Breakthrough Entertainment
Breakthrough Entertainment | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio, tillefyzjestudio | |
fêstige yn | Toronto (Ontario) | |
oprjochte | 1986 | |
oprjochter | Peter Williamson en Ira Levy | |
offisjele webside | ||
www.breakthroughentertainment.com |
Breakthrough Entertainment is in Kanadeeske film- en tillefyzjestudio. It bedriuw is fêstige yn Toronto, en makket sawol spylfilms as tillefyzjeprogramma's. By dy lêste kategory giet it om tillefyzjefilms, tillefyzjesearjes, dokumintêres en tekenfilmsearjes.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breakthrough Entertainment is in Kanadeeske film- en tillefyzjestudio, dy't yn 1986 oprjochte waard troch produsinten Peter Williamson en Ira Levy. It bedriuw hat films en tillefyzjeprogramma's ferkocht oan omroppen yn mear as twahûndert ûnderskate lannen en territoaria. Yn july 2018 waarden de rjochten op 'e fûnskatalogus fan Breakthrough Entertainment oankocht troch de 9 Story Media Group.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de produksjes fan Breakthrough Entertainment binne populêre Kanadeeske tillefyzjesearjes as Jimmy Two-Shoes, Atomic Betty, My Big Big Friend, Miss BG, Jay Jay the Jet Plane, Jungle Junction, JoJo's Circus, en The Octonauts. Ek in filmtrilogy oer it ferneamde berneboek Anne of Green Gables, fan skriuwster L.M. Montgomery, waard troch Breakthrough Entertainment makke, besteande út 'e tillefyzjefilms L.M. Montgomery's Anne of Green Gables, L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars en L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |