Springe nei ynhâld

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars

Ut Wikipedy
L.M. Montgomery's
Anne of Green Gables:
The Good Stars
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur John Kent Harrison
senario John Kent Harrison
basearre op Anne of Green Gables
   fan L.M. Montgomery
muzyk Lawrence Shragge
filmstudio Breakthrough Entertainment
distribúsje 9 Story Media Group
Umbrella Entertainment
spilers
haadrollen Ella Ballentine
Martin Sheen
Sara Botsford
byrollen Julia Lalonde
Drew Haytaoglu
Zoe Fraser
Amariah Faulkner
Kate Hennig
Stefani Kimber
skaaimerken
lân/lannen Kanada
direkt op fideo 20 febrewaris 2017
foarm lange tillefyzjefilm
sjenre jeugdfilm, kostúmdrama
taal Ingelsk
spyltiid 88 minuten
filmsearje
filmsearje L.M. Montgomery's
   Anne of Green Gables
● foarich diel L.M. Montgomery's
   Anne of Green Gables
● folgjend diel Fire & Dew

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars is in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2017 ûnder rezjy fan John Kent Harrison, mei yn 'e haadrollen Ella Ballentine, Martin Sheen en Sara Botsford. It is it twadde diel fan in filmtrilogy dy't basearre is op it wrâldferneamde berneboek Anne of Green Gables, fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). De film is in kostúmdrama en jeugdfilm, produsearre troch de filmstudio Breakthrough Entertainment. De plot folget it weesfamke Anne Shirley wylst se opgroeid op it boerespultsje Green Gables op it lanlike Prins Edwardeilân, dêr't se adoptearre is troch de 'e âldere boer Matthew Cuthbert en syn net-troude suster Marilla.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw is Anne Shirley in weesfamke dat oannommen is troch de âldere boer Matthew Cuthbert, in frijfeint, dy't mei syn krektlyk ûntroude suster Marilla op it lytse boerespultsje Green Gables wennet, yn 'e neite fan it (fiktive) doarp Avonlea op it Kanadeeske Prins Edwardeilân. Yn The Good Stars is te sjen hoe't Anne yn dat leafdefolle fermidden opgroeit. Dêrby ûntgroeit se lykwols net har brike setten; sa keapet se ris hierferve fan in passearjende marserinder om't se sa'n grouwéligen hekel oan har eigen read hier hat, mar as se it middel brûkt, kleuret har hier grien.

In oare kear giet se te útfanhûzjen by har bêste freondinne Diana Barry, dy't út in rike famylje komt. De beide famkes meitsje harrensels bang mei spûkferhalen, en as Anne nachts eefkes fan bêd is, kin se de juste keamersdoar net mear fine. Fan gefolgen stoot se net by Diana ûnder de tekkens (mei wa't se in bêd dielt), mar yn 'e ferkearde keamer by Diana har âldmuoike Josephine, dy't dêr ek op besite is. Dêrmei jeit se it âldminske de stupen op it liif. Muoike Josephine is not amused, en wol de muzyklessen fan Diana, dêr't sy foar betelje soe, ôfblaze, mar as Anne dat heart, komt se persoanlik del om ûntskuldigings te meitsjen. Dan docht bliken dat de stive âldmuoike wol om Anne har nuvere opstigings laitsje kin. Se neamt it fanke "de earste ynteressante persoan dy't ik yn Avonlea met haw," en Anne en sy begjinne in nuveraardige freonskip.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In soarch foar Anne is dat Matthew âlder wurdt en hieltyd mear krupsjes kriget. Hy hie it al oan it hert, mar Anne wurdt goed kjel as se mei him yn 'e bosk te poddestoelsykjen giet en Matthew dêr paadbjuster wurdt en alhiel yn betizing rekket. As se him holpen hat it paad werom te finen, drukt er har op it hert om neat oan Marilla te fertellen oer syn lytse 'episoade', en Anne ûnthjit him dat. Nei't se der dagenlang mei ompakt hat, beslút se lykwols har ûnthjit te brekken en dochs Marilla yn fertrouwen te nimmen. Dy lit earst net oan har broer blike dat se weet hat fan it foarfal, mar lang om let komt de moard dochs út en dan is Anne alhiel yn triennen om't se har wurd brutsen hat. It is lykwols Matthew dy't him foar har oer ferûntskuldiget, mei't er ynsjocht dat er it fanke net sa yn 'e pine sette moatten hie.

