Springe nei ynhâld

Amerikaanske Leger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amerikaanske Lânmacht)
Amerikaansk Leger
flagge embleem
This We'll Defend
Ingelsk, "Dit Sille Wy Ferdigenje"
algemiene gegevens
lân Feriene Steaten
soarte lânmacht
doel oarlochfiering op lân
bysûnderheden
namme folút United States Army
("Amerikaansk Leger")
ôfkoarting U.S. Army
lokaasje haadkertier it Pentagon (Arlington
    County
, Firginia)
oprjochte 1775
sterkte 475.000 aktyf (2016)
540.000 reserve (2016)
falt ûnder Am. Ministearje f. Definsje
   ● Dep. fan it Leger
offisjele kleuren swart, goud en wyt
              
webside www.army.mil

De fjildflagge fan it Amerikaanske Leger.

It Amerikaanske Leger (Ingelsk: United States Army of U.S. Army) is de grutste en âldste tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in lânmacht en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan de Feriene Steaten. It Amerikaanske Leger hat in sterkte fan rom 1 miljoen man, en falt bestjoerlik ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. It waard yn 1775 oprjochte as it Kontinintale Leger, en hat sûnt yn mear as fyftich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan it Amerikaanske Leger wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point.

It Amerikaanske Leger is opboud út trije dielen:

Yn totaal hat it Amerikaanske Leger dus in sterkte fan 1.015.000 man.

De bestoarming troch it Kontinintale Leger fan in Britsk bolwurk ûnder it Belis fan Yorktown, yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.

It Leger falt bestjoerlik ûnder it Departemint fan it Leger, ien fan 'e trije militêre ûnderôfdielings fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. It haadkertier is fêstige yn it Pentagon, yn Arlington County yn Firginia, fuort besuden de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. It Amerikaanske Leger hat in twakoppige lieding dy't bestiet út in boargerlik amtner, de ûnderminister fan it leger, teffens haad fan it Departemint fan it Leger, en in militêr ofsier, de stêfsjef fan it Leger, dy't ek lid is fan 'e Mienskiplike Stêfsjefs. Dêrboppe stiet de minister fan Definsje en dêr wer boppe de presidint fan de Feriene Steaten, as oerbefelhawwer fan alle Amerikaanske Striidkrêften.

It Amerikaanske Leger tsjinnet as it diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dat him taleit op oarloch op lân. Dêrby binne de doelen:
● it hanthavenjen fan frede en feilichheid en it fersoargjen fan 'e ferdigening fan 'e Feriene Steaten, syn oerseeske gebietsdielen en besittings, en alle oare gebieten dy't yn it besit (sij it permanint of tydlik) fan 'e Feriene Steaten binne;
● it ûnderstypjen fan it belied fan it regear fan 'e Feriene Steaten;
● it ta útfiering bringen fan 'e nasjonale doelen fan 'e Feriene Steaten;
● it ferslaan fan alle lannen of oare entiteiten dy't ferantwurdlik binne foar dieden fan agresje dy't de frede en feilichheid fan 'e Feriene Steaten yn gefaar bringe.

De ferdigening troch it Amerikaanske Leger fan New Orleans ûnder de Oarloch fan 1812.

De foarrinner fan it Amerikaanske Leger, it Kontinintale Leger, waard op 14 juny 1775 ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch troch it Kontinintaal Kongres (de foarrinner fan it Amerikaanske Kongres) oprjochte as in feriene legermacht om 'e Britten te befjochtsjen. De earste befelhawwer fan it leger wie generaal George Washington, dy't neitiid de earste presidint fan de Feriene Steaten wurde soe. Yn 't earstoan waard it Kontinintale Leger oanfierd troch ofsieren dy't earder yn it Britske Leger tsjinne hiene, en dy't harren ûnderfining dêrwei oerbrochten nei it nije leger. Meitiid soargen assistinsje fan Frânske kant, de beskikbere helpboarnen en de strategyen dy't mooglik en ûnmooglik makke waarden troch dy helpboarnen, foar in earste ûnderskie tusken it Kontinintale en it Britske Leger. In grutte ynfloed hie fierders generaal Friedrich Wilhelm von Steuben, dy't de Amerikanen Prusyske taktyk en organisaasje bybrocht.

Logo fan it Amerikaanske Leger sûnt 2023.

Nei't de Feriene Steaten harren ûnôfhinklikheid wûn hiene en de Britten har dêr yn 1783 by dellein hiene, waard it Kontinintale Leger gau-gau ôftanke fanwegen it hearskjende republikeinske wantrouwen tsjin steande legers. Tenei moasten steatsmilysjes it iennichste leger fan 'e Feriene Steaten foarmje, mei as útsûnderings inkeld it 1e Amerikaanske Rezjimint, dat yn it Westen de frontier ferdigenje moast tsjin 'e Yndianen, en ien batterij artillery om it federale arsenaal te West Point te ferdigenjen. Fanwegen oanhâldende konflikten mei de Yndianen besefte men lykwols al rillegau dat der ferlet wie fan in grutter steand leger, it Geregelde Leger (Regular Army). Dat wie earst hiel lyts, mar nei de Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach oan de Wabash waard it yn 1791 reorganisearre en fergrutte ûnder de namme fan it Legioen fan de Feriene Steaten. Yn 1796 waard it Legioen omneamd ta it Amerikaanske Leger.

De Amerikaanske Loftmacht komt fuort út it Amerikaanske Leger. De lêste foargonger fan 'e Amerikaanske Loftmacht waard foarme troch de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, dy't bestiene fan 1941 oant 1947.

Yn syn skiednis hat it Amerikaanske Leger oan mear as 50 oarloggen en oare konflikten dielnommen, wêrfan't it meastepart beflapt wurde kin ûnder de Amerikaansk-Yndiaanske oarloggen:

De nederlaach fan it Amerikaanske Leger yn 'e Slach oan de Little Bighorn, yn 1876.
It Amerikaanske Leger tsjocht op yn in wintersk Jeropa, ûnder de Twadde Wrâldoarloch (1945).
In oanfal fan it Amerikaanske Leger op Noardfjetnameeske posysjes ûnder de Fjetnamoarloch (1966).
M1 Abrams-tanks fan it Amerikaanske Leger yn aksje ûnder de Earste Golfoarloch (1991).
Kommando's fan it Amerikaanske Leger op patrûlje yn Afganistan (2009).
ofsiersrangen fan it Amerikaanske Leger
Am. rangkoade O-10 O-9 O-8 O-7 O-6 O-5 O-4 O-3 O-2 O-1
rangûnder-
skiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
rang maarskalk
general of the armies
of the United States
fjildmaarskalk
general of the army
generaal
general
luitenant-generaal
lieutenant general
generaal-majoar
major general
brigadegeneraal
brigadier general
kolonel
colonel
luitenant-kolonel
lieutenant colonel
majoar
major
kaptein
captain
earste luitenant
first lieutenant
twadde luitenant
second lieutenant
ôfkoarting - GA GEN LTG MG BG COL LTC MAJ CPT 1LT 2LT
NATO-rangkoade - OF-10 OF-9 OF-8 OF-7 OF-6 OF-5 OF-4 OF-3 OF-2 OF-1 OF-1
ûnderofsiersrangen fan it Amerikaanske Leger
Am. rangkoade E-9 E-8 E-7 E-6 E-5
rangûnderskiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
rang 'sersjant-majoar fan it leger'
sergeant major of the army
adjudant
command sergeant major
sersjant-majoar
sergeant major
'oppersersjant'
first sergeant
'mastersersjant'
master sergeant
sersjant 1e klasse
sergeant 1st class
'stêfsersjant'
staff sergeant
sersjant
sergeant
ôfkoarting SMA CSM SGM 1SG MSG SFC SSG SGT
NATO-rangkoade OR-9 OR-9 OR-9 OR-8 OR-8 OR-7 OR-6 OR-5
korporaals- en manskipsrangen fan it Amerikaanske Leger
Am. rangkoade E-4 E-3 E-3 E-1
rangûnderskiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
gjint
rang korporaal 1e klasse
corporal
korporaal
specialist
soldaat 1e klasse
private 1st class
soldaat 2e klasse
private
soldaat 3e klasse
private
ôfkoarting CPL SPC PFC PV2 PV1
NATO-rangkoade OR-4 OR-4 OR-3 OR-2 OR-1

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.