Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen
De feriening Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) is op 19 desimber 1981 oprjochte yn kafee 'De Hinde' te Hylpen.
Klassen
Fan 1982 oant 1984 wie der ien klasse dêr't alle skippen oan meidienen. Yn 1985 kaam der ek in B-klasse by. De lêste trije dielnimmers fan it klassemint yn de A-klasse degradearje en de earste trije dielnimmers fan it klassemint yn de B-klasse promovearje. Yn 1993 wienen der safolle ynskriuwers dat der in C-klasse by komme moast.
Yn 1995 is der in aparte klasse oprjochte foar lytse skûtsjes. Dat binne skûtsjes mei in maksimale lingte fan 17,10 meter. Dy klasse waard de b-lyts neamd. De C-klasse wie doe net mear nedich. De earste út it klassemint fan de b-lyts koe ek promovearje nei de grutte A-klasse. Peter de Koe hat yn 1997 dat rjocht brûkt om yn 'e A-klasse mei te dwaan.
Yn 1999 is de namme fan de lytse b-klasse feroare nei lytse a-klasse. Tagelyk is de B-klasse opdield yn B1 en B2. Dêrmei soenen nije dielnimmers flugger yn de A-klasse komme kinne as mei yn C-klasse. Mei in C-klasse hat in nije dielnimmer nammentlik op syn minst 3 jier nedich om yn de A-klasse meifarre te kinnen.
Dochs hat de IFKS yn 2002 wer in C-klasse ynsteld. Dêrtroch binne der no 4 klassen:
- Grutte A-klasse
- Lytse a-klasse
- B-klasse
- C-klasse
A-klasse
- Foarearst 2022
Seil- teken |
Namme | Plak | Skipper | Boujier | Ton | Werf |
---|---|---|---|---|---|---|
E | Eelkje II | Heech | Jeroen de Vos | 1914 | 30,37 | Ljouwert, Roos & van der Meijden |
Eeltje Baas | Makkum | Klaas Kuperus | 1904 | 49 | Ljouwert, v.d. Werff | |
B | Freonskip | Blauhús | Hartman Witteveen | 1909 | 40 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff |
GO | Grytsje Obes | Koudum | Arjen de Jong | 1914 | 44 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff |
Ingelskman | Rotterdam | Sikke Heerschop | 1907 | 35 | Drachten, de Piip | |
Ea | It Doarp Eastermar | Eastermar | Geale Tadema | 1911 | 50 | Ljouwert, v.d. Werff |
Jonge Jasper | Frjentsjer | Froukje Osinga | 1911 | 34 | Drachten, de Piip | |
Lytse Lies | De Gaastmar | Tony Brundel | 1910 | 35 | Drachten, de Piip | |
Ora et Labora | Heeg | Sietse Broersma | 1912 | 42 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff | |
Raerder Roek | Raerd | Sijmen Kalsbeek | 1906 | 35,23 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff | |
Redbad | Warkum | Wietse Bandstra | 1911 | 42 | Frjentsjer, Draaisma | |
Sterke Jerke | Earnewâld | Pieter-Jilles Tjoelker | 1923 | 51 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff | |
Us Heit | Rotterdam | Wytse Heerschop | 1902 | 40 | Drachten | |
Ut en Thûs | Snits | Floriaan Zwart | 1910 | 38 | Frjentsjer, Brandsma | |
Z | Waaksdom | De Jouwer | Ulbe Zwaga | 1913 | 49 | Drachten, v.d. Werff, Langewyk |
‘t Swarte Wief | de Tynje | Jaap Hofstee | 1909 | 48 | Wergea, v.d. Werff |
A-lyts
- as in 2022
Seil- teken |
Namme | Plak | Skipper | Boujier | Ton | Werf |
---|---|---|---|---|---|---|
De Reuzen | Akkrum | Andries Brouwer | 1911 | 34 | Warten, Bijlsma | |
Hoop Doet Leven | Ljouwert | Koos van Drunen | 1910 | 34 | Snits, v.d. Werff | |
Hoop en Vertrouwen | Snits | Brandt de Vries | 1913 | 33,36 | Ljouwert, Roos & van der Meijden | |
Hoop Op Zegen | Ljouwert | Chris van den Berg | 1909 | 36 | Snits, v.d. Werff | |
It Abbegeaster Skûtsje | Abbegea | Henk Frankena | 1905 | 29 | Wergea, v.d. Werff | |
Lutgerdina Smeltekop | Eemnes | Bernd de Cneudt | 1904 | 30,90 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff | |
Lytse Earnewâldster | Earnewâld | Geale Postma | 1908 | 28 | Warten, Bijlsma | |
Lytse Famke | De Lemmer | Herke Boskma | 1923 | 32 | Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff | |
Nije Dei | Heech | Harm van der Weiden | 1903 | 30 | Ychtenbrêge, Bos | |
[1] | Nooit Volmaakt | De Lemmer | Jochem van der Vaart | 1896 | 30 | Briltil |
Ha | Stad Harlingen | Harns | Sikke Tichelaar | 1909 | 34,89 | Koatstertille, v.d. Werff |
Tiid sil’t leare | Amsterdam | Hille Wichers | 1905 | 32 | De Gaastmar, Wildschut | |
Twa Famkes | Drachten | Pieter Jansma | 1912 | 32,71 | Wergea, de Onderneming | |
Vriendschap | Akkrum | Sander Meeter | 1911 | 23,66 | Drachten, de Piip | |
Welvaart | Ealahuzen | Tsjibbe van der Veer | 1910 | 36 | De Gaastmar, Wildschut |
Kampioenskip
De feriening organisearret it IFKS dat acht dagen beslacht; sân wedstryddagen en de rêstdei of opvang op woansdei.
plak | dei |
---|---|
Hylpen | sneon |
Starum | snein |
Heech | moandei |
Sleat | tiisdei |
Rêstdei (of Opfang Ychtenbrêge) | woansdei |
Ychtenbrêge | tongersdei |
De Lemmer | freed |
De Lemmer (finale) | sneon |
Kampioenen (Grutte A-klasse)
- 2022 - Pieter Jilles Tjoelker, Sterke Jerke (Earnewâld)
- 2019 - Jeroen de Vos, Eelkje II (Heech)
- 2018 - Geale Tadema, It Doarp Eastermar (Eastermar)
- 2017 - Merijn Olsthoorn, Emanuel (De Lemmer)
- 2016 - Klaas Kuperus, De Zes Gebroeders (Makkum (FR))
- 2015 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 2014 - Jelle Talsma, Jonge Jan ("De Poep") (Warten)
- 2013 - Sikke Heerschop, Wylde Wytse (Rotterdam)
- 2012 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 2011 - Sieb Meijer, Jonge Jasper (Frjentsjer)
- 2010 - Delmer Los, Grutte Pier (It Heidenskip)
- 2009 - Jelle Talsma, Jonge Jan ("De Poep") (Warten)
- 2008 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 2007 - Walter de Vries, Goede Verwachting (Sleat)
- 2006 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 2005 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 2004 - Jeroen de Vos, Eelkje II (Heech)
- 2003 - Eelke Dijkstra, Oude Zeug (Terherne)
- 2002 - Eelke Dijkstra, Oude Zeug (Terherne)
- 2001 - Jacob Huisman, Ut 'e striid (Herbijum)
- 2000 - Jacob Huisman, Ut 'e striid (Herbijum)
- 1999 - Sieb Meijer, Jonge Jasper (Frjentsjer)
- 1998 - Sieb Meijer, Jonge Jasper (Frjentsjer)
- 1997 - Tony Brundel, Lytse Lies (De Gaastmar)
- 1996 - Sieb Meijer, Jonge Jasper (Frjentsjer)
- 1995 - Jitse Grondsma, Woeste Oane
- 1994 - Jitse Grondsma, Woeste Oane
- 1993 - Sieb Meijer, Jonge Jasper (Frjentsjer)
- 1992 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1991 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1990 - Eldert Sietes Meeter, Vriendschap
- 1989 - Eldert Sietes Meeter, Vriendschap
- 1988 - Jan de Boer, Twee Gebroeders
- 1987 - André Hoek, Oeral Thús
- 1986 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1985 - Jan Bakker, Hollandse Nieuwe
- 1984 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1983 - Nico Hoek, Lutgerdina Smeltekop (Muiden)
- 1982 - Nico Hoek, Lutgerdina Smeltekop (Muiden)
Sjoch ek
Keppeling om utens
- ↑ Hat nij seilteken fan in kanon