeitsje en yn 'e Republyk 4,2%. Fierders binne der dan noch lytse joadske, islamityske, hindoeïstyske, sikhistyske en heidenske mienskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.