De Skipsjonges fan Bontekoe
De Skipsjonges fan Bontekoe | ||
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Scheepsjongens van Bontekoe | |
auteur | Johan Fabricius | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | jeugdboek | |
1e publikaasje | 1924, Amsterdam | |
oarspr. útjwr. | Uitgeverij Leopold | |
kodearring | ||
ISBN | 978-9 02 58 69 526 (34e print.) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Skipsjonges fan Bontekoe | |
publikaasje | 2015, Grins | |
útjouwer | Utjouwerij Regaad | |
oersetter | Anne Tjerk Popkema | |
ISBN oers. | 978-9 08 21 97 013 |
De Skipsjonges fan Bontekoe, yn it oarspronklike Nederlânsk: De Scheepsjongens van Bontekoe, is in jeugdroman fan 'e hân fan 'e Nederlânsk skriuwer, yllustrator en sjoernalist Johan Fabricius (1899-1981). It boek waard ynspirearre troch it earste diel fan it Journaal van Bontekoe, in beskriuwing fan in reis nei East-Ynje fan 'e santjinde-iuwske kaptein Willem IJsbrantsz. Bontekoe. It lêste part fan it boek befettet noch wol eleminten út 'e oarspronklike beskriuwing, mar wykt dêr fierders sterk fan ôf. De fierdere reizen fan Bontekoe nei de oankomst yn Ynje komme net yn it boek foar. De Scheepsjongens van Bontekoe waard foar it earst publisearre yn 1924 troch Uitgeverij Leopold yn Amsterdam. Fan it boek waarden neitiid mear as 250.000 eksimplaren ferkocht, en yn 2016 kaam de 34e printinge út. It waard yn 1931 yn it Ingelsk fertaald ûnder de titel Java Ho!, en ek waard it op ferskate wizen adaptearre, û.m. ta in film (2007). De Fryske oersetting, fan Anne Tjerk Popkema, ferskynde yn 2015.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein 1618 meunsterje Peter Hajo en Rolf út Hoarn as skipsjonges oan op 'e Eastynjefarder Nieuw-Hoorn, it skip fan kaptein Willem IJsbrantsz. Bontekoe, dy't in omke fan Rolf is. Padde Kelemeyn, de bêste freon fan Peter Hajo, wurdt bemanningslid tsjin wil en tank as er oan board in slûchje docht en pas wekker wurdt as de Nieuw-Hoorn him al lang en breed op iepen see befynt. Hy wurdt dan troch skipper Bontekoe oan it wurk set as botteliersmaat. De trije jonges foarmje al rillegau in hechte freonskip, en dêr hawwe se ek wol ferlet fan, mei't de âldere matroazen harren graach narje meie. Fral Padde is troch syn grouwens en naïviteit in tankber doelwyt foar harren. Underweis nei East-Ynje meitsje se fan alles mei: wynstilte, stoarm, skuorbot, brân, haaien, moardsucht, neam mar op.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Nieuw-Hoorn fart by eilannen foar de kust fan Brazylje lâns, en rûnet Kaap de Goede Hoop, dêr't fanwegen it minne waar gjin nije foarrieden ynnommen wurde kinne. Neitiid geane leden fan 'e bemanning oan lân op Madagaskar en Reünion om iten en drinkwetter yn te slaan. As it skip de eastkant fan 'e Yndyske Oseaan berikt hat, feroarsaket de sleauwe Padde in ramp as er in stikje lont fan in baarnende kjers yn in fet mei brandewyn falle lit. De drank fingt en it fet rekket yn 'e brân. It fjoer ferspriedt him oer it hiele skip en is net mear te dwêstgjen. As it de krûdkeamer berikt, folget der in grutte ûntploffing, dy't it hiele skip ferneatiget.
