Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 1952

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 nov 2023 om 14.48 troch Mysha (oerlis | bydragen) (Ik haw koart eat oer de Oslo Flagge tafoegd, mar ik wit net at it net earne oars moat.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
VIe Olympiade
holden yn Oslo, Noarwegen
jier 1952
dielnimmende lannen 30
dielnimmende atleten 694
eveneminten 22 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 14 febrewaris
slutingsseremoanje 25 febrewaris
edysjes
foarige 1948 Sankt Moritz
folgjende 1956 Cortina d'Ampezzo
Temaside  Sport
Wite flage mei fiif ringen, as symboal foar de Olympyske Spullen.
De "Oslo Flagge".

De Olympyske Winterspullen 1952, ek wol de winterspullen fan de VIe Olympiade neamd, waarden yn 1952 yn Oslo, Noarwegen hâlden. Dat wie fan 14 oant en mei 25 febrewaris.

Foar de Olympyske Simmerspullen wurdt sûnt 1920 hieltyd de Antwerpske flagge trochjûn oan de folgende spullen. Yn Oslo waard it YOK in spesjale Olympyske flagge oerjûn, de Oslo Flagge, dat dy krekt op dyselde wize troch de winterspullen trochjûn wurde koe, om oan te jaan dat ek de winterspullen alle fjouwer jier fuortset wurde.

Akkommodaasje Lokaasje Sport (en) Kapasiteit
Bislett stadion Oslo Bandy (demonstraasje), Keunstriden, Reedriden 29,000
Dælenenga idrettspark Oslo Bandy (demonstraasje), Iishockey Net neamd.
Holmenkollen National Arena Oslo Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen 150,000
Jordal Amfi Oslo Iishockey 10,000
Kadettangen Bærum Iishockey Net neamd.
Korketrekkeren Oslo Bobslydzjen Net neamd.
Lillestrøm stadion Skedsmo Iishockey Net neamd.
Marienlyst stadion Drammen Iishockey Net neamd.
Norefjell Krødsherad Alpineskyen (delgong), Alpineskyen (grutte slalom) Net neamd.
Rødkleiva Oslo Alpineskyen (slalom) Net neamd.
Bislett stadion Oslo Iepening en sluting seremoanjes Net neamd.

Op de Spullen fan 1952 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 8 dissiplines. Bandy wie de ienichste demonstraasjesport.


Yngong ta it Bislett stadion
 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 7 3 6 16
2 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 4 6 1 11
3 Finlân Flagge fan Finlân FIN 3 4 2 9
4 Dútslân 1 Flagge fan Dútslân GER 3 2 2 7
5 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 2 4 2 8
6 Kanada Flagge fan Kanada CAN 1 0 1 2
Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 1 0 1 2
8 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 1 0 0 1
9 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 0 3 0 3
10 Sweden Flagge fan Sweden SWE 0 0 4 4

1Neffens it YOK die "Dútslân" mei en net "West-Dútslân". By de trije folgjende edysjes kaam in mienskiplike ploech yn aksje mei dielnimmers út de beide Dútslannen.

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tritich lannen diene mei oan de Spullen, in rekord oant dan ta. Harren debút makken Nij-Seelân en Portegal. Dútslân en Japan wiene wer wolkom. Austraalje die ek wer mei. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea. It Dútske NOK, lykas dat foar de Twadde Wrâldkriich bestie, bestie noch hieltiten en wie noch net splitst yn in West- en East-Dútsk NOK. Dat soe pas fan 1968 ôf it gefal wêze. Oant dy tiid kaam in feriene Dútske ploech yn aksje: Yn 1952 wie dat ûnder de namme "Dútslân" en dêrnei as "It Dútsk ienheidsteam". East-Dútslân woe yn 1952 lykwols net yn in feriene Dútske ploech meidwaan, wêrtroch't de ploech allinne bestie út West-Dútsers.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje