Sinn Féin

Ut Wikipedy
Sinn Féin
Partijlieder Gerry Adams
Partijfoarsitter Dawn Doyle
Oprjochting 28 novimber 1905
Haadsit Dublin
Ledetal
Jongereinorganisaasje Sinn Féin Republican Youth
Rjochting Polityk lofts
Ideology Iersk republikeinisme, demokratysk-sosjalisme
Wittenskiplik buro -
Europeeske fraksje European United Left–Nordic Green Left
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside sinnfein.ie


Sinn Féin is in Iersk republikeinske politike partij dy't aktyf is yn de Republyk Ierlân en Noard-Ierlân. De namme is Iersk foar 'ús sels'. De partij waard yn 1905 stichte troch Arthur Griffith en krige de hjoeddeistige foarm nei in brek yn de partij yn 1970 (doe't de Workers' Party of Ireland har ôfskiede). Yn it ferline waard de partij sjoen as de politike takke fan Provisional Irish Republican Army, in paramilitêre organisaasje dy't focht foar in feriene Ierlân. Gerry Adams is sûnt 1983 de presidint fan de partij.

Sinn Féin is tsjintwurdich de twadde partij yn it parlemint fan Noard-Ierlân, de Northern Ireland Assembly, dêr't it fjouwer ministers leveret foar it regear. Yn de Oireachtas, it parlemint fan de Republyk Ierlân, nimt de partij it fjirde plak yn.