Fan 'e goed twahûndert opfarrenden oerlibje 72 dat barren. Hja farre yn 'e jol en de sloep fierder en witte sa Sumatra te berikken, dêr't Bontekoe mei Hajo, Rolf, Padde en koksmaat Harmen van Kniphuyzen yn in prau in rivier opgiet om yn in ynlânsk doarp in karbau (buffel) te keapjen, om te slachtsjen. De skipper fart allinnich werom, mei't de fjouwer jonges mei de karbau oer lân it paad by de rivier lâns folgje sille. As de lânseigen befolking in wraam op 'e jol en de sloep docht, wêrby't deaden falle, moatte Bontekoe-en-dy halje-trawalje de see wer op. Dêrby bliuwe de fjouwer jonges efter op Sumatra, dêr't se troch de lânseigen befolking finzen nommen wurde.
De jonges wurde lykwols befrijd troch it lânseigen famke Dolimah, mar berikke krekt te let it strân, dêr't se harren skipsmaten yn 'e fierte noch fuortfarren sjen kinne. Se beslute dan mar geandefoets op Bantam, op Java, ta te gean, wêrby't Harmen ûnderweis jitris finzen nommen wurdt. Diskear wurdt er befrijd troch de oare trije jonges, wêrby't Padde in ynlanner deadet dy't him oanfalt. Neitiid moetsje se op 'e nij Dolimah, dy't harren efternei kommen is om't bekend wurden is dat sy de jonges befrijd hat en se bang is dat har eigen folk har dêrfoar wat oandwaan sil. Tsjin 'e ein fan 'e tocht beslút se lykwols dochs wer nei hûs werom te kearen. Se docht dat nachts, sûnder ôfskie te nimmen, om 'e jonges net foar it dilemma te stellen oft se har thúsbringe of allinnich gean litte moatte.
Nettsjinsteande de fijannige hâlding fan 'e ynlânske befolking en it tichte oerwâld mei syn hûndertenien gefaren witte de fjouwer jonges úteinlik feilich en wol Bantam te berikken. Dêr docht bliken dat ek harren skipsmaten dêr ûnderwilens arrivearre binne. Rolf bliuwt by syn omke Bontekoe, wylst Hajo, Padde en Harmen skipgeane op 'e Nieuw-Zeeland foar de weromreis nei Jeropa. Dat skip set op 8 maart 1620 ôf en berikt op 28 desimber fan dat jier nei in foarspoedige reis de haven fan Flissingen. Mei in jol berikke de jonges Doardt, mar om't it winter is moatte Hajo en Harmen dêrwei de rest fan 'e reis nei Hoarn reedridend folbringe, wylst se Padde en harren eigendommen op in slide efter harren oan slepe. It lêste stik kinne se yn in troch hynders lutsen reau meiride, en sa komme se nei harren grutte aventoer úteinlik feilich en wol wer thús.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Scheepsjongens van Bontekoe waard yn 2015 ûnder de titel De Skipsjonges fan Bontekoe yn it Frysk oerset troch Anne Tjerk Popkema, dy't earder ek al de fertalings De Hobbit, fan Tolkien, en Mearkes fan Grimm makke hie. De Skipsjonges fan Bontekoe waard útbrocht by Utjouwerij Regaad te Grins, en waard mei mooglik makke troch finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân, it Pot-Cuperus Fûns, de Stichting Kristlik Frysk Folksboek, de Boersma-Adema Stichting, it Feitsma Fûûns fwar it Frysk en de Douwe Kalma Stifting. Popkema makke foar syn oersetting as basistekst gebrûk fan 'e 33e printinge fan De Scheepsjongens van Bontekoe, út 2011. De fertaling waard fergniske mei yllustraasjes fan Roelof Wijtsma. De boekfersoarging wie yn 'e hannen fan Peter Boersma, it printwurk waard dien troch Het Grafisch Huis en it bynwurk wie fan Abbringh.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- as stripferhaal
- De Scheepsjongens van Bontekoe, in stripferhaal fan striptekener Piet Wijn en tekstskriuwer Hans Jacobs, dat ein 1950-er jierren ferskynde yn Het Vrije Volk.
- as lústerboek op 'e tillefyzje
- It boek waard ein 1960-er jierren foarlêzen op 'e Nederlânske tillefyzje troch akteur Coen Flink, yn in lange rige ôfleverings fan elts in kertier.
- as film
- De Scheepjongens van Bontekoe, in Nederlânske film út 2007 ûnder rezjy fan Steven de Jong.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|