De Wylgen
De Wylgen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 670 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,10 km², wêrfan: - lân: 3,70 km² - wetter: 0,41 km² | |
Befolkingsticht. | 178 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 05' N 6° 02' E | |
Lokaasje De Wylgen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side De Wylgen-Bûtensfallaat-Smelle Ie | ||
Kaart | ||
De Wylgen is in doarp west fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân.
De Wylgen hat 670 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wylgen wie oant 1955 in buorskip en in tsjerke hat it doarp nea hân. Foar de reformaasje hearde it tsjerklik by Smelle Ie, dêr't it kleaster stie, en letter by Boarnburgum.
Yn 1672 wie de Republyk yn oarloch mei Frankryk, Ingelân, Münster en Keulen. Yn dat jier teach in leger soldaten fan de biskop fan Münster troch Smellingerlân op nei Ljouwert. Mar dat waard op Sumarreheide troch mannen fan Fan Aylva opwachte. De soldaten fan Münster ferspraten harren nei de nederlaach en swalken plonderjend troch it gebiet. Oan 'e ein fan de Biskopswei, by de Poalsbrêge oer de Drait, doe in furde troch it rivierke, kamen ek soldaten oan, mar hja waarden dêr opwachte. By de striid waarden trije soldaten ombrocht, dy't dêr begroeven waarden. Alhoewol't it soldaten wiene dy't dêr omkamen waarden de grêven bekend as biskopsgrêven. [3]
Troch fergrizing en gjin nijbou sakke it ynwennertal nei de Twadde Wrâldkriich bot. Dat feroare mei de oanlis fan de De Sâning, in tige royaal opsette fillawyk oan de noardeastlike kant fan it âlde doarp mei frijsteande hûzen op grutte kavels oan it wetter. De Sâning waard tusken 1996 en 2002 oanlein en wurdt fan in griene sône mei wetter skieden fan it âlde doarp. Oarspronklik foel de grûn fan de nijbouwyk by Smelle Ie, mar yn it ramt fan it plan waard in grinskorreksje útfierd en kaam it by De Wylgen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wylgen hat in mienskiplik doarpsbelang mei Smelle Ie en it buorskip Bûtenstfallaat, dat formeel by Drachten heart. Ek de flagge en it wapen fan de twa doarpen binne mienskiplik.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kanoferiening
- Roeiferiening
- Toanielferiening De Wylgen
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2012 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 150 | 348 | 313 | 282 | 281 | 850 | 688 | 662 | 657 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biskopswei - Bernhard fan Galen
- Broekfinne
- De Heide
- De Trisken - buorskip De Trisken
- Drachtster Heawei
- Hoptunen
- Mûntseleane
- Nachtlân
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skriuwer Rink van der Velde hat in skoft yn De Wylgen wenne.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |