Stynsgea
Stynsgea | ||
Augustinustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.205 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,44 km², wêrfan: - lân: 7,16 km² - wetter: 0,29 km² | |
Befolkingsticht. | 166 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13'N 6° 09'E | |
Lokaasje Stynsgea (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen | ||
Offisjele webside | ||
FB-side Doarpsbelang | ||
Kaart | ||
Stynsgea is in doarp súd fan Bûtenpost oan it Knillesdjip yn de gemeente Achtkarspelen.
By Stynsgea hearre ek de buorskippen Blauferlaat (mei in haven), Reahel (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Knillesdjip en Reaskuorre (de kant fan De Harkema út).
Stynsgea hat 1.205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp wie eartiids haadplak fan de gritenij en is neamd nei de hillige Augustinus.
Eartiids stie hjir de stins Siccamastate.
Tusken 1897 en 1968 hie Stynsgea in eigen molkfabryk, dy't oer de Fabryksfeart in ferbining hie mei it Knillesdjip. By it fabryk waard ek in rige arbeiderswentes boud.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Augustinitsjerke (Stynsgea).
It âldste part fan de Augustinustsjerke is de 13e-iuwske toer, dy't oant 1895 in sealtek hie. De oan Augustinus fan Hippo wijde goatyske tsjerke waard healwei de 14e iuw nei alle gedachten troch de muontsen fan kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster) boud. By in ferbouwing yn ± 1765 is de kap twa meter ferhege. Fan de eardere fresko's yn de tsjerke binne twa skansearre foarstellings fan twa ingels en Sint-Kristoffel bewarre bleaun. De klok út 1617 is getten troch Hans Falck fan Neurenberch út Ljouwert.
- De Wikipedy hat ek in side Pypketsjerke (Stynsgea).
Njonken de Augustinustsjerke wie der oant 2016 ek noch in grifformearde tsjerke, de Pypketsjerke. De Pypketsjerke lei healwei Stynsgea en Surhuzum en wie it tsjerklik sintrum fan twa grifformearde gemeenten. Mei de fúzje fan de grifformearden en herfoarmen ta ien protestantske tsjerke waard de Pypketsjerke oerstallich en ferkocht.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek mei in baarnend hert yn it wapen ferwiist nei Augustinus fan Hippo. De ikels en klaverbledsjes komme fan eardere aadlike famyljes (Gaickema, Jensma en Siccama), dy't hjir eartiids wennen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsblêd 'Us Blêd' ferskynt sûnt oktober 1975 hast alle moannen. Der is gjin eigen doarpshûs.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsskoalle De Twa-ikker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2015 binne de iepenbiere skoalle De Maskelyn en de kristlike skoalle De Saad opgien yn in gearwurkingsskoalle. Fanâlds joegen boeren faak in namme oan harren stikken lân. Sa ferwiist de strjitnamme Skoalikker noch nei in stik lân by de earste iepenbiere skoalle fan Stynsgea. Yn 2016 is der, om't oerdrachtlik de ikkers fan twa skoallen gearfoege waarden, de namme De Twa-ikker ûntstien.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening ASC '75
- Toanielferiening 'Jounswille'
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1121 | 1188 | 1147 | 1157 | 1134 | 1253 | 1187 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Stynsgea.
- De nammen Gaickema, Jensma en Siccama komme fan de aadlike famyljes dy't hjir wenne ha.
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Busline fan ferfierder Arriva:
- Line 12: Drachten - Nijtap - Rottefalle - De Houtigehage - Boelensloane -Surhústerfean - Surhuzum - Stynsgea - Bûtenpost
Berne yn Styngea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Barteles van der Kooi (1768-1836), keunstskilder
- Ytzen van der Veen (1861-1931), arsjitekt
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]East fan it doarp stiet de tsjasker fan Stynsgea, ien fan de lêste trije boktsjaskers fan Nederlân. Noch wat fierder by Blauferlaat stiet it oarlochsmonumint fan it doarp. It bestiet út in bulte fjildstiennen, wêrfan't ien de tekst FRIJDOM WIE DE HEEGHSTE WET draacht.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |