Springe nei ynhâld

Fernando Alonso

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 nov 2022 om 15.20 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (by de tiid brocht)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fernando Alonso
Formule 1
Fernando Alonso (2016)
Fernando Alonso (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fernando Alonso Diaz
nasjonaliteit Spanje
bertedatum 29 july 1981
berteplak Oviedo
etnisiteit Astuerysk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 2001
2003-2018
2021 - no
autonûmmer 14
Teams Minardi: 2001
Renault: 2003-2006, 2008-2009
McLaren: 2007, 2015-2018
Ferrari: 2010-2014
Alpine: 2021-2022
Aston Martin: Hjoedeistig team
Tal races 358 (355 starts)
Kampioenskippen 2 (2005, 2006)
Oerwinningen 32
Tal poadia 98
tal Polepositions 22
offisjele webside
Webstee fan Fernando Alonso

Fernando Alonso (folút: Fernando Alonso Diaz; Oviedo, Astuerje, 21 july 1981), is in Spaanske Formule 1-koereur. Hy wie wrâldkampioen yn 2005 en 2006.

Karten en oerstap nei auto's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alonso begûn yn de âldens fan trije jier mei karten en behelle suksessen yn pleatslike, nasjonale en wrâldkampioenskippen. As teener stapte Alonso oer op it racen yn auto's, en yn 1999, yn de âldens fan santjin jier, wûn er de Euro Open by Nissan by it team fan Campos Motorsport yn it fyfjtin races duorjende kampioenskip. Hy behellet seis polepossitions en boppedat wit er ek seis kear de race te winnen.

yn it jier 2000 ried Alonso yn de ynternasjonale Formule 3000 kampioenskip by it team Astromega. Nei in twadde plak yn de fyfde wedstriid op it strjittesirkwy yn Monako wint er twa wiken letter de race op it Sirkwy Spa-Francorchamps. Hy wurdt yn 2000 fjirde mei 17 punten yn it einklassemint fan de Formule 3000.

Alonso yn de Minardi 2001

Yn 2001 kriget Alonso syn earste Formule 1 kontrakt by it team fan Minardi. Hy makke syn debút yn de Grutte Priis fan Austraalje op 4 maart fan dat jier, hoewol't er yn de Minardi, ien fan de minst flugge auto’s fan it dielnimmersjild, gjin punten behellet, prestearret er yn de kwalifikaasjes faaks better as koereurs fan rappere teams.

Yn 2002 wurdt Alonso testkoereur by it Frânske team Renault. Yn 2003 promovearret er fan testkoereur nei folweardich koereur.

Op 22 maart by de Grutte Priis fan Maleisje behellet Alonso syn earste poleposition yn de Formule 1. Yn de wedstriid sels einiget er op in tredde plak en dat wie daliks ek syn earste poadium. Yn augustus wint er de Grutte Priis fan Hongarije. Hy is dan de jongste koereur ea dy’t in Grutte Priis Formule 1 wint. Hy einiget it seizoen op in sechsde plak mei 55 punten yn it einklassemint.

Yn 2004 slagget er der net yn om in Grutte Priis te winnen. Hy einiget dat seizoen wol fjouwer kear op it poadium, dat der ta late dat er yn 2004 fjirde wurdt yn it einklassemint.

2005 wurdt in topjier foar Alonso, doe't er mar leafst sân kear in Grutte Priis wint, en acht kear in oar plak op it poadium behellet. Dêrmei wurdt er foar it earst wrâldkampioen mei in totaal fan 133 punten, 21 punten mear as de nûmmer twa Kimi Räikkönen. Mei syn âldens fan 24 jier is er op dat stuit de jongste wrâldkampioen ea yn de Formule 1.

Yn it seizoen 2006 wit Alonso noch ris it wrâldkampioenskip yn de Formule 1 te winnen, dêr't er de Dútser Michael Schumacher mei trjettjin punten nipt efter him wist te litten.

Yn 2007 stapt Alonso oer nei McLaren mar de gearwurking mei dat team ferrint net sa as ferwachte waard, en al nei ien seizoen wurdt it kontrakt fuortendaliks ferbrutsen. Hy einiget it seizoen mei 109 punten op it tredde plak yn it einklassemint

Yn 2008 kin Alonso wer werom nei it team fan Renault. Yn dat seizoen wit Alonso de earste nachtrace ea yn de skiednis fan de formule 1 te winnen op it Marina Bay Street Circuit yn Singapoer. Yn 2009 die bliken dat der by dy race sprake wie fan manipulaasje. De teambaas fan Renault Flavio Briatore waard dêrtroch foar it libben útsletten. De saak kaam bekend te stean ûnder de namme Crashgate. Alonso wint letter yn 2008 ek nocht de Grutte Priis fan Japan. It seizoen einiget er as fyfde yn it einklassemint.

2009 stiet foaral yn it teken fan Crashgate, en ferrint sûnder grutte oerwinningen en mei mar ien poadiumplak behelle by de Grutte Priis fan Singapore. It seizoen einiget er as njoggende yn it einklassemint.

Yn 2010 makket Alonso de oerstap nei Ferrari, en wit er yn syn nije auto fuortendaliks de iepeningsrace yn Bahrein te winnen. Mei fiif oerwinningen en fiif oare poadiumplakken is 2010 in poerbêst seizoen by syn nije team en einiget er as twadde yn it einklassemint.

Mar it seizoen is net wat Alonso der fan ferwachte hie. Hy einiget it seizoen 2011 op plak fjouwer mei 135 punten efterstân op de wrâldkampioen Sebastian Vettel.

It seizoen 2012 ferûn in stik better as it jier dêrfoar en behelle er dat jier trije oerwinningen. Hy wie lange tiid lieder yn it kampioenskip en it like derop dat er op paad wie nei in tredde wrâldtitel. Dy gie lykwols yn de lêste race dochs noch nei Vettel. Dy lêste race yn Brazylje bepaalde alles, Vettel einige yn dy wedstriid as seschde. Alonso, dy't twadde waard yn de race, kaam dêrtroch trije punten te koart foar de wrâldtitel.

yn 2013 wie Sebastian Vettel mei syn Red Bull te sterk. Alonso behelle noch wol twa oerwinningen, mar Vettel wurdt wer wrâldkampioen en Allonso wurdt mei 242 punten twadde.

2014 waard in dreech seizoen wêryn't Allonso gjin inkelde race wit te winnen, en einige er ek mar twa kear op it poadium. Nei dat seizoen ferlit Allonso Ferrari, en giet werom nei it team fan McLaren dêr't er yn 2007 nei swierrichheden fuortgien wie.

Ta gefolch fan in crash by de testsessies foarôfgeand oan it seizoen 2015 moast Alonso de iepeningsrace yn Austraalje oerslaan. De auto fan Mclaren bliek dat seizoen net sterk genôch: sawol Alonso as syn teamgenoat Jenson Button moasten gauris de race beëinigje omreden motorproblemen en de auto wie net rap genôch om regelmjittich yn de top 10 te einigjen. Alonso einige dan ek op it santjinde plak yn it einklassemint.

Yn 2016 wie de McLaren frijwat ferbettere, mar it team kaam noch faasje tekoart om mei te dwaan mei de absolute top. Mar Alonso wist dochs regelmjittich in top 10-klassearringen te riden, mei twa fyfde plakken yn Monako en de Feriene Steaten as hichtepunten. Dêr stie foaroer dat er by de Grutte Priis fan Austraalje in swiere crash meimakke, wêrby't er efter op de auto fan Esteban Gutiérrez ried en oer de kop sloech. De twadde race fan it seizoen moast er dêrtroch misse. Yn dat seizoen einige Alonso op it tsiende plak yn it einklssemint.

It seizoen 2017 ferrûn net bêst en Alonso foel mar leafst sân kear út. Hy skoarde lang om let santjin punten en waard fyftjinde yn het einklassemint.

Yn 2018 bliuwt Alonso by McLaren riden, dêr't de prestaasjes by lykje te ferbetterjen. Hy behelle yn it earste diel fan it seizoen meardere top tsien plakken, mar troch it seizoen hinne, sakke de auto fan McLaren wer fierder fuort, en dêrmei einige Alonsomei fyftich punten as alfde yn it einklassemint. Oan de ein fan dat seizoen makke Alonso buorkundich te stopjen yn de Formule 1.

Nei in pensioen fan trije jier besleat Alonso dochs wer werom te kommen yn de Formule 1. Hy krige in kontrakt by Alpine, it eardere team fan Renault. Alonso einige it seizoen 2021 as tsiende en it dêr op folgjende seizoen waard er njoggende yn it einklassemint

It seizoen 2023 stapte Fernando oer op it team Aston Martin dêr't in stuoltsje frijkaam wie nei't Sebastian Vettel mei pensioen gien wie.

Oersjoch Formule 1-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
2001 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 2014 2015 2016 2017 2018 2021 2022 2023 Totaal
Oantal races 17 16 18 19 18 17 18 17 19 19 20 19 19 18 20 19 21 22 22 358 (355 starts)
Aantal oerwinningen 0 1 0 7 7 4 2 0 5 1 3 2 0 0 0 0 0 0 0 32
Aantal pole-positions 0 2 1 6 6 2 0 1 2 0 2 0 0 0 0 0 0 0 0 22
Aantal rapste rûntsjes 0 1 0 2 5 3 0 2 5 1 0 2 0 0 1 1 0 0 0 23
Oantal Poadiumplakken 0 4 4 15 14 12 3 1 10 10 13 8 2 0 0 0 0 1 0 98
WK-punten 0 55 59 133 134 109 61 26 252 257 278 242 161 11 54 17 50 81 81 2061
Einstân WK 23 6 4 1 1 3 5 9 2 4 2 2 6 17 10 15 11 10 9

* Seizoen noch dwaande.

Oerwinningen yn de Formule 1

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Lân Grutte Priis Team
2003 Hongarije Grutte Priis fan Hongarije 2003 flagge fan Frankryk Renault
2005 Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2005
Bachrein Grutte Priis fan Bachrein 2005
  San Marino Grutte Priis fan San Marino 2005
Dútslân Grutte Priis fan Jeropa 2005
Frankryk Grutte Priis fan Frankryk 2005
Dútslân Grutte Priis fan Dútslân 2005
Sina Grutte Priis fan Sina 2005
2006 Bachrein Grutte Priis fan Bachrein 2006
Austraalje Grutte Priis fan Austraalje 2006
Spanje Grutte Priis fan Spanje 2006
  Monako Grutte Priis fan Monako 2006
Grut-Brittanje Grutte Priis fan Grut-Brittanje 2006
Kanada Grutte Priis fan Kanada 2006
Japan Grutte Priis fan Japan 2006
2007 Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2007 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân McLaren
  Monako Grutte Priis fan Monako 2007
Dútslân Grutte Priis fan Jeropa 2007
Itaalje Grutte Priis fan Itaalje 2007
2008 Singapoer Grutte Priis fan Singapoer 2008 flagge fan Frankryk Renault
Japan Grutte Priis fan Japan 2008
2010 Bachrein Grutte Priis fan Bachrein 2010 flagge fan Itaalje Ferrari
Dútslân Grutte Priis fan Dútslân 2010
Itaalje Grutte Priis fan Itaalje 2010
Singapoer Grutte Priis fan Singapoer 2010
Súd-Koreä Grutte Priis fan Koreä 2010
2011 Grut-Brittanje Grutte Priis fan Grut-Brittanje 2011
2012 Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2012
Spanje Grutte Priis fan Jeropa 2012
Dútslân Grutte Priis fan Dútslân 2012
2013 Sina Grutte Priis fan Sina 2013
Spanje Grutte Priis fan Spanje 2013

Op 5 jannewaris 2020 stie Alonso yn Saûdy-Araabje tegearre mei Marc Coma as navigator oan de start fan de 42ste edysje fan de Dakar Rally. Hy die mei yn de Auto T1.1 klasse en kaam út foar it team fan Toyota. Yn de tsiende etappe fleach Alonso oer de kop mei syn Toyota Hilux en moast de etappe útride sûnder in foarrút. Yn de tolve etappes tellende rally waard Alonso lang om let trettjinde yn it einklassemint.

De LMP1 auto fan Alonso tidens de 24 oeren fan Le Mans 2019

Yn it seizoen 2018-2019 debútearre Alonso yn it FIA World Endurance Championship, dêr’t er by it team fan Toyota in team foarme mei Sébastien Buemi en Kazuki Nakajima yn de LMP1 klasse. Op 16 juny makke er syn debút yn de 24 oeren fan Le Mans. It team lutsen de race fan poleposition en wûnen einlings ek de race. Mei dat team wûn Alonso dat seizoen fiif fan de acht races, en waarden se ien kear diskwalifisearre. Dêrmei waarden se útroppen ta kampioen yn de LMP1-klasse. Njonken de FIA World Endurance Championship hie Alonso ek twa kear meidien oan de 24 oeren fan Daytona yn 2018 dêr't er tegearre mei Lando Norris en Philip Hanson by it team fan United Autosports ried yn de P-Klasse en waarden se 38ste yn it einklassemint. Yn 2019 ried er foar it team Wayne Taylor Racing tegearre mei Jordan Taylor, Kamui Kobayashi en Renger van der Zande. Hja wisten dy Amerikaanske race te winnen.

útslaggen Endurance

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lân Race Jier Utslach Team
Feriene Steaten 24 oeren fan Daytona 2018 38 flagge fan de Feriene Steaten United Autosports
Belgje 6 oeren fan Spa-Francorchamps 2018 1 flagge fan Japan Toyota
Frankryk 24 oeren fan Le Mans 2018 1 flagge fan Japan Toyota
Grut-Brittanje 6 oeren fan Silverstone 2018 DSQ flagge fan Japan Toyota
Japan 6 oeren fan Fuji 2018 2 flagge fan Japan Toyota
Sina 6 oeren fan Shanghai 2018 2 flagge fan Japan Toyota
Feriene Steaten 1000 mille fan Sebring 2019 1 flagge fan Japan Toyota
Belgje 6 oeren fan Spa-Francorchamps 2019 1 flagge fan Japan Toyota
Frankryk 24 oeren fan Le Mans 2019 1 flagge fan Japan Toyota
Feriene Steaten 24 oeren fan Daytona 2019 1 flagge fan de Feriene Steaten Wayne Taylor Racing

Indianapolis 500

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alonso tidens Indianapolis 500 yn 2017

Alonso hie yn 2017 en 2019 meidien oan de Indianapolis 500, en besocht de Triple Crown de winnen. De Triple Crown bestiet út de Grutte Priis Formule 1 fan Monako, de 24 oeren fan Le Mans en de Indianapolis 500, it winnen fan de Grand Prix Formule 1 fan Monaco, de Indianapolis 500 en de 24 oere fan Le Mans. Dat is oant no ta noch alline noch mar slagge troch Graham Hill.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]