Osloflagge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oslo Flagge)
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Wite flage mei fiif ringen, as symboal foar de Olympyske Spullen.
De "Osloflagge".

De Osloflagge is de bysûndere yndividuele flagge sa't dy sûnt 1952 brûkt waard by Olympyske Winterspullen. Foar de Olympyske Simmerspullen wurdt sûnt 1920 hieltyd de Antwerpske Flagge trochjûn oan de folgende spullen. Yn Oslo waard it YOK in spesjale Olympyske flagge oerjûn, de Osloflagge, dat dy krekt op dyselde wize troch de Winterspullen trochjûn wurde koe, om oan te jaan dat ek de winterspullen alle fjouwer jier fuortset wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Ynternasjonale Wintersportwike holden waard yn Sjamoniks yn 1924, waard de Antwerpske Flagge dêr noch net oan trochjûn. Doe't besletten waard en meitsje it by it weromwurkjen wier Olympyske Spullen, doe wie der dêrmei al in grûn en jou de Antwerpske Flagge net troch oan de winterspullen. Earst by de spullen fan Oslo yn 1952 waard troch Oslo in spesjale flagge oan it YOK jûn.

Stêf-rin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Osloflagge hat deselde funksje krigen dy't de Antwerpske Flagge hat by de simmerspullen. As wie it in stêf-rin, wurdt de flagge alle kearen trochjûn tusken de organisatoren. De organisaasje fan de Winterspullen fan dat jier, jout de flagge fierder oan de organisaasje fan de folgende Winterspullen. Krekt hoe dat dien wurdt is ek sa't dat dien wurdt foar de Simmerspullen. Grif waard de flagge oarspronklik oan it begjin fan de spullen trochjûn, mar waard it letter usânsje en jou dy troch oan de ein fan de spullen. Sa giet de flagge mei de nije organisaasje mei nei hûs.

Olympyske Flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der kin oer stiggele wurde at de Osloflagge wier in Olympyske Flagge is. De Olympyske Flagge is in wyt fjild mei it Olympyske Symboal fan de ringen der op, fan blau nei rea. Dat betsjut dat de ringen op de oare kant krekt oarsom binne. Mar djoere Olympyske Flaggen binne út mear as ien lage opboud, dat de oare kant hoecht net per sé omkeard te wêzen. By de Osloflagge hat de oare kant wier ek it Olympyske Symboal mei de kleuren fan blau nei rea. Dêrmei is it grif de ienichste Olympyske flagge mei de kleuren oan beide kanten goed.

Mear flaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is altyd mar ien Osloflagge. Lykwols waard it ding âlder, en dêrom wurdt de flagge yn in spesjale kist toand. Foar de seremoanjes wurde sûnt de spullen fan Turyn yn 2006 kopies brûkt. Spitigernôch liket it sa te wêzen dat de kopies net, as net altiten, it spesjale úterlik fan it origineel hawwe. It binne dan flaggen net oars as oare Olympyske Flaggen.

By de Spullen fan Pyeongchang yn 2018 waard de eigentlike Osloflagge ferfongen troch in nije Pyeongchangflagge. Lykwols is dat in wenstige Olympyske Flagge.