Springe nei ynhâld

Bedazzled (film út 2000)

Ut Wikipedy
Bedazzled
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Harold Ramis
produsint Trevor Albert
Harold Ramis
senario Larry Gelbart
Harold Ramis
Peter Tolan
basearre op Bedazzled fan Peter Cook
   en Dudley Moore
kamerarezjy Bill Pope
muzyk David Newman
filmstudio Regency Enterprises
Kirch Media
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Brendan Fraser
Elizabeth Hurley
byrollen Frances O'Connor
Orlando Jones
Paul Adelstein
Toby Huss
Miriam Shor
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 oktober 2000
foarm langspylfilm
sjenre fantasykomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $48 miljoen
opbringst $90 miljoen

Bedazzled is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 2000 ûnder rezjy fan Harold Ramis, mei yn 'e haadrollen Brendan Fraser en Elizabeth Hurley. De titel betsjut "Ferbline". De film is in remake fan 'e Britske film mei deselde namme út 1967. It ferhaal giet oer Elliot Richards, in bleue suffert dy't troch eltsenien mar oer him rinne lit. Hy is smoarfereale op in froulike kollega, mar it slagget him mar net om har mei út te freegjen. As de (tsjeppe froulike) duvel him help oanbiedt, ferkeapet er syn siel foar sân winsken. Dat pakt lykwols net út sa't er ferwachte hie. Bedazzled krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses.

Elliot Richards is in bleue, oerwurke suffert yn San Francisco mei in dearinnende baan by in IT-bedriuw. Hy lit troch eltsenien oer him rinne en hat gjin freonen. Syn kollega's hawwe in grouwéligen hekel oan him, mar om't se oer it algemien har fatsoen hâlde, mient er dat it syn maten binne. Elliot is fierders smoarfereale op Alison Gardner, in froulike kollega dy't fjouwer jier lyn by itselde bedriuw kommen is te wurkjen. Mar ôfsjoen fan in koart petear dy iene kear doe't se tafallich tegearre yn 'e lift stiene, hat er har noch nea doaren oan te sprekken. As Elliot op in jûn nei in bar giet, treft er dêr by tafal syn kollega's Daniel, Bob, Jerry en Carol, dy't him op it wurk ferteld hiene dat se dy jûns net útgean soene, om't se him net mei hawwe woene. Ta ôfgriis fan it fjouwertal jout Elliot him by harren.

As Alison deselde bar ynkomt, sette Elliot syn 'freonen' him oan om einlings al syn moed byinoar te skraabjen en har oan te sprekken en om in ôfspraakje te freegjen. Dat dogge se net om him te helpen, mar om fan him ôf te kommen. Elliot kriget it gefoel dat er der no net foarwei kin sûnder in leffert te lykjen, dat hy stapt op Alison ta en begjint op knoffelige wize in petear, wêrby't er fia in ûnhandige omwei nei it punt ta wurket om har mei út te freegjen. Ear't er dêroan ta komt, spilet sy fan ruten. Wylst er har de bar út glûpen sjocht, fersucht er tsjin himsels dat er der alles wol foar oer hawwe soe om in relaasje mei har te hawwen. Dêrop wurdt er oansprutsen troch in tsjeppe frou yn read minyjurkje, dy't him fertelt dat se de duvel is. Elliot leaut dêr fansels earst hielendal neat fan, mar se wit him fan har identiteit te oertsjûgjen troch fan it iene op it oare stuit op in hiel oar plak te ferskinen.

De duvel fertelt Elliot dat se eltse winsk fan him ferfolje kin. Hy wol wolris sjen hoe't dat yn syn wurk giet, dat sy lit him in winsk dwaan. Hy winsket in hamburger en kola. De duvel nimt him mei yn in bus fan it pleatslike iepenbier ferfier nei in McDonald's-restaurant, dêr't se in hamburger en in kola foar him bestelt, dy't se him trouwens sels ek noch betelje lit om't se "har beurs yn 'e ûnderwrâld lizze litten hat." Elliot is begryplikerwize net bot ûnder de yndruk, mar de duvel nimt him mei nei in nachtklub yn Oakland, dêr't eltsenien syn namme skandearret. Se biedt him in tsjûk kontrakt oan fan sân winsken yn ruil foar syn siel. Hy is earst ûnwillich om mei sok hantsjebakken akkoart te gean, mar sy kin him mei wurden wol oer, dat by einsluten tekenet er by it krúske. Neitiid jout de duvel him in piper mei, dêr't er it nûmer 666 op yntoetse moat as syn winsk om 'e iene of oare reden net nei winsk is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By syn earste winsk freget Elliot om rykdom en macht en hy wol troud wêze mei Alison. Hy kriget wêr't er om frege hat: hy libbet yn in reuseftige filla mei in protte tsjinstfolk. Allinnich hied er der net op rekkene dat er Spaansk sprekke soe, mar dat makket neat út. It wurdt minder as er ûntdekt dat er wol troud is mei Alison, mar dat sy him hatet en iepentlik oerhoer bedriuwt mei har priveelearaar Raúl. As syn assistinten (dy't in opfallende likenis fertoane mei syn kollega's fan it IT-bedriuw) him meinimme nei it 'fabryk', dêr't in probleemke wêze soe, komt Elliot derefter dat er in Kolombiaanske drugsbaron is. Raúl, dy't al syn meiwurkers omkocht hat, docht in greep nei de macht en besiket Elliot te likwidearjen. Hy wit nauwerneed te ûntkommen en toetst 666 yn krekt foar't er út in helikopter te pletter falt.

Elliot is der min oer te sprekken dat de duvel syn winsk sabotearre hat, mar sy oertsjûget him derfan dat it gjin opset, mar in fersin wie. Se nimt him mei nei it appartemint fan Alison, dêr't se ynbrekke en út Alison har deiboek gewaarwurde dat Alison in gefoelige man siket. Dat, Elliot winsket om 'e gefoelichste man fan 'e wrâld te wurden, nee, wacht! De emosjoneel gefoelichste man fan 'e wrâld. (Hy mient dat er de keunstkes fan 'e duvel no troch hat.) Dat pakt net út sa't er ferwachte, want hoewol't Alison miende dat se in gefoelige man hawwe woe, hat se nei trije wiken skjin har nocht fan 'e yrritante griner dy't Elliot wurden is. As se oan 'e ein fan 'e middei op it strân binne en Elliot oanhâldend yn gûlen útbarst fanwegen de skientme fan 'e sinne-ûndergong, naait Alison út mei in gefoelleaze narder dy't inkeld mei har omgiet om seks mei har te hawwen. Alhiel yn triennen toetst Elliot wer 666 yn.

No't er foar it ferstân krigen hat dat froulju net witte wat se wolle, winsket er dat er in grutte keardel wêze mei, in sporter, dy't ferneamd en populêr is. Sa'nent sil in frou dochs perfoarst net wjerstean kinne. De duvel jout him gelyk. Elliot is no in basketballer fan 2.50 m lang, dy't de flier oanfaget mei al syn tsjinstanners en allinne wat oerdiedich swit. As er nei de wedstryd ynterviewd wurdt troch in sportferslachjouwer, docht lykwols bliken dat er net bepaald it grutste ljocht is. Yn 'e klaaikeamer, as er inkeld klaaid is mei in handoek om 'e mul, wurdt Elliot opsocht troch Alison, dy't as ferslachjouster graach in artikel oer him skriuwe wol en dêrby oanhâldend seksueel tinte opmerkings makket dy't er net begrypt. As er him úteinlik omklaaie wol en Alison net fuortgiet, docht er syn handoek ôf en blykt dat er in mikropenis hat. Alison hat gjin belangstelling mear foar him en jout har laitsjend ôf, wylst Elliot 999 yntoetst foar't er beseft dat er it bryfke op 'e kop hâldt en dat it 666 wêze moat.

Elliot is nidich oer de streek dy't de duvel him levere hat, mar sy wit him te bepraten om it nochris te prebearjen. Diskear winsket Elliot om in bekend en wolbespraakt man te wêzen mei in grutte (mar net healwiis grutte) penis. Hy wurdt dan de ferneamde skriuwer Elliot Richards, nei wa't alle froulju smachtsje. Op in feestje yn in penthouse moetet er Alison, dy't in grutte fan fan him is. Hy ferliedt har sûnder swierrichheden en nimt har mei nei hûs om 'e leafde mei har te bedriuwen, mar yn syn bêd treffe se syn man Lance oan. Elliot wol earst net leauwe dat er homo is, mar as er it nochris mei Alison besiket en der bart neat, is him wol dúdlik wat der no wer misrûn is en toetst er wer 666 yn.

Mei't er skjin syn nocht hat fan 'e streken fan 'e duvel, wol Elliot der de brui oan jaan, mar sy bepraat him om it dochs nochris te besykjen. Diskear winsket er dat er de presidint fan 'e Feriene Steaten is. Dêr kin net folle mei misgean, sa ornearret er, want de presidint is ryk en machtich en der binne froulju by 't folop dy't wol mei him omslaan wolle. As de duvel syn winsk yn ferfolling gean litten hat, blykt er lykwols op 'e nij net sekuer genôch omskreaun te hawwen wat er woe. Hy is no Abraham Lincoln, en minder noch, it is de jûns fan 14 april 1865 en hy bringt in besyk oan it teäter. Elliot wit krekt op 'e tiid syn piper te finen en 666 yn te toetsen foar't er troch John Wilkes Booth deasketten wurdt.

Neitiid kriget Elliot spul mei de duvel, want neffens him hat er fiif winsken ferbrûkt en hat er noch twa te gean, mar neffens har hat er al seis winsken hân en restearret der noch mar ien. Sy telt nammentlik de hamburger en kola mei. Elliot hat wolfergoed syn nocht en seit dat se syn lêste winsk wol hâlde mei. Hy jout him ôf en giet nei in roomske tsjerke, dêr't er syn ferhaal foarleit oan 'e pastoar, yn 'e ferwachting dat dy him gelyk jaan sil yn syn skeel mei de duvel. De pastoar mient lykwols dat er dronken is, en Elliot wurdt troch de duvel ferklaaid as plysjefrou oppakt foar iepenbiere dronkenskip en belânet yn 'e sel. Syn selgenoat is in swarte man dy't mear fan him liket te witten as mooglik is. Hy fertelt Elliot dat it neat útmakket dat er in kontrakt mei de duvel sletten hat, om't er syn siel dochs net ferkeapje kin. Sy siel is nammentlik hielendal net syn eigendom, mar dat fan God. De man seit ek tsjin him dat hoewol't de duvel besykje kin om him yn 'e war te bringen, Elliot úteinlik beseffe sil wa't er wierlik is. As Elliot freget wa't de swarte man is, antwurdet dy ienfâldichwei: "in hiel goede freon". It is lykwols dúdlik dat Elliot mei God sels opsletten sit.

As er frijlitten wurdt, reizget Elliot nei de nachtklub yn Oakland ta om 'e duvel te bepraten en annulearje it kontrakt. Dat wegeret se lykwols, en ynstee besiket se Elliot te yntimidearjen om syn lêste winsk te dwaan, sadat de ferkeap fan syn siel definityf wurde sil. Uteinlik winsket Elliot inkeld dat Alison gelokkich wurde mei yn har libben, oft dat no mei of sûnder him wêze sil. De yrritearre duvel fertelt him dan dat it kontrakt tusken harren beiden annulearre is, om't yn 'e lytse letterkes stiet dat in ûnselssuchtige winsk alle ôfspraken neatich makket. Elliot fertelt de duvel dat er har nettsjinsteande har manipulaasje as in freon begûn is te beskôgjen en ferlit de nachtklub. Troch alle ûnderfinings dy't de duvel him opdwaan litten hat, is er gâns feroare. Hy is er net mear sa bleu en gjin suffert mear en lit er ek net mear oer him rinne. Hy set syn 'freonen' te plak en freget Alison planút om in ôfspraakje, mar se blykt al in frijer te hawwen.

Neitiid giet Elliot teloarsteld nei syn appartemintekompleks, dêr't krekt in nije buorfrou mei ferhúsdoazen oan it sjouwen is. Hja hjit Nicole Delarusso en liket as twa drippen wetter op Alison. Elliot biedt syn help oan en dat is it begjin fan in romantyske relaasje tusken harren. As se letter as fereale pearke in stik troch de stêd te kuierjen geane, komme se God en de duvel foarby, dy't bûtendoar sitte te skaken. Wylst God Elliot en Nicole goedgeunstich glimkjend neisjocht, ferset de duvel gau-gau in pear skaakstikken.

Brendan Fraser.
Elizabeth Hurley.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Elliot Richards / Jefe / "Mary" / Abraham Lincoln Brendan Fraser
de Duvel Elizabeth Hurley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Alison Gardner / Nicole Delarusso Frances O'Connor
Daniel / Dan / Danny / Estebán / Beach Jock / Lamar Garrett / dr. Ngegitigegitibaba Orlando Jones
Bob / Roberto / Beach Jock / Bob Bob Paul Adelstein
Jerry / Alejandro / Beach Jock / Jerry Turner / Lance Toby Huss
Carol / gastfrou yn penthouse Miriam Shor
God Gabriel Casseus
pastoar Brian Doyle-Murray
brigadier Jeff Doucette
Elliot syn baas Aaron Lustig
Raúl Rudolf Martin
John Wilkes Booth Julian Firth

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bedazzled waard regissearre Harold Ramis, dy't earder ferantwurdlik west hie foar komeedzjefilms as Groundhog Day, Multiplicity en Analize This. Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Larry Gelbart, Peter Tolan en himsels, op basis fan 'e Britske film Bedazzled, út 1967, fan Peter Cook en Dudley Moore. Ramis wie ek as produsint by it projekt belutsen, tegearre mei Trevor Albert, foar de filmstudio's Regency Enterprises en Kirch Media. Der wie foar de remake fan Bedazzled in budget fan $48 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch David Newman.

De distribúsje fan Bedazzled waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 20 oktober 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Bedazzled mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 113 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't der grappige mominten yn sitte, is dizze remake winliken in iengraps film mei tefolle flauwe plotpunten, dy't net yn it skaad stean kin fan it folle bettere orizjineel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bedazzled ek in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 34 resinsjes.

Bedazzled brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $90 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $48 miljoen, is de útkomst in winst fan $42 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.