Underwilens nimt de strange master Phillips, dy't Anne yn 'e les ôfrinne lit, mar har efter har rêch om priizget as ien fan syn bêste learlingen, ûntslach om't er ûngelokkich is yn Avonlea. Hy wurdt ferfongen troch de kordate juffer Stacy, foar wa't Anne en har kammeraatskes oan 'e igge fan in pleatslik marke in toanielstik opfiere. Dêrby wurdt Anne, dy't in personaazje spilet dat komt te ferstjerren, as in lyk op in flot it wetter op treaun. De fammen hiene inkele dagen earder sjoen dat de streaming it flot by in daamwand bringe soe, mar de nachts foar de opfiering hat it reint dat it eaze, mei as gefolch dat it wetter no heger stiet as de daamwand, sadat it flot deroerhinne spielt. Anne moat rêden wurde troch Gilbert Blythe, in jonge dy't se earst net sjen of luchtsje koe, mar op wa't se meitiid fereale rekke is, krekt sa't hy al fan it begjin ôf oan fereale op har is.

Avonlea kriget ek in nije predikant, de jonge dûmny Allen, dy't mei syn tsjeppe jonge breid yn it doarp komt te wenjen. By frou Allen, dy't net inkeld byldkreas is, mar ek noch prachtich fertelle kin, sjocht Anne heech op. As dûmny en de frou delkomme op Green Gables, bakt Anne foar dy gelegenheid in taart, mar se fersint har yn 'e fleskes dy't Marilla yn 'e kast stean hat, en ynstee fan fanylje-ekstrakt foeget se meubeloalje ta. Frou Allen mei as earegast de taart oansnije, en as dan bliken docht wat der bard is, kin Anne wol troch de grûn fan skamte. Marilla treastet har lykwols en frou Allen kin goed om it ynsidint laitsje.

De gefoelens dy't Anne en Gilbert Blythe foarinoar hawwe, soargje foar ferwidering tusken Anne en har hertsfreondinne Diana. Anne hie altyd tocht dat ear de wichtichste deugd is, mar as muoike Josephine har fertelt dat trou folle wichtiger is, beseft se dat se Diana net sitte litte kin. Dêrom brekt se, nettsjinsteande har ferealens, har begjinnende ferkearing mei Gilbert ôf. Matthew wiist har der lykwols op dat romantyk en trou oan freonen inoar net út hoege te sluten.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Anne Shirley Ella Ballentine
Matthew Cuthbert Martin Sheen
Marilla Cuthbert Sara Botsford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana Barry Julia Lalonde
Gilbert Blythe Drew Haytaoglu
Ruby Gillis Zoe Fraser
Jane Andrews Amariah Faulkner
Rachel Lynde Kate Hennig
Josie Pye Stefani Kimber
Minnie Andrews Aviv Cohen
Charlie Sloan Nicholas McAllister
master Phillips Kyle Gatehouse
juffer Stacy Natalie Lisinska
frou Allen Jess Brown
dûmny Allen Frank Cox-O'Connell
frou Barry Kate Trotter
Muriel Tannis Burnett
âldmuoike Josephine Barry Joan Gregson
Rosemary Doyle Maude Sherratt
John Blythe Robert Verlaque

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars waard regissearre troch John Kent Harrison nei in senario dat er sels skreaun hie. It is in tillefyzjefilm yn 'e foarm fan in kostúmdrama en jeugdfilm, dy't beasearre is op it middelste part fan it wrâldferneamde berneboek Anne of Green Gables, fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). De film waard produsearre troch Joan Lambur, Ira Levy, Audrey Velichka, Peter Williamson en L.M. Montgomery har beppesizzer Kate Macdonald Butler foar de studio Breakthrough Entertainment. De filmmuzyk waard fersoarge troch Lawrence Shragge. De film waard op 20 febrewaris 2017 op dvd útbrocht en distribuëarre troch 9 Story Media Group en Umbrella Entertainment.

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars is it middelste diel fan in filmtrilogy dy't yn 2016 begûn mei de tillefyzjefilm L.M. Montgomery's Anne of Green Gables. It trêde diel, L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew, waard krekt as The Good Stars yn 2017 útbrocht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: