Anne of Green Gables (roman)
Anne of Green Gables | ||
De foarside fan 'e earste printinge út 1908. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | L.M. Montgomery | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | jeugdliteratuer | |
1e publikaasje | 1908, Boston | |
oarspr. útjwr. | L.C. Page & Co. | |
rige | ||
rige | Anne of Green Gables |
Anne of Green Gables is in wrâldferneamd jeugdboek foar lêzers fan alle leeftiden, fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). It boek fertelt it ferhaal fan it alvejierrige weesfamke Anne Shirley, dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw by fersin telâne komt by Matthew Cuthbert, in boer oan 'e ein fan syn middeljierren, en dy syn suster Marilla, op 'e pleats Green Gables ("griene gevelstiennen") op Prins Edwardeilân. Hja hiene it weeshûs op it fêstelân om in jonge frege dy't mei it wurk helpe koe, en as Anne by harren komt, binne se wisberet om it misferstân rjocht te setten en it fanke úteinlik werom te stjoeren. Wylst oer dy saak brieven hinne en wer stjoerd wurde, wit Anne in plakje op 'e pleats en de lokale skoalle, yn it doarp en úteinlik yn it hert fan 'e Cuthberts te feroverjen. Anne of Green Gables, dat publisearre waard yn 1908, wurdt beskôge as in wiere klassiker, wêrfan't mear as 50 miljoen eksimplaren ferkocht binne, en dy't oerset is yn teminsten 36 talen. Montgomery fêstige har reputaasje as auteur mei dit boek en skreau neitiid acht ferfolchromans. Anne of Green Gables is adaptearre ta films, tillefyzjesearjes, tekenfilms, harkspullen, musicals en toanielstikken. Yn 1979 ferskynde ûnder de titel Anne van het Groene Huis in Nederlânsktalige oersetting by Uitgeverij De Fontein.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anne Shirley, in jong weesfamke út (it fiktive plak) Bolingbroke, yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân, wurdt nei it lytse (en krektlyk fiktive) doarp Avonlea, op Prins Edwardeilân, ta stjoerd. Dêr komt se te wenjen by Matthew Cuthbert, in net-troude boer fan yn 'e sechstich, en dy syn net-troude suster Marilla fan yn 'e fyftich, dy't by him ynwennet. Dy beiden hiene per brief by it weeshûs frege om in jonge te adoptearjen dy't meihelpe koe yn it boerewurk op harren pleats Green Gables, mar troch in fersin is harren in famke tastjoerd.
Anne "mei in e", dêr't se sels sterk oan hechtet om har te ûnderskieden fan alle famkes dy't 'Ann' hjitte, hat hast har hiele jonkheid yn pleechgesinnen en weeshuzen trochbrocht. Se hat in tige libbene fantasij, mei it de minsken graach nei 't sin meitsje en kin bytiden frijwat dramatysk út 'e hoeke komme. Har eigen read hier en bleke hûdskleur hat se lykwols in grouwéligen hekel oan, en dat is foar har dan ek in pinepunt. It fanke eamelet hiel wat ôf, benammen as it giet oer it beskriuwen fan har fantasijen en dreamen. Nei jierren yn minne omstannichheden libbe te hawwen, bloeit Anne op Green Gables hielendal op en har ferbyldingskrêft en praatgragens begjinne al rillegau fleur te jaan oan it libben fan 'e Cuthberts.
Matthew, in wat bleue man dy't der by Anne amper in wurd tusken kriget, mei har daliks al lije, mar syn suster Marilla, dy't op it earste gesicht soer liket, mar letter strang mar rjochtfeardich blykt te wêzen, wit yn 't earstoan net wat se oan it fanke hat. Marilla stiet derop dat it misferstân mei it weeshûs útsocht wurdt, en dat Anne 'ynruile' wurde sil tsjin 'e jonge dêr't se om frege hiene. Se stimt der lykwols yn ta dat Anne, wylst oer dy saak brieven hinne en wer geane, by harren bliuwe sil. Tsjin 'e tiid dat it fersin rjochtbreide is en it weeshûs ree is om Anne werom te nimmen en yn har plak in jonge te stjoeren, is it fanke Marilla lykwols sa leaf wurden dat se har net mear kwyt wol.
Op skoalle yn Avonlea docht Anne it treflik, en se slút al rillegau in hechte freonskip mei Diana Barry, in famke dat deunby Green Gables wennet. Dy mist har libbene fantasij, mar is in trouwe freondinne. Oare kammeraatskes fan Anne binne de kalme Jane Andrews en de sympatike mar gauris hystearyske Ruby Gills.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op skoalle komt Anne ek yn 'e kunde mei Gilbert Blythe, in jonge dy't op slach fereale op har rekket as er har foar it earst sjocht. Om't er him ûnbewust is fan har gefoeligens op dat punt, besiket er har oandacht te lûken troch har oan har flecht te lûken en har "woartel" te neamen, ferwizend nei de kleur fan har hier. Yn in reäksje fan eksplosive lulkens slacht Anne dan in laai stikken op syn holle, wat Gilbert inkeld sterket yn syn leafde foar har. Neitiid besiket er oanhâldend om him foar har oer te ûntskuldigjen. Yn 't earstoan hatet se him, en sels as dat meitiid belunet, kin Anne har der net ta bringe om mei Gilbert te praten. Hy besiket noch in lêste kear om ekskús te meitsjen nei't er har rêden hat fan 'e drinkeldea, mar Anne wiist syn besykjen op lompe wize ôf, hoewol't se dêr suver daliks spyt fan hat.
Under it opgroeien op Green Gables hat Anne ferskate oanfarrings mei de ûnoangename susters Pye, Gertie en Josie. Ek brike setten komme foar, lykas wannear't se besiket har reade hier swart te fervjen en it ynstee grien wurdt, of as se Diana by fersin dronken fiert troch har fruchtewyn foar te setten, wêrfan't se mient dat it fruchtesop is. Dat lêste foarfal makket suver in ein oan har freonskip mei Diana, om't Diana har mem dêrnei net mear wol dat har dochter mei Anne omgiet. Frou Barry betinkt har lykwols as Anne har jongste dochter Minnie May, Diana har suske, fan 'e dea rêdt as dy de kroep oprûn hat.
Mei sechstjin jier giet Anne nei de Queen's Academy om foar skoaljuffer te learen. Ek Gilbert, Ruby, Josie en Jane geane dêrhinne, mar ta Anne har teloarstelling Diana net. Ynstee fan yn twa jier, de perioade dy't derfoar stiet, behellet Anne har ûnderwiisfergunning yn ien jier. Dêrmei wint se in stúdzjebeurs dy't har by steat steld om fierder te learen foar in bachelorsgraad oan it (fiktive) Redmond College, op it fêstelân fan Nij-Skotlân. Koarte tiid letter slacht lykwols it needlot ta as Matthew en Marilla al harren jild kwytreitsje by in bankkrach. As Matthew dat heart, beswykt er oan in hertoanfal.
Anne jout dêrnei har stúdzje op en keart werom nei Green Gables om Marilla te helpen, dy't stadichoan blyn oan it reitsjen is. Der is yn Avonlea lykwols gjin wurk foar har, dat se beslút om skoaljuffer te wurden yn Carmody en dêr troch-de-wyks yn 'e kost te gean, sadat se elts wykein op Green Gables trochbringe kin. Gilbert Blythe, dy't in oanstelling as skoalmaster yn Avonlea krigen hat, beslút dan om út freonskip foar Anne syn posysje op te jaan, sadat sy yn Avonlea foar de klasse stean en eltse dei by Marilla wêze kin. Sels fynt er in nije oanstelling yn White Sands. Dêrnei moat Anne Gilbert einlings en te'n lêsten syn misse set ferjaan en wurde se goede freonen.
Ferfolchboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]L.M. Montgomery skreau acht ferfolchromans op Anne of Green Gables. Fiif dêrfan hawwe krekt as Anne of Green Gables Anne Shirley as haadpersoan. Yn folchoarder fan ynterne gronology fan 'e searje binne dat:
- Anne of Avonlea (1909)
- Anne of the Island (1915)
- Anne of Windy Poplars (1936) (Yn it Feriene Keninkryk en Austraalje útbrocht as Anne of Windy Willows.)
- Anne's House of Dreams (1917)
- Anne of Ingleside (1939)
Yn 'e trije oare dielen binne Anne har bern of freonen de haadpersoan en spilet Anne sels in lytsere rol:
- Rainbow Valley (1919)
- Rilla of Ingleside (1921)
- The Blythes Are Quoted (2009) (Dit boek waard yn 1942 by de útjouwer besoarge op 'e stjerdei fan L.M. Montgomery, en koe wierskynlik fanwegen de anty-oarlochstoan ûnder de Twadde Wrâldoarloch net útjûn wurde. Uteinlik soe it mear as 60 jier duorje ear't it yn syn folsleinens publisearre waard.)
Yn elts fan 'e folgjende beide ferhalebondels is Anne de haadpersoan yn ien koart ferhaal en spilet se in byrol yn ferskate oare ferhalen:
- Chronicles of Avonlea (1912)
- Further Chronicles of Avonlea (1920)
Dêropta ferskynde yn 2008, net tafallich hûndert jier nei Anne of Green Gables, fan 'e hân fan auteur Budge Wilson in prequelroman fan 'e Anne-searje, dy't autorisearre wie troch de erven L.M. Montgomery:
- Before Green Gables (2008)
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anne of Green Gables wurdt hjoed de dei beskôge as in wiere klassiker. Der binne troch de jierren hinne mear as 50 miljoen eksimplaren fan it boek ferkocht, en it is oerset yn teminsten 36 talen. Yn 2012, doe't it School Library Journal in opinypeiling ûnder syn lêzers hold, waard Anne of Green Gables troch Amerikaanske skoalbern op it njoggende plak set yn in top 100 fan alderbêste jeugdromans aller tiden. It Britske publyk parte itselde boek yn 2003, by The Big Read fan 'e BBC, in 41e plak ta yn in top 100 fan bêste romans aller tiden.
Yn 'e Kanadeeske provinsje Prins Edwardeilân stiet op alle troch de provinsjale oerheid útjûne kentekenplaten it biedwurd "P.E.I. – Home of Anne of Green Gables" ("Prins Edwardeilân – Thúslân fan Anne of Green Gables"). Toerisme fan Anne-fans is al sûnt jier en dei in wichtich ûnderdiel fan 'e provinsjale ekonomy. Dy fans komme fan oer de hiele wrâld, mar benammen út Japan, dêr't it boek ûnder de titel Akage no An ("Readhierrige Anne") al sûnt 1952 diel útmakket fan it ferplichte lesprogramma foar it leger ûnderwiis.
It sintrum fan dat soarte toerisme is de wier besteande pleats Green Gables, by Cavendish (it wenplak fan 'e jonge L.M. Montgomery), dy't model stie foar de pleats yn it boek. Deunby lizze de bosk Balsam Hollow, dêr't Montgomery har Haunted Woods op basearre, en Campbell Pond, dy't model stie foar har Lake of Shining Waters. Fierders bringt it Confederation Centre of the Arts foar de toeristen sûnt 1965 eltse simmer op it Charlottetown Festival de útwrydsk populêre musical Anne of Green Gables op 'e planken.
It Anne of Green Gables Museum is sitewearre yn Park Corner op Prins Edwardeilân. It ferdivedaasjepark Avonlea, by Cavendish, is in soarte fan iepenloftmuseum oer Anne of Green Gables, dêr't toeristen har ferklaaie kinne as personaazjes út it boek om sa op 'e foto te gean. Foar Japanske toeristen dy't gjin jild hawwe om hielendal nei Kanada ta te reizgjen, is der in replika fan 'e Green Gables-pleats yn it ferdivedaasjepark Canadian World, yn Ashibetsu op Hokkaido. Dêr wurde û.m. foarstellings holden mei aktrises dy't Anne en Diana spylje. Simmerdeis kin men dêr fergees telâne, hoewol't dat wol betsjut dat der gjin tolken of fertalings binne foar lju dy't gjin Japansk sprekke.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ana of California: A Novel, in roman út 2015 fan Andi Teran oer it hjoeddeistige weesfamke Ana Cortez út East Los Angeles, dy't noch nea op it plattelân west hat as se by it boerepear Emmett en Abbie Garber yn noardlik Kalifornje bedarret.
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables, in toanielstik fan 'e Peterborough Players yn Peterborough (Nij-Hampshire) út augustus 2009.
Musicals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables: The Musical, in musical, skreaun troch Don Harron en Norman Campbell op muzyk fan Elaine Campbell en Mavor Moore, dy't sûnt 1965 simmerdeis opfierd wurdt yn it Confederation Centre of the Arts yn Charlottetown (Prins Edwardeilân).
- Anne and Gilbert: The Musical, in musical út 2005, skreaun troch Nancy White, oer de leafde tusken Anne en Gilbert Blythe, opfierd yn Charlottetown (Prins Edwardeilân).
- Anne of Green Gables, in musical fan Theatreworks USA, út 2006, yn it Lucielle Lortel Theatre yn New York.
- The Nine Lives of L.M. Montgomery, in musical op basis fan Montgomery har roman en har wiere libben, dy't fan 2008 oant 2010 op ferskate plakken op Prins Edwardeilân te sjen wie. Skreaun troch Adam-Michael James en op muzyk set troch Leo Marchildon.
Harkspullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables, in Britsk harkspul út 1941 op 'e BBC-radio.
- Anne of Green Gables, in Britsk harkspul út 1944 op 'e BBC-radio.
- Anne of Green Gables, in Kanadeesk harkspul út 1954 op 'e CBC-radio.
- Anna zo Zeleného domu, in Tsjechoslowaaksk, Slowaaksktalich harkspul út 1966.
- Anne of Green Gables, in Britsk harkspul út 1971 op 'e BBC-radio.
- Anne of Green Gables, in Britsk harkspul út 1997 op 'e BBC-radio.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables, in Amerikaanske stomme film út 1919 ûnder rezjy fan William Desmond Taylor, mei yn 'e titelrol Mary Miles Minter. Dizze film is neitiid weirekke (eat dêr't Montgomery grif net rouwich om west hawwe soe as se it witten hie, want doe't se de film seach sprong se suver út har fel fan lulkens dat de makkers Anne omfoarme hiene ta in Amerikaanse en Prins Edwardeilân ferfongen hiene troch Nij-Ingelân).
- Anne of Green Gables, in Amerikaanske film út 1934 ûnder rezjy fan George Nichols jr., mei yn 'e titelrol Dawn O'Day, dy't neitiid Anne Shirley as har artystenamme oannaam.
- Anne of Windy Poplars, in Amerikaanske film út 1940 ûnder rezjy fan Jack Hively, mei op 'e nij Dawn O'Day (no 'Anne Shirley') yn 'e titelrol.
Tillefyzjefilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables, in Kanadeeske tillefyzjefilm út 1956 ûnder rezjy fan Norman Campbell, mei yn 'e titeltrol Toby Tarnow.
- Anne of Green Gables, in Frânsk-Kanadeeske tillefyzjefilm út 1957 ûnder rezjy fan Jacque Gauthier, mei yn 'e titelrol Mireille Lachance.
- Anne of Green Gables, in Kanadeeske tillefyzjefilm út 1958 ûnder rezjy fan Don Harron, mei yn 'e titelrol Kathy Willard.
- L.M. Montgomery's Anne of Green Gables, in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2016 ûnder rezjy fan John Kent Harrison, mei yn 'e titelrol Ella Ballentine en mei Martin Sheen as Matthew Cuthbert.
- L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars, in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2017. In ferfolch op 'e tillefyzjefilm út 2016 fan deselde makkers en mei deselde haadrolspilers.
- L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew, in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2017. In ferfolch op 'e tillefyzjefilm út 2016 fan deselde makkers en mei deselde haadrolspilers.
Tillefyzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anne of Green Gables, in Britske tillefyzjesearje út 1952, mei yn 'e titelrol Carole Lorimer.
- Anne of Green Gables, in Britske minysearje út 1972, mei yn 'e titelrol Kim Braden.
- Anne of Avonlea, in Britske minysearje út 1975, mei yn 'e titelrol Kim Braden. Ferfolch op 'e minysearje út 1975.
- Akage no An ("Readhierrige Anne"), in tige populêre Japanske tekenfilmsearje út 1979, dy't de Anne of Green Gables-raazje yn Japan ta grutte hichte oanjage.
- Anne of Green Gables, in Kanadeeske minysearje út 1985 ûnder rezjy fan Kevin Sullivan, mei yn 'e titelrol Megan Follows.
- Anne of Green Gables: The Sequel, ek: Anne of Avonlea: The Continuing Story of Anne of Green Gables, in Kanadeeske minysearje út 1987. In ferfolch op 'e minysearje út 1985.
- Anne of Green Gables: The Continuing Story, in Kanadeeske minysearje út 2000, in ferfolch op searjes út 1985 en 1987, basearre op 'e ferfolchboeken fan L.M. Montgomery.
- Anne of Green Gables: A New Beginning, in Kanadeeske minysearje út 2008, in ferfolch op searjes út 1985, 1987 en 2000, dat net basearre is op 'e boeken fan L.M. Montgomery.
- Road to Avonlea, in Kanadeeske dramasearje dy't rûn fan 1990 oant 1996, foar in diel basearre op Anne of Green Gables en oare boeken en ferhalen fan L.M. Montgomery, hoewol't Anne sels net yn 'e searje foarkomt.
- Anne of Green Gables: The Animated Series, in Kanadeeske tekenfilmsearje foar bern út 2000.
- Anne: Journey to Green Gables, in tekenfilm út 2005 ûnder rezjy fan Kevin Sullivan. Dit is de prequel fan 'e tekenfilmsearje Anne of Green Gables: The Animated Series.
- Kon'nichiwa Anne: Before Green Gables, in Japanske tekenfilmsearje út 2009 dy't in prequel is fan 'e Akage no An-tekenfilmsearje út 1979, basearre op Budge Wilson syn autorisearre prequelroman Before Green Gables.
- Anne with an E, in Kanadeeske tillefyzjesearje út 2017.
Webproduksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Green Gables Fables, in Amerikaansk-Kanadeeske websearje út 2014-2016 dy't it ferhaal fan Anne of Green Gables fertelt yn 'e foarm fan Tumblr-posts, Twitterberjochten, flochs en oare sosjale media. Basearre op Anne of Green Gables en it ferfolch Anne of the Island, wêryn't feroarings oanbrocht binne om it ferhaal yn 'e 21e iuw spylje litte te kinnen. De titelrol wurdt spile troch Mandy Harmon.
- Project Green Gables, in Finske websearje en moderne adaptaasje fan Anne of Green Gables, dy't it ferhaal fertelt yn 'e foarm fan flochs. Mei yn 'e titelrol Laura Eklund Nhaga.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|