Springe nei ynhâld

Veenendaal

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jul 2022 om 20.07 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (minus leech kopke)
Veenendaal

Utsjoch oer Veenendaal
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Gert-Jan Kats (partijleas)
sifers en geografy
haadplak
ynwennertal 67.748 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 3481 / km²
oerflak 19,72 km²
● wêrfan lân 19,46 km²
● wêrfan wetter 0,26 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren ,
Veenendaalline
skiednis
oprjochte 1795
oar
netnûmer 0318
postkoade 3900 - 3907
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.veenendaal.nl
Topografyske gemeentekaart fan Veenendaal

Veenendaal (Lûdsfragmint útspraak; pleatslik ek wol: 't Veen) is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert oan de râne fan de Utertske Heuvelrêch yn de Gelderske Fallei. De gemeente hat 67.748 ynwenners (31 jannewaris 2022) en is neffens ynwennertal it tredgrutte plak yn de provinsje Utert, nei Utert en Amersfoart.

De gemeente Veenendaal wurket gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Ede, Barneveld, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude gear yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.

Skiednis

De namme Veenendaal betsjut "delling yn it fean". Yn de Gelderske Fallei noardlik fan Rhenen hat foar in lange tiid in sompich feangea west, ek wol de Rhenenske of Stiftske Feanen neamd. Dat fean ûntstie oan de ein fan de lêste isstiid as gefolch fan de minne wetterôffier yn it gebiet. Oan 'e ein fan de midsiuwen ferfong turf hout hieltyd mear as brânstof. Fan 1430 ôf waard yn it gebiet it fean oanmakke. Foar in gaadlike ôffier fan de turf waard oan 'e ein fan de fyftjinde iuw de grêft Bisschop Davidsgrift útgroeven. It feangebiet lei beide yn it Stift Utert en it hartochdom Gelre. Fanwegen strideraasjes tusken de twa partijen kaam it oanmeitsjen faai te stean en fersâne de grêft. Doe't Karel V ek lânshear oer Gelre waard, waard de feanterij fannijs oppakt.

Dêrnei ûntstie bebouwing by De Grift en guon sydtakken del. Ien fan dy sydtakken rûn by in sânheuvel, in lytse driuwwâl del. Dêr waard yn 1566 in tsjerke boud. Sa stadichoan waard ûntstie in iesdoarp mei lintbebouwing, dochs noch hieltyd ferdield oer twa provinsjes. Der wie in Utertsk (Stiftsk) Veenendaal en in Geldersk Veenendaal. Stiftsk Veenendaal foel, lykas Renswoude ûnder Rhenen, en it Gelderske part ûnder Ede. Yn 1637 stoar sa goed as gâns de befolking út oan in pestepidemy. Yn 1795 makken guon boargers fan Veennedaal gebrûk fan de sitewaasje dy't ûntstie nei it ynfallen fan Frânske legers en rjochtsje in eigen gemeente op, dus selsstannich fan rhenen en Ede. Lang om let waard allinnich it Stiftske part selsstannich, mei doe noch goed 1900 ynwenners.

Doe't it fean yn de santjinde iuw alhiel oanmakke wie, bruts der in snuorje fan stilstân oan. By de meganisaasje yn de njoggentjinde iuw brocht mear beweging. De wolyndustry, troch de hoemannichte skieppehâlders yn de Gelderske Fallei, kaam doe op gong allyk de tekstyl- en sigare-yndustry. De yndustrialissasje kaam op gong yn Veenendaal, en dêrtroch waarden de Grift en oare feankanalen tichtsmiten. Dêrtroch ûntstie in breed strjittepatroan. Op 5 maart 1855 bruts de Grebbedyk by Rhenen troch en strûpte gâns Veenendaal ûnder wetter. De measte mminsken ferskûlden harren yn de heger lizzende tsjerke oan de merkplein. Om't Veenendaal ien fan de leechste plakken fan de Gelderske Fallei is, stie it wetter dêr reedlik heech. De minsken waarden mei skûtsje en dêrnei mei de trein nei Utert ta ferfierd. Neitiids joech kening Willem III in besite oan it troffen gebiet.

Yn de oanrin nei de Twadde Wrâldkriich wiene der yn augustus 1939 likernôch twatûzen Nederlânske soldaten legere yn en om Veenendaal. Nei de Dútske ynfal waard de befolking fan Veenendaal evakeuearre om't it doarp tichteby de Grebbeliny lei. Der wennen 22 Joaden yn Veenendaal. Tolve fan harren kamen om yn konsintraasjekampen.

Veenendaal wie de lêste gemeente op it fêstelân fan Nederlân dy't befrijd waard. Nei de Dútske oerjefte bleaune ynearsten de yn Veenendal legere Nederlânske en Dútske SS'ers oan it haad stean. Op 7 maaie kamen ferskate leden fan de Binnenlânske Striidkrêften te sjen om de boel yn 'e gaten te hâlden, mar kamen telâne yn in fjoerfjochterij mei in groep SS'ers. Trije BS'ers kamne om.In dei letter lutsen Alliearde soldaten nei it doarp, dochs moasten harren weromlûke nei guon skermutselings. Veenendaal waard pas befrijd op 9 maaie doe't ferskate Alliearde shermantanks en pantserreauwen it doarp ynrieden. Om in brêge by de Kerkewijk opblaasd wie, waard súdlik Veenendaal de folgjende dei befrijd.

Yn 1960 waard Geldersk Veenendaal troch in grinskorreksje by Stiftsk Veenendaal foege. tagelyk waarden der stikken fan Rhenen en Renswoude anneksearre. Dêrtroch ûntstie in gemeente mei in oerflak fan krapoan 18 km² mei 23.000 ynwenners. Dêrnei woeks it ynwennertal yn fjirtich jier ta mear as 63.000 minsken. Dat kaam troch de bou fan de wiken Dragonder, Petenbos en west. Yn 1998 waard der fannijs in stik fan de Gelderske gemeente Ede by Veenendaal foege om it bouen fan wenwiken yn Veennedaal-East (Buurtstede, 'Groenpoort en Veenderij) mooglik te meitsjen. Sa is it mooglik en waaks troch nei 70.000 ynwenners. Yn 1997 wie Veenendaal de grienste stêd fan Jeropa.

Veenendaal wie yn 2000 en 2020 de Fytsstêd fan Nederlân. Yn 2004 waard de priis foar de grienste stêd fan Nederlân oan Veenendaal útrikke en yn 2013 wûn it plak de Nationale Citymarketing Award foar middelgrutte gemeenten.

Yn 2012 besochten de doetiidske keninginne Beatrix en har famylje Veenendaal en Rhenen op Keninginnedei.

Geografy

Alde Tsjerke
Veenendaal
Veenendaal mei de Utertske Heuvelrêch op de eftergrûn
Mûne De Vriendschap

Lizzing

Veenendaal leit yn it easten fan de provinsje Utert tsjin de grins fan Gelderlân oan. It plak leit likernôch 30 km fan Utert, Arnhim en Amersfoart ôf.

De gemeente Veenendaal wurdt begrinzge troch, mei de klok mei, yn it noarden oan Renswoude, yn it easten oan Ede, yn it suden oan Rhenen en yn it westen oan de gemeente Utertske Heuvelrêch.

Wiken

Sintrum
Wurdt pleatslik 't Dorp (it doarp) neamd.
Buerten: Koopcentrum, Vijgendam, Schrijverswijk
Noordoost
Buerten: Dragonder-Noard, Dragonder-Súd, De Compagnie-East, Spitsbergen, Dragonder-East en Veenendaal-East.
Zuidoost
Buerten: Engelenburg, Het Ambacht, Boslaan e.o., Petenbos-West, Ptenbos-East, Nijverkamp, De Groene Velden, De Blauwe Hel en Bezuiden de Middelbuurtseweg.
Zuidwest
Buerten: 't Goeie Spoor e.o., Franse Gat, Salamander en Nieuw-Salamander.
Noordwest
Buerten: Molenbrug, 't Hoorntje, De Pol, De Gelderse Blom, De Compagnie en De Batterijen.
West
Buerten: Oudeveen en De Schans e.o., Componistenbuurt, Vogelbuurt, Schepenbuurt, Dichtersbuurt, De Faktorij en De Vendel, Fort Buurtsteeg en Bezuiden de Dijkstraat..

Befolking

Befolkingsûntjouwing

1942 1945 1950 1960 1970 1980 1990 2000 2010 2020
12.499 13.296 14.317 23.305 29.637 39.210 48.343 59.875 62.053 66.493

Religy

Veenendaal leit yn de Nederlânske Bibelgurdle en is, mank Kampen en Ede , ien fan de grutte plakken mei in reedlik grut tal, alhoewol net de mearderheid stimmers op de SGP en oare kristlike partijen. Der steane lykwols ek twa moskeeën yn it plak.

It besjen wurdich

  • Alde Tsjerke (Markt)
  • Stellingnôtmûne De Nieuwe Molen
  • Stellingnôtmûne De Vriendschap
  • Restaurant De Markt (Markt 7) yn Jugendstil
  • Frisia-villa (Kerkewijk 8)

Keppeling om utens

Commons Commons: Veenendaal – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side.

Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje