Confédération Européenne de Volleyball
De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) is it kontinintale bestjoersorgaan foar de sport follybal yn Jeropa. It haadkantoar fan de CEV is yn Lúskemboarch.
Profyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de CEV pas oprjochte waard op 21 oktober 1963, wie it follybal al jierren dêrfoar tige populêr yn Jeropa. By it kongres fan 1947, dêr't de FIVB oprjochte waard, kaam de mearderheid fan de lannen út Jeropa. Nei de oprjochting fan de FIVB waarden rûnom yn Jeropa nasjonale follybalbûnen oprjochte, lykas yn Nederlân de NeVeBo dy't oprjochte waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam.
Follybal is útfûn yn de Feriene Steaten, mar yn it begjin wie it fral yn populêre sport yn East-Jeropa, nei't it yntrodusearre wie troch Amerikaanske soldaten ûnder de Earste Wrâldkriich. Yn de midden fan de iuw hie it follybal him al fierder ferspraat oer Jeropa. In protte technyken en taktyken binne dan ek yntrodusearre troch ferskate Jeropeeske lannen, it blokken waard bygelyks yntrodusearre troch Tsjechoslowakije yn 1938.
De lange en wichtige tradysje fan de sport yn Jeropa hat der ûnder mear soarge foar de struktuer dy't de CEV no hat, de CEV konkurrearret dêryn mei de FIVB yn omfang en folsleinens. It bûn is dan ek it grutste bûn dat de wrâld hat, ek organisearret it bûn it grutst tal jierlikse wedstriden en toernoaien. Mei yngong fan 2005 is it haadkantoar fêstige yn de stêd Lúksemboarch. De presidint fan it bûn is André Meyer.
De CEV organisearret ferskate toernoaien: foar it sealfollybal ûnder oare it Europeesk Kampioenskip, dêr't de earste edysje yn 1948 fan wie, de CEV Cup en de European League. Foar it strânfollybal wurdt troch de CEV it Europeesk kampioenskip organisearre. Fierder organisearret de CEV ek de kwalifikaasjewedstriden foar it Wrâldkampioenskip en de Olympyske Spullen. Ek wurde der ynternasjonale wedstriden organisearre mei oare oansletten follybalbûnen.
Lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeropa wurdt beskôge as it sterkste kontinint op it mêd fan it follybal. De CEV hat meastentiids mear plakken reservearre by ynternasjonale wedstriden as oare kontinintale bûnen.
Ruslân hat nei alle gedachten it meast stabile follybal program, dêr't sawol de manlju as de froulju stimulearre wurde om it heechste nivo te heljen. Itselde kin ek fan Itaalje sein wurde, hoewol't it follybal foar froulju dêr pas letter folslein ûntwikkele wie.
Servje, Poalen, Itaalje en Nederlân meie ek rekkene wurde as kontinitale krêften foar it manljusfollybal. Op in leger nivo spilje ûnder oare lannen as Bulgarije en Frankryk. Wer in nivo leger binne der lannen as Dútslân, Spanje, Grikelân en miskien ek Portegal, dy't noch wol de mooglikheid hawwe om in sterke ploech op te bouwen.
By it follybal by de froulju is de konkurrinsje wat minder, lannen as Ruslân, Servje en Itaalje wurde hast net bedrige troch oare lannen. Nêst dy trije kin Dútslân, dy't spilers helle hat út sawol West-Dútslân as East-Dútslân, sjoen wurde as in tradisjoneel Europeesk follyballân. Ek kin der rekken hâlden wurde mei lannen as Nederlân en Roemeenje en mear resintlik Poalen en Bulgarije. Dy lannen hawwe faak wat wikseljende resultaten en binne faak ôfhinklik fan yndividuele kwaliteiten fan spilers.
Oansletten follybalbûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 wiene de folgjende bûnen oansletten by de CEV:
Koade | Lân | Bûn |
---|---|---|
ALB | ALB | Albanian Federation of Volleyball |
AND | AND | Federació Andorrana de Voleibol |
ARM | ARM | Fédération de Volleyball de la République d'Armenie |
AUT | AUT | Österreichischer Volleyball Verband |
AZE | AZE | Azərbaycan Voleybol Federasiyası |
BLR | BLR | Bielorusskaia Federatsija Volejbola |
BEL | BEL | Fédération Royale Belge de Volleyball |
BIH | BIH | Odbojkaški savez Bosne i Hercegovine |
BUL | BUL | Bulgarska Federatsiya Volejbol |
CRO | CRO | Hrvatski odbojkaški savez |
CYP | CYP | Kypriaki Omospondia Petosfairisis |
CZE | CZE | Český Volejbalový Svaz |
DEN | DEN | Dansk Volleyball Forbund |
ENG | ENG | Volleyball England |
ESP | ESP | Real Federación Española de Voleibol |
EST | EST | Eesti Võrkpalli Liit |
FER | FRO | Flogbóltssamband Føroya |
FIN | FIN | Suomen Lentopalloliitto F. Y. |
FRA | FRA | Fédération Française de Volleyball |
GEO | GEO | Georgian Volleyball Federation |
GER | GER | Deutscher Volleyball Verband |
GIB | GIB | Gibraltar Volleyball Association |
GRE | GRE | Elliniki Omospondia Petosferiseos |
GRL | GRL | Kalaallit Nunaanni Volleyballertartut Kattuffiat |
HUN | HUN | Magyar Röplabda Szövetség |
IRL | IRL | Volleyball Association of Ireland |
ISL | ISL | Blaksamband Íslands |
ISR | ISR | Igud HaKadur'af BeIsrael |
ITA | ITA | Federazione Italiana Pallavolo |
LAT | LAT | Latvijas Volejbola Federâcija |
LIE | LIE | Liechtensteiner Volleyball Verband |
LTU | LTU | Lithuanian Volleyball Federation |
LUX | LUX | Fédération Luxembourgeoise de Volleyball |
MKD | MKD | Odbojkarska Federacija na Makedonija |
MLD | MDA | Fédération de Volleyball de la République de Moldavie |
MLT | MLT | Malta Volleyball Association |
MON | MON | Fédération Monégasque de Volleyball |
MNE | MNE | Odbojkaški savez Crne Gore |
NED | NED | Nederlandse Volleybal Bond |
NIR | NIR | Northern Ireland Volleyball Association |
NOR | NOR | Norges Volleyballforbund |
POL | POL | Polski Związek Piłki Siatkowej |
POR | POR | Federação Portuguesa de Voleibol |
ROM | ROU | Federaţia Română de Volei |
RUS | RUS | Vserossijskaya Federatsiya Volejbola |
SRB | SRB | Odbojkaški savez Srbije |
SCO | SCO | Scottish Volleyball Association |
SLO | SLO | Odbojkarska Zveza Slovenije |
SMR | SMR | Federazione Sammarinese Pallavolo |
SVK | SVK | Slovenská Volejbalová Federácia |
SUI | SUI | Swiss Volley |
SWE | SWE | Svenska Volleybollförbundet |
TUR | TUR | Türkiye Voleybol Federasyonu |
UKR | UKR | Ukrainian Volleyball Federation |
WAL | WAL | Welsh Volleyball Association |