Springe nei ynhâld

Fryske Peallen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jul 2023 om 17.55 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fryske Peallen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 990 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,42 km², wêrfan:
- lân: 4,37 km²
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 227 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 6' NB, 6° 12' EL
Offisjele webside
FB-side Pleatslik Belang
Kaart
Fryske Peallen (Fryslân)
Fryske Peallen
Lokaasje fan Fryske Peallen yn Fryslân
Kaart
Himrik (grien) fan Fryske Peallen yn Opsterlân

Fryske Peallen is in doarp yn it noarden fan de gemeente Opsterlân oan de grins mei Grinslân en de doarpen Sigerswâld en Oerterp. It doarp leit oan de wei fan Bakkefean nei de rykswei A7.

De skâns op de Schotanuskaart (1664)

Yn 1593 waard by it hjoeddeiske doarp op de grins tusken Fryslân en Grinslân tusken it ûntrochlitber fean in skâns yn opdracht fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg boud. De skâns moast ynfallen fan Spanjaarden keare, mar waard lykwols net troch profesjonele militêrn ferdigene en maklik troch de Spanjaarden oermastere. De skâns waard letter ûnderdiel fan de 17e-iuwske Fryske Wetterliny, dy't tusken Slikenboarch oan 'e Sudersee oant Ien-West (Drinte) en Fryske Peallen lei.[2] Nei 1672 rekke de skâns yn it neigean.

It doarp Fryske Peallen ûntstie yn de 18e iuw as lânoanmakkersdoarp yn it heechfean. Sûnt 1600 hinne waard it fean hieltiten fierder ôfgroeven yn 'e rjochting fan Grinslân, oant de Grinslanner Steaten dêr it near op lei. Pas yn 1724 kaam der in dúdlik grinsferdrach. It eardere fuotbalfjild fan Fryske Peallen lei op Grinslanner grûn en de iisbaan fan Fryske Peallen leit formeel noch jimmeroan yn Grinslân. Yn 1874 waard de grins nochris dúdlik mei 25 grinspeallen fan getten izer fêstlein, wêrfan't tsjintwurdich noch 21 besteane.[3]

Oant 1951 hearde it westlike diel fan it doarp by Oerterp, wylst it easten ûnder Sigerswâld foel. Pleatslik Belang die doe al jierren war om de doarpsstatus te krijen. Sigerswâld rekke oan it nije doarp yn ien klap twa skoallen en in tsjerke kwyt. Om't in soad ynwenners fan 'e buorskip De Haar yn de gemeente Mearum tsjerkten bleau dy buorskip gefoelsmjittich by Fryske Peallen hearren.

Grinspeal nû. 14
Skânsmonumint

By it ferhurdzjen fan it sânpaad fan 'e Skieding oan it begjin fan de jierren 1950 waard de eardere skâns omploege ta lânbougrûn. Yn 2014 waard it plak fan de eardere skâns troch it oanlizzen fan in wâl wer sichtber makke. Op dy lokaasje stiet ek grinspeal nûmer 14. Mear grinspeallen steane oan 'e Skieding rjochting Surhústerfean en bylâns de provinsjegrins rjochting De Wylp oan it histoarysk kuierpaad Grinspeallen Fryske Peallen.

De Dobbe

Yn 2012 waard in nije brede skoalle oan 'e Kolk iepene. Dêr krige Fryske Peallen ek it doarpshûsDe Dobber. Utsein in boerderijwinkel binne der fierder gjin winkels yn it doarp; de ynwenners moatte harren boadskippen fral út Oerterp en út it wat fierder lizzende Drachten helje. Fryske Peallen hat in feestkommisje. Fryske Peallen hat mei Sigerswâld in mienskiplike doarpskrante 't Pompeblêd.

De Wikipedy hat ek in side Fuortset Grifformearde tsjerke (Fryske Peallen).

De twa basisskoallen binne ûnderbrocht yn de brede skoalle Basisskoalle It Byntwurk, dêr't ek de pjutteopfang De Krobbedobbe is.

Der binne ferskillende buertferienings, wêrfan 't Tolhek de grutste is.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2005 2015
Ynwenners 774 805 749 713 708 1014 995
Jier 2020
Ynwenners 1025

Bekende bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Muzykkafee

It wapen fan Fryske Peallen is ôflaat fan de skâns dy't steedhâlder Willem Loadewyk yn 1593 bouwe litten hat, ien fan de skânsen yn Fryslân om de Spaanske legers te warren. De skâns yn it wapen hâldt de Spanjerts tsjin, symbolisearre troch it wapen fan Arragon, mei de symboalen út de Fryske flagge oan de oare kant.

Kromhoek

Fryske Peallen hat 12 strjitten: 't Paad, 't Tolhek, Boskdobbe, De Bodding, De Kolk, De Rusken, De Skieding, De Slûs, Hearsterwei, Kromhoek, Lytse Dobbe, Lytse Leane en Tolheksleane (haadstrjitte).

Willem Dolstra - Zestig jaar Frieschepalen (útjûn troch Pleatslik Belang yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan Fryske Peallen yn april 2011).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje