Blok (follybal)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It blok, besteande út trije spilsters

It blok is ien ûnderdiel fan de sport follybal. Om it de tsjinstander dreger te meitsjen om mei in oanfal te scoren, springe ien, twa of soms trije spilers tagelyk en njonken mekoar mei strekte earmen en hannen oan it net op. De keunst is om op it goede stuit en presys tagelyk te springen, en fansels op it plak dêr't de bal slein wurdt.

Blokkearje kin oanfallend wêze, dêr't de bal direkt by werom giet nei it fjild fan de tsjinparij, of ferdigenjend, dêr't de bal safolle mooglik by ophâlden wurdt sa't dy troch in teamgenoat makliker spile wurde kin. Yn beide gefallen mei it blok de bal oanreitsje sûnder dat it balkontakt meitelt as ien fan maksimaal trije mominten fan balkontakt. De útsûndering is at de bal troch it blok bûten it fjild terjochte komt, dan is it punt foar de tsjinstander.