Strontrace

Ut Wikipedy

De Strontrace is in sylwedstryd dy't sûnt 1974 alle jierren holden wurdt. De start is yn Warkum, dêr't de stront laden wurdt, dy't dan ôflevere wurde moat yn Warmond yn Súd-Hollân. Dêr wurde dan blombollen laden, dêr't mei weromfarre wurdt nei Warkum.

Oan de strontrace meie allinnich historyske skippen meidwaan fanwegen it histoaryske karakter fan de race; dêrom wurdt der benammen mei skûtsjes en tsjalken syld. De bedoeling fan de strontrace is om sa fluch mooglik in pear sekken stront nei Warmond te ferfieren mei allinnich sylkrêft en hankrêft. By ûngeunstige wyn kin der op de fearten net syld wurde, dat dan moat it skip lutsen troch te jeien, of der moat boomkje wurde.

De rûte giet fan Warkum oer de Iselmar nei Amsterdam. Dêrby kin keazen wurde om by Inkhuzen om te gean of by Lelystêd. Op it Bûten IJ, it IJ en it Noardseekanaal moat op 'e motor fearn wurde ("op steam"). Dêrfoarby kin de rûte ek wer op twa manieren ôflein wurde. De earste opsje is oer Amsterdam troch de Kostverloren Feart nei de Nije Mar en fierder de Ringfeart Haarlimmermarpolder ôf nei Warmond ta. De oare opsje is oer Spaarndam en Haarlim en dan de Ringfeart ôf nei Warmond. Nei it kearpunt yn Warmond moat weromfearn wurde oer de rûtes dy't de earste kear net keazen binne.

De race wurdt troch in soad minsken sjoen as de swierste race mei histoaryske skippen. Der wurdt nammentlik non-stop, dus dei en nacht, fearn. It mei ûngeunstige wyn boomkjen en jeien ferget benammen in soad úthâldingsfermogen en fakmanskip.

De race wurdt alle jierren holden yn de hjerstfakânsje, tagelyk mei it Beurtfear en de Fiskerijdagen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]