Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Duerswâld

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Wynjewâld
koördinaten 53° 3' N 6° 13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Herfoarme PKN-gemeente Wynjewâld
patroanhillige Sint-Jehannes[1]
Arsjitektuer
boujier ± 1250
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31839
Webside
Herfoarme PKN-gemeente Wynjewâld
Kaart
Tsjerke fan Duerswâld (Fryslân)
Tsjerke fan Duerswâld

De Tsjerke fan Duerswâld is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de Herfoarme PKN-gemeente fan Wynjewâld.

De oarspronklik romaanske tsjerke waard likernôch yn de jierren 1250-1259 fan kleastermoppen boud en yn de 15e iuw yn letgoatyske styl op 'e nij boud mei gebrûk fan it âlde boumaterjaal. Neffens de benefisjaalboeken fan 1543 wie de tsjerke fan Duyrswolt foar de reformaasje wijd oan Sanct Jan.[2] In toer hat de tsjerke nea hân en de dakruter is in tafoeging út 1783, doe't de klokkestoel ôfbrutsen waard. De fan giele bakstien oanboude steunbearen binne 18e-iuwsk.

De aparte tagongen yn de tsjerke foar manlju (súdlik) en froulju (noardlik) binne yn 'e rin fan de tiid tichtmitsele mar noch wol goed werom te finen. Oan de bûtenkant fan de tsjerke is yn de noardlike muorre ûnder it twadde eastlike raam it plak te sjen, dêr't eartiids de hagioskoop siet.

Oargel

Yn de jierren 1899 en 1932 waard it ynterieur fernijd. De tsjerke ûndergyng in grutte restauraasje yn de jierren 1990. De preekstoel datearret fan de 18e iuw.

De hjoeddeiske klok komt oarspronklik út Epe en waard yn 1952 oankocht. Dy ferfong in yn Hoarn getten klok út 1783 dy't yn de Twadde Wrâldkriich foardere waard en net werom kaam.

It hûske oan it tsjerkepaad noardlik fan de tsjerke is in ienkeamerswente foar de dûmny. It waard yn 1759 boud.

It oargel stie eartiids yn de Lutherske tsjerke fan Swol en waard yn 1917 yn de tsjerke fan Duerswâld opsteld. It is yn 1721 boud troch de soannen Johan George Frans Casper fan de ferneamde Dútske oargelbouwer Arp Schnitger.

Oant de restauraasje fan it oargel yn 2000-2001 moast der noch trape wurde. By in restauraasje troch Bakker & Timmenga waard it ynstrumint werom brocht nei de oarspronklike steat. Der is doe in pedaal oanhongen en it is langer net nedich om te traapjen. It ienmanualige ynstrumint hat njoggen registers.

Tsjerke fan Weinterp

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: