L.M. Montgomery's Anne of Green Gables

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
L.M. Montgomery's
Anne of Green Gables
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
L.M. Montgomery's Anne of Green Gables logo.png
makkers
regisseur John Kent Harrison
produsint Ross Leslie
útfierend
   produsint
Joan Lambur
Peter Williamson
Nat Abraham
Ira Levy
Michael McGuigan
Kate Macdonald Butler
Ramón Estévez
senario Susan Coyne
basearre op it boek fan L.M. Montgomery
kamerarezjy Ousama Rawi
muzyk Lawrence Shragge
filmstudio Breakthrough Entertainment
distribúsje 9 Story Media Group
Umbrella Entertainment
spilers
haadrollen Ella Ballentine
Martin Sheen
Sara Botsford
byrollen Julia Lalonde
Kate Hennig
Stefani Kimber
Drew Haytaoglu
Linda Kash
skaaimerken
lân/lannen Flag of Canada.svg Kanada
premiêre 2 febrewaris 2016
foarm langspylfilm
sjenre jeugdfilm, kostúmdrama
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten
filmsearje
filmsearje L.M. Montgomery's
   Anne of Green Gables
● folgjend diel The Good Stars

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables is in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2016 ûnder rezjy fan John Kent Harrison, dy't basearre is op (in diel fan) de wrâldferneamde jeugdroman Anne of Green Gables, fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). De film is in kostúmdrama en jeugdfilm, produsearre troch de filmstudio Breakthrough Entertainment. De plot folget it weesfamke Anne Shirley as se by fersin op it lanlike Prins Edwardeilân pleatst wurdt, op 'e noed fan 'e âldere boer Matthew en syn net-troude suster Marilla. De haadrollen wurde fertolke troch Ella Ballentine as Anne, Martin Sheen as Matthew Cuthbert en Sara Botsford as Marilla Cuthbert.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wennet Matthew Cuthbert, in boer dy't nea troud is, mei syn jongere suster Marilla, dy't likemin ea troud is, op in boerespultsje yn it doarp Avonlea, op it Kanadeeske Prins Edwardeilân. Sy beiden hawwe yn in brief kontakt opnommen mei in weeshûs yn Bolingbroke, yn Nij-Skotlân, op it fêstelân fan Kanada, om in weesjonge te adoptearjen, sadat dy Matthew, dy't al wat op jierren rekket, helpe kin mei it wurk op harren pleats Green Gables. Troch in misferstân wurdt harren lykwols ynstee fan in jonge it alvejierrige weesfamke Anne Shirley tastjoerd, dy't it grutste part fan har jonge libben trochbrocht hat yn weeshuzen en pleechgesinnen, dêr't se faak min behannele is.

Dat hat Anne lykwols net brekke kind. It fanke hat in tige libbene fantasij, mei it de minsken graach nei 't sin meitsje en kin bytiden frijwat dramatysk út 'e hoeke komme. Har eigen read hier en bleke hûdskleur hat se lykwols in grouwéligen hekel oan, en dat is foar har dan ek in pinepunt. Se eamelet hiel wat ôf, benammen as it giet oer it beskriuwen fan har fantasijen en dreamen. As se op Green Gables einlings en te'n lêsten yn in fermidden komt dêr't se goed behannele wurdt, bloeit se hielendal op en har ferbyldingskrêft en praatgragens begjinne al rillegau fleur te jaan oan it libben fan 'e Cuthberts.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Matthew, in wat bleue man dy't der by Anne amper in wurd tusken kriget, mei har daliks al lije, mar syn suster Marilla, dy't op it earste gesicht soer liket, mar letter strang mar rjochtfeardich blykt te wêzen, wit yn 't earstoan net wat se fan it fanke tinke moat. Wylst oer it misferstân dat Anne op Green Gables brocht hat, brieven hinne en wer stjoerd wurde, mei as bedoeling om har 'yn te ruiljen' foar de weesjonge dy't de Cuthberts ferwachte hiene, wit Anne har draai op 'e pleats en yn it doarp te finen. Se slút freonskip mei Diana Barry, in famke dat deunby Green Gables wennet, en sy beiden wurde hertsfreondinnen. Op 'e pleatslike skoalle komt se yn botsing mei Gilbert Blythe, in jonge dy't daliks smoar op har is, en har oandacht besiket te lûken troch oer har reade hier te begjinnen, wat it folslein averjochtse effekt hat dat Anne him begjint te haatsjen.

Ferskate brike setten fan Anne komme oan bod, lykas wannear't in medaljon fan Marilla weirekket en se it famke derfan fertinkt dat dy it weibrocht hat. Anne bychtet dat úteinlik op om't se tinkt dat it Marilla dêr om te dwaan is, mar as Marilla neitiid it medaljon weromfynt op in plak dêr't se it sels brocht hat, komt de wiere tadracht oan it ljocht. In oare kear fiert Anne har kammeraatske Diana by fersin dronken troch har fruchtewyn foar te setten, wêrfan't se mient dat it fruchtesop is. Dat lêste foarfal makket suver in ein oan 'e freonskip tusken de beide fammen, want Diana har mem wol dan net mear dat har dochter mei Anne omgiet. Frou Barry betinkt har lykwols as Anne har jongste dochter Minnie May, Diana har suske, fan 'e dea rêdt as dy de kroep oprûn hat. Tsjin 'e tiid dat de kwestje mei it weeshûs einlings en te'n lêsten regele is, sadat der in oar plak foar Anne fûn is en de Cuthberts in jonge krije kinne, hat Anne in plakje yn it hert fan 'e Cuthberts ferovere en wolle se har net mear kwyt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Anne Shirley Ella Ballentine
Matthew Cuthbert Martin Sheen
Marilla Cuthbert Sara Botsford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana Barry Julia Lalonde
Rachel Lynde Kate Hennig
Josie Pye Stefani Kimber
Gilbert Blythe Drew Haytaoglu
Mrs. Barry Linda Kash
Mr. Phillips Kyle Gatehouse
Ruby Gillis Zoe Fraser

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables waard regissearre troch John Kent Harrison en produsearre troch Ross Leslie. It senario fan Susan Coyne bleau hiel ticht by it ferhaal fan 'e roman Anne of Green Gables fan L.M. Montgomery, út 1908. Ien fan Montgomery har beppesizzers, Kate Macdonald Butler, wie as útfierend produsint by de film belutsen. De oare útfierend produsinten wiene: Joan Lambur, Peter Williamson, Nat Abraham, Ira Levy, Michael McGuigan en Ramón Estévez, de wiere namme fan akteur Martin Sheen, dy't ek de rol fan Matthew Cuthbert spile. De oare haadrollen waarden fertolke troch Ella Ballentine as Anne en Sara Botsford as Marilla.

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables is in oardel oere duorjende tillefyzjefilm fan Breakthrough Entertainment. De film kaam yn it plak fan in earder oankundige trettjindielige tillefyzjesearje dy't yn 2013 makke wurde soe, mar net trochgie. De opnamen fan 'e film fûnen yn 2015 plak op lokaasje yn Milton, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, en op Prins Edwardeilân, hoewol't de iepeningssêne fan in steamlokomotyf dy't foarbygiet en ferdwynt yn in tunnel yn it Feriene Keninkryk opnommen waard.

Op 2 febrewaris 2016 fûn de wrâldpremiêre fan L.M. Montgomery's Anne of Green Gables plak yn it Kanadeesk Museum fan Skiednis, yn Gatineau (Kebek). De 9 Story Media Group fersoarge de distribúsje yn Kanada, dêr't de film op 15 febrewaris 2016 foar it earst útstjoerd waard op 'e tillefyzjestjoerder YTV. Yn Austraalje en Nij-Seelân hie Umbrella Entertainment de distribúsje yn 'e hannen. Dêr wie de tillefyzjefilm op 9 juny, resp. 7 july 2016 foar it earst op 'e tillefyzje te sjen. Yn it Feriene Keninkryk waard L.M. Montgomery's Anne of Green Gables op 28 augustus 2016 útstjoerd troch ITV.

Yn 'e Feriene Steaten kocht PBS de rjochten oan en waard de film op 24 novimber 2016 (Thanksgiving Day) útstjoerd en besjoen troch mear as 3,4 miljoen minsken. Fierders hat de film yn Dútslân, Poalen, Hongarije, Tsjechje en Nederlân op 'e tillefyzje west. Yn Japan, dêr't al desennia in wiere Anne of Green Gables-gekte hearsket, waard de film, hoewol't it in tillefyzjefilm is, útbrocht yn 'e bioskopen, dêr't er op 6 maaie 2017 yn premiêre gie. L.M. Montgomery's Anne of Green Gables is op 8 novimber 2016 yn Noard-Amearika en op 20 maart 2017 yn it Feriene Keninkryk útbrocht op dvd.

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne troch deselde makkers, en yn gearwurking mei deselde akteurs, twa ferfolgen makke op L.M. Montgomery's Anne of Green Gables:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.