Provisional Irish Republican Army

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Muorreskildering fan de PIRA
Stipe foar de PIRA op in lantearnepeal yn Noard-Ierlân

De Provisional Irish Republican Army (IRA of PIRA) wie in Iersk republikeinske paramilitêre organisaasje dy't as doel it ôfskieden fan Noard-Ierlân fan Grut-Brittanje en it stichtsjen fan in feriene Ierlân hie. It wie de grutste republikeinske organisaasje dy't aktyf wie ûnder de Troubles, de perioade fan ekstreem geweld yn Noard-Ierlân. De PIRA seach him as de opfolger fan de orizjinele IRA, dy't aktyf wie yn de Ierske ûnôfhinklikheidskriich fan 1921-22; dêrom brûkte de organisaasje faak de ienfâldige namme Irish Republican Army, of yn it Iersk Óglaigh na hÉireann. De organisaasje wurdt sawol yn Grut-Brittanje as Ierlân as in terroristyske organisaasje sjoen.

De PIRA ûntstie yn desimber 1969, nei in brek mei de orizjinele IRA. Yn't jier derfoar begoannen de Troubles nei't boargerrjochtedemonstraasjes fan katolike nasjonalisten oanfallen waarden troch protestantske loyalisten. Yn it begjin rjochte de organisaasje him op it ferdedigjen fan de nasjonalistyske gebieten yn Noard-Ierlân tsjin oanfallen fan de loyalisten; fanôf 1971 soe de militêre kampanje fan de PIRA in offensiver karakter krije. Troch geweld tsjin Britske militêre en ekonomyske doelen yn de provinsje woe de PIRA it Britsk regear twinge har wêrom te lûken út Ierlân. De organisaasje brûkte yn it gueriljataktiken tsjin it Britske leger en de Royal Ulster Constabulary (RUC, de Noard-Ierske plysje), yn sawol de stêden as lanlike gebieden.

De soms spektakulêre bomoanslaggen fan de organisaasje binne fral bekend wurden: sa hat de organisaasje yn 1991 in oanfal útfierd op it hûs fan de Britse premier (Downingstreet 10) en soargen oanslaggen yn 1996 yn Londen en Manchester foar £500 miljoen skea. Sokke oanfallen waarden meastal oankundige troch in telefoanyske warskôging.

Sûnt 1997, doe't de politike takke fan de organisaasje, Sinn Féin, talitten waard ta de fredesûnderhannelings, stoppe hja mei geweld. Yn 2005 lei de organisaasje definityf de wapens del, al binne in tal splinterorganisaasjes fan de PIRA noch hieltiten aktyf om't hja it net iens binne mei it akkoard.