Springe nei ynhâld

Easterstreek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 jul 2023 om 16.27 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Yndieling standarisearre. It stie allegear wat rommelich troch inoar. Forellefiver is der yn 2021 mei opholden. Jan Wybenga ferwidere, is berne yn Warten. En noch wat oanfolle.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Easterstreek
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 570 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,47 km²
Befolkingsticht. 123 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8388
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 6° 10' E
Lokaasje Easterstreek (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Easterstreek (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side Easterstreek
Kaart
Easterstreek (Fryslân)
Easterstreek

Easterstreek (Stellingwerfsk: De Oosterstreek; Nederlânsk: Oosterstreek) is in doarp east fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf.

It doarp hat 570 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn de 19e iuw ûnstie der lintbebouwing oan de wei fan Noardwâlde nei Boyl. Sûnt 1988 hat de eastlik fan Noardwâlde lizzende streek de status fan doarp.

It oarspronklik lânskip fan 'e himrik bestie eartiids út heechfean, dat ôfgroeven waard yn 'e tiid fan de turfwinning. De sleat bylâns de Dwersfeartwei waard yn 'e twadde helte fan de 17e iuw foar de ôffier fan wetter en turf groeven as de Easter-Boppe-Dwersfeart.

It Kafee Doarpshûs is in multyfunksjonele sintrum fan it doarp. It doarp hat in pleatslik belang en de doarpskrante 'Keek op de Streek' wurdt elts fearnsjier útjûn.

  • Sûnt 2017 is der yn it doarp 't Ballingehof, in edukatyf sintrum foar hynders mei gedrachsproblematyk.
  • De Streekerhof is in lytse ôfdieling fan Trajectum, in soarchorganisaasje dy't spesjalistyske behanneling jout oan minsken mei in lichte ferstannelike beheining of minsken mei in forinsyske eftergrûn.

Dwarsvaartwei, Grinswei, Hooltpad, Easterskefjildwei, Easterstreek, Skoalstrjitte, Stienpaad.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje