Springe nei ynhâld

Baai fan San Francisco

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baai fan San Fransisko)
Baai fan San Francisco
Utsjoch oer it noardwestlike part fan 'e Baai fan San Francisco, mei op 'e foargrûn de Bay Bridge en fierderop en mear nei lofts de Golden Gate Bridge.
Utsjoch oer it noardwestlike part fan 'e Baai fan San Francisco, mei op 'e foargrûn de Bay Bridge en fierderop en mear nei lofts de Golden Gate Bridge.
geografy
type wetter baai
lokaasje westkust fan Kalifornje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
koördinaten 37°40′N 122°16′W
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 97 km
maks. breedte 19 km
oerflak 4.100 km²
djiptegemiddelde 4–5 m
djipste punt 113 m
kaart
Baai fan San Francisco (Kalifornje)
Baai fan San Francisco
Lokaasje yn Kalifornje.

De Baai fan San Francisco (Ingelsk: San Francisco Bay), is in grutte ûndjippe baai en tijmûning oan 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dit wetter leit yn Noard-Kalifornje en heart hydrologysk sjoen ta de Stille Oseaan. De hiele Sintrale Delling fan Kalifornje wetteret ôf fia de Baai fan San Francisco. Yn it noarden stiet de baai yn ferbining mei de Baai fan San Pablo en de Suisunbaai, dy't soms as ûnderdiel fan 'e Baai fan San Francisco beskôge wurde, mar soms ek net. Yn it noardwesten foarmet de Golden Gate in nauwe see-ingte dy't tagong jout ta de see. It gebiet om 'e Baai fan San Francisco hinne stiet bekend as de Baaikrite (Bay Area); dat is tichtbefolke, mei as grutste stêden San Francisco, San Jose en Oakland. Yn 'e baai lizze inkele eilantsjes, wêrûnder it eardere finzeniseilân Alcatraz. De baai wurdt trochkrúst troch ferskate grutte brêgen, wêrfan't de Golden Gatebrêge de bekendste is.

De Baai fan San Francisco leit oan 'e westkust fan Noard-Amearika yn Noardlik Kalifornje en foarmet alsa in diel fan 'e Stille Oseaan. It is eins mear in grutte tijmûning as in echte baai, en bestiet út trije parten. Yn it foarste plak is der de eigentlike Baai fan San Francisco, dy't opmakke is út in rûchwei rûn diel efter de Golden Gate, de nauwe see-ingte dy't tagong ta de oseaan jout, mei in taps tarinnende langwerpich diel dat útstiket nei it suden ta en sa it Skiereilân fan San Francisco skiedt fan it fêstelân fan Kalifornje. Oard is der de Baai fan San Pablo, dy't yn it noarden op 'e eigentlike Baai fan San Francisco oanslút mar fierder yn it lân op snijt. En trêd is der de Suisunbaai, dy't fierder eastlik it lân yn leit en mei de Baai fan San Pablo ferbûn wurdt troch de Strjitte fan Carquinez.

In satellytfoto fan 'e Baai fan San Francisco.

Ofhinklik fan hokker wetters krekt ta de Baai fan San Francisco rekkene wurde, beslacht de baai in oerflak fan 1.000 oant 4.100 km². Op it langste punt mjit de baai 97 km en op it smelste punt 19 km. De Baai fan San Francisco is oer it algemien net folle djipper as in swimbad: likernôch 4 oant 5 m. Fan Hayward en San Mateo oant San Jose is de djipte mar 30 oant 90 sm. It djipste part fan 'e baai wurdt foarme troch de Golden Gate, dêr't it 113 m is oant de boaiem. Grutte skippen moatte har dêrom strikt oan djippe farslinken hâlde dy't ûnderholden wurde moatte troch geregeldwei útbaggere te wurden.

De Baai fan San Francisco fertsjintwurdiget de iennichste trochgong yn 'e berchtmen dy't by de kust fan Kalifornje lâns lizze. Sadwaande wetterje de hiele Sintrale Delling, yn it binnenlân fan Kalifornje, en teffens de Sierra Nevada, op 'e grins fan Kalifornje mei Nevada, ôf fia de baai. Dat komt del op 40% fan it oerflak fan Kalifornje. De ôfwettering giet fia de rivieren de Sacramento, de San Joaquin en de Napa.

It gebiet om 'e Baai fan San Francisco hinne, de saneamde Baaikrite (Bay Area) is ien fan 'e tichtstbefolke en ekonomysk wichtichste dielen fan Kalifornje, en dêrmei fan 'e Feriene Steaten. Der wenje sa'n 7 miljoen minsken. De grutste stêd dêrsanne is San Jose, dat oan 'e súdein fan 'e baai leit en mear as in miljoen ynwenners hat. San Francisco, op 'e útein fan it Skiereilân fan San Francisco oan 'e westein fan 'e baai, is bekender mar lytser, mei sa'n 850.000 ynwenners. In trêde grutte stêd yn it gebiet is Oakland, oan 'e eastkant fan 'e baai, mei in befolking fan 400.000 minsken. By San Jose leit Silicon Valley, wrâldferneamd fanwegen bedriuwen út 'e I.T.-sektor, lykas Hewlett-Packard en Google.

Om 'e stêden mei-inoar te ferbinen, binne ferskate grutte brêgen boud. De reade Golden Gatebrêge oer de Golden Gate is de bekendste. De oaren binne de Baybrêge tusken San Francisco en Oakland, de San Mateo-Haywardbrêge en de Dumbartonbrêge oer it súdlike diel fan 'e baaie, de Richmond-San Rafaelbrêge oer de skieding tusken de eigentlike Baai fan San Francisco en de Baai fan San Pablo yn it noarden, de Carquinezbrêge en de Benicia-Martinezbrêge oer de Carquinezstrjitte en de Antiochbrêge oer it eastlike part fan 'e Suisunbaai.

Brêgen oer de Baai fan San Francisco:
1. Richmond-San Rafaelbrêge
2. Golden Gatebrêge
3. Baybrêge
4. San Mateo-Haywardbrêge
5. Dumbartonbrêge
6. Carquinezbrêge
7. Benicia-Martinezbrêge
8. Antiochbrêge

Der lizze fiif gruttere eilannen yn 'e Baai fan San Francisco. It grutste, Alameda, ûntstie doe't der yn 1901 in kanaal groeven waard nei de haven fan Oakland. No is it eilân in foarstêd fan Oakland. Angel stie foarhinne bekend as "Ellis Island-West", om't it tsjinne as tagongspunt ta de Feriene Steaten foar ymmigranten út East-Aazje (krekt sa't Ellis Island by New York dat wie foar ymmigranten út Jeropa). No is it in steatspark. It bercheftige Yerba Buena wurdt no trochboarre troch in tunnel dy't de eastlike en westlik parten fan 'e Baybrêge mei-inoar ferbynt. Oan 'e noardkant sit dêr it keunstmjittige en flakke Skateilân (Treasure Island) oan fêst, dat makke waard foar de Ynternasjonale Tentoanstelling fan de Golden Gate út 1939. Fan 'e Twadde Wrâldoarloch oant de 1990-er jierren wiene sawol Yerba Buena as Skateilân militêre bases. Isolearre yn 'e midden fan 'e baai leit it bekendste eilân, Alcatraz, dêr't fan 1934 oant 1963 in beruchte finzenis fêstige wie.

Geologen binne fan tinken dat de Baai fan San Francisco in delbûgen fan 'e ierdkoarste tusken de San Andreasbrekline en de Haywardbrekkline fertsjintwurdiget, dy't 560.000 jier lyn ûntstien wêze soe. It hoe en wat wurdt dêroer noch bestudearre. Oant de lêste iistiid wie wat no de Baai fan San Francisco is in grutte drûge delling. Doe't de grutte iiskapen begûnen te ranen, kaam it seenivo omtrint 11.000 jier lyn sa heech te stean, dat de Stille Oseaan fia de Golden Gate stadichoan it gebiet ynkrong oant úteinlik de hiele delling derûnder strûpte.

It eilantsje Alcatraz, mei it eardere finzeniskompleks.

Tiidrek fan ûntdekkingsreizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de Baaikrite berikten, waard it gebiet bewenne troch it Yndiaanske folk fan 'e Ohlone. De earste Jeropeaan dy't de Baai fan San Francisco seach, wie nei gedachten N. de Morena dy't yn 1579 troch de Ingelske seefarder sir Francis Drake efterlitten waard te Nij-Albion oan Drakesbaai yn wat no Marin County is, en dêrwei by de kust lâns nei Nij-Spanje rûn, it tsjintwurdige Meksiko.

De earste dokumintearre ûntdekking fan 'e Baai fan San Francisco foel foar op 4 novimber 1769, doe't de Spaanske ûntdekkingsreizger Gaspar de Portolà it Sweeneyberchtme beklom en dêrwei oer de baai útseach. Hy ferkearde lykwols yn 'e misse oertsjûging dat er in sydearm fan 'e Drakesbaai fûn hie. Doedestiden waard de Drakesbaai troch de Spanjerts Bahia de San Francisco neamd en sadwaande kamen doe beide wetters sa te hjitten. Letter soe it folle gruttere en wichtigere wetter dy namme foar himsels ta-eigenje.

Utsjoch oer de stêd Berkeley, mei op 'e eftergrûn de Baai fan San Francisco.

De earste Jeropeaan dy't fan see ôf de Baai fan San Francisco oandie, wie nei alle gedachten de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan de Ayala, dy't op 5 augustus 1775 mei syn skip de San Carlos troch de Golden Gate fear en foar anker gie by it eilantsje Angel, yn in baaike dat no Ayala Cove hjit. Dêrwei ferkende er de hiele baai en syn kartograaf José de Cañizares makke de earste kaart fan 'e Baai fan San Francisco.

Underdiel fan Meksiko

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1821 wûn Meksiko syn ûnôfhinklikheid fan Spanje en kaam Kalifornje ta dat nije lân te hearren. Opperkalifornje, sa't it gebiet doe hiet, lei lykwols fier fuort oan 'e râne fan 'e beskaving, en inkeld yn it suden, yn 'e krite dêr't no San Diego en Los Angeles lizze, wie sprake fan in beskate kolonisaasje. It gebiet om 'e Baai fan San Francisco hinne waard pas kolonisearre doe't der har geandewei de earste helte fan 'e njoggentjinde iuw wat kolonisten fêstigen dy't ôfkomstich wiene út 'e Feriene Steaten. Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, dy't yn 1846 útbriek, waard Kalifornje ferovere troch de Amerikanen. By it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo wie Meksiko yn 1848 twongen om it gebiet formeel ôf te stean.

De Golden Gatebrêge oer de Golden Gate, in see-ingte dy't tagong jout ta de iepen Stille Oseaan. (Op 'e foto is de oseaan ûnderoan en de Baai fan San Francisco boppe-oan; San Francisco is de stêd yn 'e midden.)

Underdiel fan 'e Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart dêrnei waard der goud ûntdutsen yn Kalifornje, wat oanlieding joech ta de Kalifornyske Goudkoarts. Dêrtroch streamden der hûnderttûzenen nije Amerikaanske kolonisten nei it gebiet ta. Yn 1846, foarôfgeande oan 'e goudkoarts, wie San Francisco in plakje mei 500 ynwenners. Yn 1849, doe't de goudkoarts op syn hichtepunt wie, hie San Francisco 25.000 ynwenners en wie it útwoeksen ta de grutste stêd oan 'e westkust fan Noard-Amearika. Tsjin 1870 soe de stêd 150.000 ynwenners hawwe en yn 1890 al 300.000.

Sa ûntjoech de Baaikrite him ta it sintrum fan 'e Amerikaanske kolonisaasje fan it Fiere Westen. Dat waard noch fuortsterke trochdat it Earste Transkontinintale Spoar yn 1869 oan 'e kust fan 'e Baai fan San Francisco útkaam. Ek dominearre it gebiet de Amerikaanske skipfeart oan 'e westkust folslein, oant tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw Seattle yn Washington as havenplak opkaam. Oant fier yn 'e tweintichste iuw wie San Francisco it wichtichste yngongspunt ta de Feriene Steaten foar ymmigranten út East-Aazje.

Sâltpannen foar seesâltwinning oan 'e súdein fan 'e Baai fan San Francisco.

Foàr 1860 bestie de kustline fan 'e Baai fan San Francisco, útsein op plakken dêr't de igge rotseftich wie, út útstrutsen moerassen, dy't frijwol ûnmerkber oergiene fan swietwettersompen fia brak kustmoeras yn in drekkige tijflakte. Fan 'e 1860-er jierren oant de iere tweintichste iuw smieten goudsikers en mynwurkers suver ûnfoarstelber grutte hoemannichten moude en grint yn 'e bopperinnen fan 'e rivieren de Sacramento en de San Joaquin. Dat wie safolle, dat wol rûsd is dat it om acht kear safolle gie as dat ferset is by de oanlis fan it Panamakanaal. Al dat materiaal waard troch de rivier steamôf fierd, wêrby't it ta hieltyd finer sedimint sliten waard, oant it foar in grut part nei de boaiem sakke yn 'e Baai fan San Francisco.

Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie de baai dêrtroch tige ûndjip wurden, sadat om 1900 hinne úteinset waard mei it útbaggerjen fan farslinken om 'e havens oan 'e baai berikber te hâlden foar de skipfeart. Dy farslinken hat men sûnt oan ien wei troch ûnderhâlde moatten. De ophelle bagger waard brûkt om 'e sompen mei te dimpen, dy't lang as nutteleas en fergrieming fan romte sjoen waarden, en ek om it keunstmjittige Skateilân fan oan te lizzen. Yn 1959 publisearre it United States Army Corps of Engineers, it sjenykorps fan it Amerikaanske Leger, in rapport wêryn't stie dat de Baai fan San Francisco sûnt 1860 al in trêdepart lytser wurden is. As it dimpen mei deselde faasje trochgie, soe der yn 2020 inkeld noch in farslink fan oer wêze.

Dat nijs late yn 1960 ta de oprjochting fan 'e Save the Bay-beweging, dy't him mei súkses oankante tsjin fierdere dimpings. Sûnt de 1990-er jierren is men úteinset mei it werombringen fan 'e earder dimpte kustsompen, dy't it biotoop wiene fan ferskate soarten dy't nearne oar foarkamen, lykas de strânnôtmûs. Yn 2013 krige de Baai fan San Francisco dêrom de status fan "wetland fan ynternasjonaal belang" ûnder de Konvinsje fan Ramsar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Literature, op dizze side.