Burgemeester Beinsdorp
Burgemeester Beinsdorp | ||
Lokaasje Burgemeester Beinsdorp yn de eardere gemeente Vlagtwedde | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 410 2008 | |
Oerflak | 0,2 km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 52' NB, 7° 5' EL |
Burgemeester Beinsdorp (ek wol BB-dorp neamd) is in wyk yn it doarp Ter Apel yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It leit by it sânde fallaat yn it Stedskanaal, dat pleatslik ek wol oantsjutten wurdt as Ter Apelkanaal. De wyk is neamd nei de eardere boargemaster Fredrik Adolf Beins fan de doetiidske gemeente Vlagtwedde.
Yn 1925 waard in stadich begjin makke mei it bouwen fan in arbeiderswyk tichteby Ter Apel foar wurklju út ûnbewenne ferklearre wenten, wenweinen en wenskippen út ûnder oaren Barnflair. Yn dy tiid waard in nije wyk wol gauris as "doarp" oantsjutten, sa as by Agodorp, dat ek in arbeiderswyk by Ter Apel is. Yn de omkriten lei it lêste heidelân fan dregio Westerwâlde dy't yn de krisisjierren oanmakke waarden yn it ramt fan de wurkferskaffing. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de wyk dien makke.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it sânde fallaat steane in brêgewachterswente en in slûswachterswente sûnder wryt en slyt út 1875.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |