Springe nei ynhâld

Bloedbad fan Wounded Knee

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 mai 2023 om 01.22 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bloedbad fan Wounded Knee
(ûnderdiel fan 'e Geastedûnsoarloch)

Nei ôfrin fan it Bloedbad fan Wounded Knee wurde de liken fan 'e fermoarde Lakota yn in massagrêf smiten.
datum: 29 desimber 1890
plak: oan 'e Wounded Knee Creek, yn Súd-Dakota
útkomst: ûnderdrukking fan 'e geastedûnsbeweging
konfliktpartijen
Minnikonzjû-Lakota
Hûnkpapa-Lakota
Feriene Steaten

befelhawwers
Bûnte Wapity James W. Forsyth
sterkte
120 krigers
230 froulju & bern
500

ferliezen
90 deaden (m.)
200 deaden (fr. & bern)
51 ferwûnen (7 fataal)
25 deaden
39 ferwûnen (6 fataal)

kaart
Bloedbad fan Wounded Knee (Súd-Dakota)
Bloedbad fan Wounded Knee
Lokaasje fan it Bloedbad fan Wounded Knee yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.

It Bloedbad fan Wounded Knee (Ingelsk: Wounded Knee Massacre) wie in ynsidint dat hjoed oan 'e dei nei alle gedachten as in oarlochsmisdie beskôge wurde soe, en dat plakfûn op 29 desimber 1890, oan 'e igge fan 'e beek de Wounded Knee Creek (Lakota: Čhaŋkpé Ópi Wakpála; útspr.: ['ʧʰãkpe: 'o:pi wak'pa:la]) yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, net fier fan it plak ôf dêr't letter de delsetting Wounded Knee ûntstean soe. Under barre winterske omstannichheden waard dêr in grutte groep fan fierhinne yn 't foar ûntwapene Yndiaanske geastedûnsers, besteande út manlju, froulju en bern, sûnder ûnderskie te meitsjen troch Amerikaanske soldaten ôfslachte, wat resultearre yn 297 deade Yndianen en 31 deade soldaten (dy lêsten foar in grut part troch freonlik fjoer).

Yn 'e tritich jier dy't foarôfgiene oan it Bloedbad fan Wounded Knee hie it Amerikaanske regear stiiffêst in belied folge dat de kolonisaasje fan safolle mooglik Yndiaansk lân troch blanke kolonisten foarstie. Dêrta wiene de ûnderskate Yndiaanske folken almar fierder weromkrongen en harren lieders ferlaat en yntimidearre ta it tekenjen fan it iene ferdrach nei it oare wêrmei't se almar mear lân ôfstiene. Foar de Yndianen waarden saneamde reservaten (letterlik: lân dat foar harren "reservearre" wie) ynrjochte, dy't faak mar in fraksje fan harren oarspronklike territoarium omfiemen.

Foar de (Sioux), de grutte konfederaasje fan 'e Dakota- en Lakota-stammen dy't it noarden fan 'e Grutte Flakten behearske, wie yn 1868 it Grutte Sû Reservaat stifte, dat wol de helte fan Súd-Dakota besloech, mar al harren lân yn Nebraska, Wyoming, Montana en Noard-Dakota útsleat, sadat dat frijkaam foar kolonisaasje. Mar it wie net genôch, seker net doe't der yn 1874 yn 'e Black Hills, dy't yn it Grutte Sû Reservaat leine, goud fûn waard. De komst fan blanke goudsikers, dy't har oan gjin reservaat wat gelegen lizze lieten, en de gewelddiedige reäksje fan 'e Lakota op sokke ynkringers, late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, dy't úteinlik foar de Lakota in definitive nederlaach ynhold. As gefolch dêrfan ferlearen se yn 1877 hast in trêdepart fan harren reservaat, de foar harren hillige Black Hills ynbegrepen. Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat hielendal ôfskaft; de helte fan 'e grûn waard frijjûn foar kolonisaasje, en de rest, it minste lân, waard opdield yn fiif ôfsûnderlike lytsere reservaten (dy't tsjintwurdich noch besteane).

Wovoka, de Pajût-profeet.

Flaktestammen lykas de Lakota hiene foar harren libbensûnderhâld altyd foar in grut part stipe op 'e ûnbidige bizonkeppels dy't oer de prêrjes doarmen, mar troch it doelbewuste Amerikaanske belied fan útrûging fan dy grutte kobisten, wiene se totaal ôfhinklik wurden fan it Amerikaanske regear. Yn 'e reservaten moasten se lykwols gauris op heale of twatrêde rantsoenen libje, en boppedat wie it iten dat harren ferskaft waard faak fan minne kwaliteit. It útpartsjen fan bedoarn fleis wie gjin útsûndering. Underwilens wiene oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren de rispingen fan 'e Yndianen (en trouwens ek dy fan 'e blanke kolonisten op 'e Grutte Flakten) al ferskate jierren efterinoar mislearre.

Tsjin dy eftergrûn moat de opkomst fan 'e geastedûns sjoen wurde, in synkretistyske religy dy't it troch de misjonarissen brochte kristendom fermong mei de lânseigen leauwensoertsjûgings fan 'e Yndianen, en dy't fanút Nevada ferspraat waard troch de Pajût-profeet Wovoka. Ferskate Lakota-Yndianen, wêrûnder Skoppende Bear, reizgen ôf nei Nevada om it boadskip fan 'e profeet te hearren, en nei't se weromkamen, begûnen se de nije religy ûnder har eigen folk te fersprieden. De oanhingers fan 'e pasifistyske geastedûns leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. As se gjin alkohol mear dronken, harsels ritueel wosken en mar fûlernôch leauden, soene se werberne wurde yn in wrâld sûnder blanken, mar mei al har ferstoarne freonen en famyljeleden.

It wie feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast, en griep it boppedat oan om it ferneamde Lakota-opperhaad Sittende Bolle op te pakken, dy't nettsjinsteande syn âlderdom en it feit dat er him ûnder it Amerikaanske bewâld deljûn hie, troch de Amerikanen noch altyd as in ûnrêststokelder beskôge waard. Dy arrestaasje, op 15 desimber 1890, rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam.

Nei de dea fan Sittende Bolle ûntflechten sa'n twahûndert leden fan dy syn Hûnkpapa-stamme, dy't fierdere repressaillemaatregels fan 'e Amerikanen frezen, it Standing Rock Reservaat om har yn it oangrinzgjende Cheyenne River Reservaat by it Minnikonzjû-opperhaad Bûnte Wapity (Spotted Elk) te jaan, in foaroanman fan 'e geastedûnsbeweging dy't letter better bekend wurde ûnder de by- of skelnamme Grutte Foet (Big Foot). Bûnte Wapity sette op syn beurt op 23 desimber ôf nei it Pine Ridge Reservaat, dêr't er beskûl hope te finen by it âlde Oglala-opperhaad Reade Wolk. Mei him giene syn rom trijehûndert minsken tellende Minnikonzjû-troep en 38 fan 'e Hûnkpapa. Om't it Cheyenne River Reservaat net grinzge oan it Pine Ridge Reservaat, en de Yndianen dus troch lân tsjen moasten dat al troch blanken kolonisearre wie, waard dit troch de Amerikanen beskôge as in útbraak út it reservaat.

It lyk fan Bûnte Wapity (Spotted Elk), ek wol bekend as Grutte Foet (Big Foot).

Op 28 desimber 1890 waard de troep fan Bûnte Wapity by Porcupine Butte yn it Pine Ridge Reservaat ûnderskept troch in detasjemint fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, ûnder lieding fan majoar Samuel M. Whitside. Op advys fan 'e heal-Yndiaanske ferkenner en tolk John Shangreau waarden de Lakota net daliks ûntwapene, mar ynstee troch de soldaten eskortearre nei in plak oan 'e Wounded Knee Creek, sa'n 8 km fierderop, dêr't se har kamp opsleine en de nacht trochbrochten. Letter dy jûns joech kolonel James W. Forsyth him mei de rest fan it 7de Kavaleryrezjimint en fjouwer Hotchkiss 42 mm kanonnen by harren, wat it tal soldaten op 500 brocht. De Minnikonzjû en Hûnkpapa wiene sa'n 350 yn oantal, mei dêrûnder sa'n 120 manlju en 230 froulju en bern.

Op 'e moarn fan 29 desimber waard it Yndiaanske kamp besingele troch de soldaten, mei as doel om 'e Yndianen te ûntwapenjen. Neffens de ferzje fan 'e foarfallen sa't dy beskreaun wurdt yn it skiedkundige boek Bury My Heart at Wounded Knee, fan Dee Brown (dy't algemien akseptearre wurdt ûnder de Yndianen), wiene de soldaten net tefreden mei it lytse heapke gewearen dat de ûntwapening opsmiet. Dêrop liet kolonel Forsyth de Yndianen fûljearje en harren tinten trochsykje. Der waarden mar twa efterholden gewearen fûn, wêrfan't ien de nije Winchester fan 'e dôve kriger Swarte Prêrjewolf wie. Om't it him witwat koste hie, wie dy net daliks ree om it op jaan, mar Yndiaanske tsjûgen woene letter hawwe dat er it oerdroegen hawwe soe as de Amerikanen him mar gewurde litten hiene. De kommunikaasje mei de dôve man ferrûn lykwols dreech, en doe't ûngeduldige soldaten him it gewear út 'e hannen besochten te skuorren, foel der in skot.

Blanke deihierarbeiders loegje de deade Lakota op in wein om se nei it massagrêf te bringen.

Fuort dêrop iepenen de soldaten fan it 7de Kavaleryrezjimint fan alle kanten it fjoer op 'e Yndianen, wêrby't se gjin ûnderskie makken tusken de grutte mearderheid dy't al ûntwapene wie en it lytse part dat noch wapens hie, noch tusken manlju en froulju en bern. Eltsenien dy't net makke dat er fuortkaam, waard deasketten, wêrûnder ferskaten fan 'e eigen mei-soldaten. In stikmannich krigers besocht werom te fjochtsjen, mar waard mei swiere ferliezen weromdreaun. De oerlibjende Lakota naaiden út, mar de kavaleristen sieten har op hynders nei en skeaten dea wa't se mar yn it fizier krije koene, wylst de fjouwer Hotchkiss-kanonnen fan 'e heuvel ôf it fjoer iepenen op 'e flechtlingen.

Doe't it oer wie, wiene der fan 'e 350 Yndianen 290 dea: 90 manlju (wêrûnder Bûnte Wapity) en 200 froulju en bern. Ek wiene der 51 ferwûnen, dêr't letter noch 7 fan kamen te ferstjerren. Oan 'e kant fan 'e Amerikanen wiene 25 militêren sneuvele (foar in grut part troch freonlik fjoer) wêrûnder kaptein George D. Wallace, wylst der 39 ferwûnen wiene, wêrfan't neitiid noch 6 stoaren. Nei in sniestoarm dy't trije dagen duorre waarden begjin jannewaris 1891 troch it Amerikaanske leger blanke deihierarbeiders ynset om 'e deade Lakota te begraven. De mannen fûnen de liken stiif beferzen. Der waard ien grut massagrêf yn 'e beferzen grûn úthoud, dêr't se allegear byinoar yn bedobbe waarden. Neffens de berjochten waarden der noch fjouwer poppen libben weromfûn, dy't yn 'e sjaals fan harren deade memmen bewuolle en troch de liken fan 'e memmen tsjin 'e slimste waarsomstannichheden beskerme wiene. Ien fan 'e oerlibbenen, Swarte Wapity, sei jierren letter: "Ik wist doe noch net oan hoefolle oft in ein kommen wie. As ik no weromsjoch fan dizze hege heuvel fan myn âlderdom ôf, dan kin ik de delmeande froulju en bern, dy't dêr gearheape en fersille by it bochtige ravyn lâns leine, noch like dúdlik sjen as doe't ik har seach mei eagen dy't noch jong wiene. En ik kin sjen, dat der noch mear stoar, dêre, yn 'e fan bloed trochdrinzge sniedridze en begroeven waard yn 'e sniestoarm. De dream fan in folk stoar dêr."[1]

Generaal Nelson A. Miles.

Generaal Nelson A. Miles, de superieur fan kolonel Forsyth, feroardiele Forsyth syn dwaan en ûnthefte him fan syn befel. De kolonel moast foar in "ûndersykshôf fan it leger" (Army Court of Inquiry) ferskine (mar net foar de kriichsrie), en waard dêr beskrobbe foar syn taktyske beslissings, mar fierders frijsprutsen fan lykfol hokker misdwaan. Neitiid waard him troch de Amerikaanske minister fan Oarloch syn befel weromjûn. Generaal Miles, dy't in reputaasje fan wjerssidich respekt mei de Yndianen opboud hie, lei him dêr lykwols net by del. Hy hold oan mei Forsyth te bekritisearjen, om't er de man derfan fertocht dat dy syn befellen mei opsetsin oerhearrich west hie sadat er de geastedûnsers ôfslachtsje koe. Miles wie de earste dy't lûdop sei dat it Bloedbad fan Wounded Knee in opsetlike moardpartij wie ynstee fan in út minne besluten fuortkommen trageedzje. Hy lei him derop ta om Forsyth syn karriêre te ferrinnewearjen, mar dat mislearre; de man syn belutsenens by Wounded Knee waard letter ûnder it flierkleed fage, en hy brocht it noch ta de rang fan generaal-majoar.

De heuvel fan Wounded Knee (dêr't it massagrêf groeven waard), mei it moderne monumint.

De reäksje fan 'e blanke Amerikanen op it bloedbad wie doedestiden oer it algemien posityf. Benammen yn it kolonisearre westen wie in oansjenlik part fan 'e befolking fan miening dat de folsleine útrûging fan 'e Yndianen de iennichste manear wie om ea wer feilich en yn frede libje te kinnen, mei't se har der wolbewust fan wiene dat se op stellen lân wennen. Yn it easten waard de saak fierhinne misbegrepen as in militêre konfrontaasje fan it leger mei opstannige Yndiaanske krigers. Oan sa'n tweintich soldaten waard letter de Medal of Honor takend foar harren belutsenen by de slachting. Yn 2001 naam it Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen twa resolúsjes oan dy't dy ûnderskiedings feroardielen en it regear fan 'e Feriene Steaten oprôpen om se yn te lûken. De histoarikus Will G. Robinson hat opmurken dat yn skel kontrast mei dizze tweintich Medals of Honor op 500 soldaten dy't belutsen wiene by it Bloedbad fan Wounded Knee, der op 'e 64.000 Súddakotaanske soldaten dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten, mar trije fan sokke ûnderskiedings útrikt waarden.

Koart nei it bloedbad rjochten guon oerlibbenen de Wounded Knee Survivors Association op, dêr't letter harren neikommelingen ek lid fan waarden. Dizze feriening focht jierrenlang om finansjele skeafergoeding fan it Amerikaanske regear los te krijen foar de famyljes fan 'e deadlike slachtoffers en foar de ferwûnen. Letter lei de WKSA him fral ta op it beskermjen fan it plak fan it bloedbad tsjin fysike ferrinnewearring en kommersjele ekspoitaasje. Pas yn 'e 1990-er jierren, mear as hûndert jier nei dato, krige Wounded Knee de beskerme status fan national historic landmark.

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich fan 'e tweintichste iuw fûn der ûnder de Lakota in kulturele oplibbing plak, wêrby't fral de jongere generaasjes har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de Besetting fan Wounded Knee, dat dêrfoar útkeazen wie fanwegen it bloedbad fan 1890. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang de belegering troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Brown, Dee, Bury My Heart at Wounded Knee, 1970 (printinge Londen, 1991, Vintage, Random House), s. 446.

Boarnen
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.