Wynjewâld
Wynjewâld | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.130 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 28,64 km², wêrfan: - lân: 28,28 km² - wetter: 0,36 km² | |
Befolkingsticht. | 73 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' NB, 6° 12' EL | |
Offisjele webside | ||
wijnjewoude.net | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Wynjewâld (grien) yn de gemeente Opsterlân |
Wynjewâld is in doarp by de N381 east fan Beetstersweach yn de gemeente Opsterlân. Under Wynjewâld falle ek de buorskippen Lyts Grins, Petersburch (foar in part), Stripe en Weinterpfallaat.
Wynjewâld hat 2.130 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske lânskip om Wynjewâld hinne ûnstie yn 'e lêste iistiid fan 10.000 jier foar Kristus. De delling fan it Alddjip ûnstie bygelyks troch't it fan it iis útslipe gebiet feroare yn in rivier fan raand iis, dat liem ôfsette en yn Wynjewâld op guon plakken ticht oan it oerflak komt. Ut dy tiid datearje ek de dobben om Wynjewâld hinne, dy't ûnstiene troch beferzen wetter yn 'e boaiem, dy't de grûn omheech treau en sa heuvels foarme. De grûn boppe de iisheuvels skode letter fan it iis ôf en sa untstie om it iis hinne in wâl en nei't it iis raande in dobbe. Op de Duerswâldmerheide en de oan Mounleane lizze noch in pear fan sokke dobben.
Bysûnder wie de fynst by Wynjewâld fan in fûstbile troch de amateurargeolooch Hein van der Vliet yn augustus 1939. Mei dy fûstbile fan 60.000 oant 150.000 jier âld koe oantsjut wurde dat Noard-Nederlân al foar de lêste iistiid bewenne wie, mooglik troch Neandertalers of in noch âlder type minske. .[3][4][5] [6] De fûstbile is yn it streekmuseum op 'e Gordyk te besjen.
Ek is der ark fûn oan de iggen fan it Alddjip en op de Duerswâldmerheide fan minsken út de rindierkultuer, dy't likernôch 15.000 jier tebek yn 'e krite omswalken en mooglik harren kampen hiene op de hege sânrêchen om dêr te jeien en te fiskjen. It lânskip seach der doe út lykas hjoed-de-dei de Noard-Europeeske toendra's.
Der earste spoaren fan fêste bewenning datearje út de tiid fan de Trachterbekerkultuer (± 5.000 jier tebek). By de Poasten wie in grêfheuvel, dy't lykwols ôfgroeven waard. Oare fynsten fan dy kultuer wurden yn it Frysk Museum bewarre.
Wynjewâld wie yn de 14e iuw in oer twa doarpen ferdielde boeremienskip op in sânrêch súd fan it Alddjip. Yn it noard en easten leine grutte stikken heide en yn it suden gefaarlik heechfean. De boeren libben fan ikkerbou. Yn 1315 waard Weningawalda neamd, wêrmei't it west lizzende Weinterp ornearre waard. De tsjerke fan it eastlik lizzende Duerswâld is lykwols âlder en stamt út 1250. It is de âldste tsjerke fan Upsateraland (Opsterlân → 'dêr wêr't heech wenne wurdt').
Yn de 18e iuw kochten de saneamde kompanjons heechfean yn it doarp oan om it oan te meitsjen en turf te winnen. De Opsterlânske Kompanjonsfeart waard foar de ôfwettering fan it fean en it ferfier fan 'e turf fanút De Gordyk groeven en yn 1767 wie de feart oan Weinterp ta, dy't dêrnei fierder groeven waard nei Eaststellingwerf. Foar de feanterij en it oanmeitsjen fan lân wiene arbeiders nedich en oan de feart waard doe de bebouwing tichter en dêr ûntstie lintbebouwing. Yn 1777 waard de tsjerke fan Weinterp stien foar stien ôfbrutsen en op it hjoeddeiske plak werboud. Foar dy tiid stie de tsjerke op it plak dêr't no it Weinterper Skar leit.
Weinterp en Duerswâld krigen yn 1903 in mienskiplike molkfabryk by it buorskip Lyts Grins oan de Kompanjonsfeart. Nei de fúzje mei it molkfabryk fan Easterwâlde waard it fabryk "De Vooruitgang" sletten en ôfbrutsen.[7]
De útfiering fan it ruilferkavelingsplan It Keningsdjip feroare yn de jierren 1960 it lânskip om Wynjewâld hinne troch skaalfergrutting: sânreden ferdwûnen, it Alddjip waard kanalisearre en de âlde wetterkes feroaren mei't it lân op 'e nij ferdield waard. Yn in heale iuw tiid feroare in agraryske mienskip yn in mienskip fan minsken dy't fral bûten it doarp yn plakken as Drachten, De Gordyk en Easterwâlde wurkje.
Mei't de befolking fierder groeide waarden der sûnt de jierren 1960 súd fan de Merkebuorren in soad nije hûzen boud. Yn 1973 ûntstie net sûnder slach en fûle striid Wynjewâld troch it gearfoegjen fan de eardere doarpen Weinterp en Duerswâld. De offisjele skieding tusken Weinterp en Duerswâld lei op de Loksleane.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei help fan in soad frijwilligers koe yn maaie 2000 it nije multifunksjonele sintrum De Swingel iepene wurde. Njonken it doarpshûs krigen in sportseal, in pjutteboartersplak en ferskillende oare foarsjennings dêr ûnderdak. It doarp hat in Pleatslik Belang en de doarpskrante hjit De Bân.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Duerswâld.
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Weinterp.
De Grifformeard-frijmakke Maranathatsjerke waard yn 2010 sletten fanwegen it tebekrinnende tal leden. De measte leden tsjerkje hjoeddedei yn Fryske Peallen.[8]
Skoalle & Pjutteopfang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 waard de iepenbiere basisskoalle It Twaspan sletten. De bern fan dy skoalle gyngen oer nei de kristlike basisskoalle Votum Nostrum. De fúzjeskoalle krige yn it ramt dêrfan de nije namme De Sinnewizer.[9]
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in soad buertferienings en in ryk ferieningslibben.
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners Weinterp | 1365 | 1372 | 1305 | 1282 | 1320 |
Ynwenners Duerswâld | 625 | 528 | 514 | 445 | 434 |
Jier | 2005 | 2015 | 2020 | ||
Ynwenners Wynjewâld | 1993 | 2049 | 2035 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tamme Foppes de Haan (1791-1868), dûmny
- Jan Welfing (1920-1945), fersetsman
- Anny Bosma-Banning (1913–2008), ûntwikkelster Frysk learmateriaal
- Swaantsje Monderman (alias Swaantsje Duursma, 1928-2007), dichteresse
- Geertje Roelinga-De Groot (1887–1997), yn 1996 titelhâldster âldst libjende ynwenner fan Nederlân
- Albert Oost (1968), skilder en byldhouwer
- Else Talsma (2003), aktrise
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pinksterfeest
- Doarpsfeest (juny)
- Hynstedei
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de strjitten fan Wynjewâld
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |