Korporaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Korporaal 1e klasse)

In korporaal is yn 'e militêre hierargy in rang dy't tusken de ûnderofsieren en de sljochtwei soldaten yn sit. Soms wurdt de korporaal ta de ûnderofsiersrangen rekkene, mar formeel heart er dêr net ta. De rang fan korporaal komt foar by de lânmacht, de marine, de loftmacht en de mariniers. By de mariniers is de formele namme fan 'e rang korporaal-marinier. By de lânmacht en de loftmacht besteane twa gradaasjes: de (hegere) korporaal 1e klasse en de (legere) korporaal. By de maresjesee binne de ekwivalinte rangen maresjesee 1e klasse en maresjesee 2e klasse. De oansprektitel foar sawol in korporaal 1e klasse, in korporaal-marinier as in korporaal is "korporaal", útsein by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine, dêr't om histoaryske redens de oansprektitel "kertiermaster" brûkt wurdt.

De boppelizzende rang is sersjant, behalven by de kavalery en artillery, dêr't it wachtmaster is. De ûnderlizzende rang is soldaat 1e klasse de lânmacht en by de loftmacht; matroas 1e klasse by de marine; en marinier 1e klasse by de mariniers. It wurd 'korporaal' is yn 'e sechstjinde iuw oan it Frânsk ûntliend, dêr't njonken corporal ek de foarm caporal bestie. Dy kaam wer fan it Italjaanske caporale, in lytse capo ("haad"), oftewol de oanfierder fan in lyts groepke soldaten. Uteinlik giet capo wer werom op it Latynske caput, dat sawol "haad" as "holle" bestjut.

Skematysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e korporaalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
korporaal 1e klasse korporaal korporaal 1e klasse
korporaal korporaal

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-4 NATO rang OR-3/4 NATO rang OR-4
korporaal 1e klasse
korporaal
korporaal
korporaal
Operasjonele Tsjinst/Nautyske Tsjinst: kertiermaster;
by it Korps Mariniers: korporaal-marinier, korporaal)
korporaal 1e klasse
korporaal
maresjesee 1e klasse
maresjesee
NATO rang OR-3 NATO rang OR-3
korporaal
korporaal
korporaal
korporaal
maresjesee 2e klasse
maresjesee

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.