Roger Taylor (Queen)
Roger Taylor (Queen) | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Roger Taylor yn 2017 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roger Meddows Taylor | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 26 july 1949 | |
berteplak | King's Lynn | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Hardrock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | drums | |
grutste hit(s) | Bohemian Rhapsody, Somebody to Love, We Will Rock You, We Are the Champions, Crazy Little Thing Called Love, Under Pressure, Radio Ga Ga, I Want to Break Free | |
jierren aktyf | 1968 – No |
Roger Meddows Taylor OBE (King's Lynn 26 july 1949) is in Ingelsk drummer. Hy is bekend as de oprjochter en drummer fan Queen. Taylor en syn mei-bandleden fan Queen waarden yn 2001 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Roger Taylor is de heit fan drummer Rufus Taylor
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1968 kaam drummer Roger Taylor by de troch Brian May en Tim Staffell oprjochte band Smile. Dizze band bestie mar twa jier, fan 1968 oant 1970. Neidat Smile ophâlden wie sette Roger Taylor mei gitarist Brian May in nije band op, in sjonger waard fûn yn de persoan fan Farrokh Bulsara dy't himsels letter Freddie Mercury neamde en ek de betinker is fan de bandnamme Queen. In bassist wie dreger te finen mar yn 1971 waard John Deacon de bassist fan Queen. Yn 1977 gie Taylor al solo as projekt neist Queen. Taylor syn earste solo-album Fun in Space kaam yn 1981 út.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roger Taylor waard berne yn King's Lynn, Norfolk, Ingelân, as jongste yn in gesin fan twa. Taylor is twa kear boaske en hat fiif bern út trije relaasjes.