Strjitten yn Wynjewâld
Appearance
(Trochferwiisd fan Strjitten fan Wynjewâld)
De Strjitten yn Wynjewâld:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Ald Duerswâld - Hjir stienen fanâlds alle pleatsen fan it eardere Duerswâld.
- Biskopsreed - Hat nei alle gedachten te krijen mei de tocht fan de biskop fan Munster (Bommen Bearend) dy't yn 1672 opluts tsjin de stêd Grins ( Grinzer ûntset ein augustus). De biskop ferlear, Grins waard ûntset. De tocht fan de biskop gie oer de Biskopsreed.
- Breeberchspaad - wei nei Breeberchskâns ûnder Donkerbroek (ein 16e iuw ynkertiering fan soldaten)
- Bremerheide - Bremerheide is in heideplant.
- Bûtewei - wei bûten de beboude kom.
- Dopheide - Nederlânske namme foar skrobberheide.
- Duerswâld - nei it eardere doarp Duerswâld (Djurre as jongesnamme komt fan djoer=treflik + wâld, dus 'de bosk fan Djurre'.)
- Finne - in finne is in stik greidlân
- Gentiaan - de Gentiaan (Gentiana) as plantenamme
- Hagerank - heideplant
- Hege Heide - Heechlizzende heidegrûn (flakby Weinterper Skar)
- Jan Hofswyk - Jan Hof
- It Skjer - it Skar as oandiel yn de mienskiplike greide.
- Kompanjonsfeart - Wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart (kompanjons binne sakefreonen dy't grutte stikken fean yn Opsterlân ûntginne lieten en dêrta in feart grave lieten)
- Kraalheide - kraalheide is in heidesoarte
- Lyts Grins - nei it buorskip Lyts Grins. Yn de 17e iuw kamen in soad arbeiders út Grinslân en Drinte nei de feanen om It Hearrenfean.
- Leidyk - Dyk om it fean dy't it wetter fan hegere streken opkeare moat.
- Loksleane - Bakker Lok wenne eartiids oan dizze strjitte.
- Master Geertswei - nei fersetsstrider Albert Geerts
- Merkebuorren - eardere strjitte foar merk, no mei in soad winkels
- Moskouwei - nei buorskip Moskou dat foar Petersburch oer leit.
- Mûneleane - oan de leane stie earder in mûne
- Nije Heawei - nije heawei nei de healannen.
- Noormanstrjitte - nei de pleatslike kommandant fan it ferset; is nei de oarloch siik út it konsintraasjekamp komd en dêrnei troch deselde sykte stoarn.
- Opperbuorren - nei it buorskip Opperbuorren, súd fan de haadstrjitte (Weinterp-Merkebuorren), útrinnend op de strjitte Opper Haudmare.
- Opperhaudmare - Haudmare is in âld wurd foar de namme Opsterlân (Haudmare = haadstream, te witten Ald Djip of Keningsdjip)
- Petersburch - nei it buorskip Petersburch, dat neamd wêze soe nei in Peter of Piter Blauw
- Russchenreed - Oan dizze wei wenne earder in famylje Russchen.
- Stripe - in stripe is in smel stik lân
- Strûkheide - namme fan in heideplant.
- Te Nijenhuiswei - Klaas te Nijenhuis wie in fersetsstrider.
- Tjalling Harkeswei - Tjalling Harkes hat syn him ynsetten foar de oanlis fan dizze wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart
- Tolleane - Yn de buert fan dizze wei moat eartiids in tolhûs stien hawwe.
- Tsjerkereed - tagongswei nei de tsjerke
- Weinterp - nei it eardere doarp Weinterp, in heger lizzend stik lân (terp).
- Welfingstrjitte - nei fersetsstrider Jan Welfing
- Wolverlei -