Springe nei ynhâld

Súdwesthoek (2)

Ut Wikipedy

De Súdwesthoek is sûnt 2003 it SKS-skûtsje fan Stifting Skûtsje Súdwesthoek.

It skûtsje waard yn 1923 boud by Barkmeijer yn Strobos.

IFKS - Hoop op Welvaart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1982 hiet it skip Hoop op Welvaart en mei dy namme hat it tweintich jier meidien oan de IFKS. It wie yn 1982 it skûtsje fan Age Bandstra fan Starum, dy't der yn 1982 de fluchste tiid ea mei sylde yn de Strontrace. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waard Bandstra fjouwer kear kampioen IFKS mei it skûtsje.

De lêste jierren yn de IFKS hie it skûtsje Kûfurderrige as túshaven en Wim van Daalen as skipper. It promovearre yn 2001 en sile dêrom yn 2002 wer mei yn de A-klasse.

SKS - Súdwesthoek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skûtsje waard 31 desimber 2002 koft troch de Stifting Skûtsje Súdwesthoek, ta ferfanging fan it doedestiidske SKS-skûtsje Súdwesthoek. Hjirta moat it nijkofte, gruttere skûtsje 42 sm ynkoarte wurde ta 19,48, om't it 19,50 m of minder wêze moast om mei farre te kinnen by de SKS. De 42 sm skûtsje waarden oan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld jûn.

It skûtsje krige, krekt as de foargonger, de namme Súdwesthoek. Skipper fan it nije skûtsje wie wer Meindert de Groot. Mei yngong fan 2008 is dy funksje oernaam troch syn soan Auke de Groot.